Dichter fan Fryslân 2017 / 2019
(Nov. 17) Moai ferrast en knap optein. Dichter fan Fryslân, de sjuery (Tamara Schoppert, Obe Alkema en Peter van Lier) hat kediisd en beslist, net allinnich oer it gedicht ‘Under de steden’, mar likegoed ek oer de plannen dy’t ik foar de ynfolling fan dat dichterskip yntsjinne haw. Dêr draai en slinger oan te jaan, dat is de útdaging, de keunst.
Foarop stiet it plezier, it plezier fan it meitsjen, it plezier fan de tekst, it plezier fan de wurden. Yn it meitsjen bin ik myn wurden. Mids jannewaris is de presintaasje fan it earste DfF-gedicht, op in bysûndere wize en op in bysûnder plak, yn Ljouwert. Sjoch fierders de website Dichter fan Fryslân en de facebooksite mei deselde namme. Leve de poëzy, leve de taal, leve it Frysk ek.
(Parseberjocht provinsje Fryslân) – Eeltsje Hettinga is keazen as de alderearste Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Hy wûn de ferkiezing mei it fers ‘Under de steden’. Deputearre Sietske Poepjes beneamt de Dichter fan Fryslân op 24 novimber yn de Herman Gorterkerk te Balk.
As Dichter fan Fryslân is Hettinga de kommende twa jier poëtysk ambassadeur. Hy skriuwt seis oant tsien gedichten jiers, leafst ynspirearre troch opfallende en aktuele saken yn de provinsje. De Dichter fan Fryslân kriget dêr in fêste fergoeding foar fan € 2.500,- jiers en € 250,- foar elk gedicht. De sjuery bestie út Obe Alkema, Peter van Lier en Tamara Schoppert.
Eeltsje Hettinga
Eeltsje Hettinga (1955) is skriuwer, dichter en sjoernalist. Hy publisearre fiif poëzybondels. Syn debút ‘Akten fan Winter’ (1998) waard bekroand mei de trijejierlikse Fedde Schurerpriis fan de provinsje Fryslân. Foar syn poëzy krige er fjouwer kear de Rely Jorritsmapriis. Syn bondel ‘Ikader’ waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013. Yn ‘e mande mei fideokeunstner Lotte Middendorp makke Hettinga it poëzyprojekt ‘It Font’ dat yn 2016 te sjen wie yn Museum Belvédère en it Fries Museum.
It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy.
.
Under de steden
Fannacht ferve in snijen alle klokken wyt.
Kaaien en fabriken, pleinen en skippen,
alles lei te sliepen.
Dêr’t ik omdangele, heal yn mysels ferrûn,
seach ik yn blau lantearneljocht
in heit, in broer en
it jachtsjen fan har skaden,
swart as de hynsters dy’t har ienris
troch liet en lichem draafden.
Ticht leine alle fivers en grêften
ûnder de winterhimel, in sark.
Njonken de Blokhúspoart stie ik as in muorre.
By de sonoare klanken fan in lege saks
blafte in hûn in kâlde ûnrêst.
Fierderop kaam in skip fan syn kaaien los,
briek mei geweld
troch it kreakjende iis,
ferswevend ûnder nacht syn steden.
Ik seach de skaden fan in heit, in broer,
in ferdwinen yn in hielal, sûnder tekens.
Fan alle wei en wegen bin ik
de ferlitten stêd, mei wenten en winkels en
in gerjochtsgebou, sûnder finsters.
Njonken de Blokhúspoart stie ik as in muorre.