Dichter fan Fryslân, gjin slippedrager. I

(Aug. 2017) –

Wa wurdt foar de kommende twa jier Dichter fan Fryslân? It trijemanskip Tamara Schoppert, Obe Alkema en Peter van Lier draacht dizze hjerst in definitive kandidaat foar. De dichter wurdt beneamd troch de provinsje. Oan de kompetinsje fan dizze sjueryleden – stik foar stik saakkundich op it terrein fan (Fryske) poëzy, literatuer en kultuer – mankearret it him net.

Tamara Schoppert, aktrise en regisseur by Tryater, makke koartby de meartalige teäterfoarstelling Karawane, in taalstik, basearre op teksten fan de grutte Dútske Dada-dichter Hugo Ball, dêr’t bytiden ‘ûngewoan’ goede poëzy, ek Frysktalige, yn nei foaren komt.

Obe Alkema, dichter en poëzykritikus by NRC-Handelsblad, fage yn it Frysk literêre tydskrift Ensafh de flier oan mei it lytsboargerlike ‘Mienisme’ fan skriuwer Meindert Reitsma, sa’t Alkema yn datselde Ensafh ôfweve mei de bombastyske poëzy fan Abe de Vries.

Peter van Lier, dichter en essayist – hy joech earder by Van Oorschot út en jout dizze hjerst by Poëziecentrum yn Gint in nije essaybondel yn it ljocht – wennet yn Marrum en folget de Frysktalige poëzy.

De sjuery foarmet boppedat in ôfwoegen gearstalling foar wa’t de meartaligens fan Fryslân yn acht nimt. It hoecht dus ek net sa te wêzen dat it perfoarst in Frysktalige dichter is dy’t it provinsjedichterskip syn slinger jout.

Abe de Vries skriuwt poep as er oer dizze sjuery seit dat se net saakkundich is. By Omrop Fryslân wie syn smeulske sizzen: ,,Schoppert, bêste aktrise, mar wit neat fan poëzy. Alkema, bêste jonge, mar skriuwt noch ûnbegrypliker as Anne Feddema. En Van Lier, foarút, Van Lier.”

Planút bekrompen is De Vries as er stelt dat in sjuerylid yn dizzen pas goed oardielje kin as dy ek Frysktalige poëzy skriuwt.

In sjuery beslist,
net de deputearre 

Kultuerdeputearre Sietske Poepjes is fan betinken dat amateur-dichters ek op de funksje fan Dichter fan Fryslân dwaan kinne. Poepjes wol in dichter foar it folk. Bah! Ek dêryn lit de deputearre sjen dat se de Fryske fariant leveret op it abjekt nasjonaal populisme fan har CDA-baas, Sybrand Buma.

Twa jier ferlyn by de útrikking fan de lêste Gerrit Benner-priis rûnen tal fan minsken it Frysk Museum út fanwegen Poepjes har sjauvinistysk prytpraat. In protte fan har útspraken, bygelyks dy oer de saneamde typysk Fryske eigenskippen – ‘wy Friezen binne balstjurrich, wy binne oars as oars’ – kinne werombrocht wurde nei provinsjale notysjes lykas Nocht oan de takomst / Zin in de toekomst, dy’t ûnder mear basearre is op it folksnasjonalistyske rapport Fan de Minsken en de Grûn.

In goede provinsjedichter is nimmen’s slippedrager, alhielendal net fan de polityk. Mei de foarm c.q. de ynhâld fan it provinsjedichterskip moat de polityk him net bemuoie. Dêrfoar is in sjuery oansteld. Dy beslist wa’t Dichter fan Fryslân wurdt, en net de deputearre.

Dy sjuery is literêr genôch ûnderlein om te sjen wat in provinsjedichter as ambassadeur fan de poëzy yn hûs ha moat: kasjet, talint, profesjonaliteit, ûnôfhinklikheid en alluere, kwaliteiten sa’t dy nei foaren komme by de hjoeddeiske Dichter des Vaderlands Ester Naomi Perquin en by har eardere foargongers Anne Vegter en Ramsey Nasr..

Skriuwer-dichter (docht net oan de ferkiezings mei) in Ljouwert.