Driemaal Bram Bogart (1921-2012) – Tabula Rasa
(29-10) RELIEF –
Onder bergen verf, zand en cement, o, sauvage, sauvage,
heeft de schilder de schilder nagenoeg opgedoekt,
de ruimte teruggebracht tot stof en leegte: bloemrijk,
in steen bestorven landschap voorbij het uur van
een zon ontploft, (dag, dag, mijnheertje Van Gogh, dag).
Hard als het naakte begin van de wereld is het licht,
knipogend tussen graniet het rondsluipende groen
zoals vanuit het niets schepping een vlucht vindt.
.
@Eeltsje Hettinga
Vert: Elske Schotanus
.
RELIEF
By in skilderij fan Bram Bogart (1921-2012),
útstalling “Tabula rasa”, Beetstersweach, 2018
Mei bergen ferve, sân en semint, o, sauvage, sauvage,
hat de skilder de skilder praktyskwei farwol sein,
de romte werombrocht ta stof en leechte: blomryk,
yn stien bestjurre lânskip foarby de oere fan in sinne
ûntploft, (dàch, dàch, mynhearke Van Gogh, dàch.)
Hurd as it baar begjin fan de weareld is it ljocht,
knypeagjend tusken granytstien it omslûpende grien
sa’t altemets út it neat wei skepping syn flecht fynt.
@Eeltsje Hettinga
RELIEF
After a painting of Bram Bogart (1921-2012)
at the exhibition “Tabula Rasa”, Beetsterzwaag, 2018
With mountains of paint, sand and cement,
sauvage, sauvage, the painter has almost kissed
the painter goodbye, space reduced to matter
and emptiness: a flowery landscape set in stone
beyond the hour of the sun’s explosion (bye-bye, Vincent,
bye). Light as hard as the world’s naked beginnings,
with a creeping green blinking between the granite
like creativity emerging from nothing to take flight.
.
@Eeltsje Hettinga
Translation: David Colmer
===========
De earste oansetten ta it gedicht ‘Reliëf’, ornearre foar de útstalling Tabula rasa op ‘e Sweach kamen op papier op in augustus doe’t de sinne heal út it fel sprong. Lykwols, noflik wie it skriuwen yn it skaad fan de liguster, hjir achter hûs.
Myn oantekeningen meitsje ik meast mei in swarte Marker-filtstift, geryflik ark, al wie it mar omdat de beweging fan de hân oer it papier oars is as it tikjen fan fingers op in toetsebuord, sterker: it is as wol it wurd sels better (op) komme.
Stadichwei waard it skimer, flearmûskes tommelen oer de liguster, autolûd sûze hoar de Lodewykstrjitte oer. Yn de doar foel ik yn sliep by oargelmuzyk fan Bach, deselde muzyk dy’t ik ein july heard hie yn de Grutte Tsjerke doe’t Theo Jellema de pûsters trape.
It papier mei de oansetten ta it gedicht lei noch op de tegels doe’t ik wekker waard. It miggele lichtsjes. Glysterspoaren fan slakken hiene fikse gatten en skuorren yn it papier lutsen. Iters fan planten of fleis, it sil sa wêze, mar dat slakken it op poëzy foarsjoen ha, dat wie my nij. Fan de wurden en rigels sels wie net folle mear oer.
By it dochs al ûnmooglike hânskrift dat ik haw, kaam it gehiel lykwols in moai ein de rjochting út fan it ûnderwerp leechte, ien fan de tema’s by de kommende Tabula Rasa-útstalling op ‘e Sweach.
By dizzen de earste twa rigels fan it langere, by in wurk fan de Nederlânsk-Flaamske skilder Bram Bogart skreaune fers:
.
RELIEF
Mei bergen ferve, sân en semint, o, sauvage, sauvage,
hat de skilder de skilder praktyskwei farwol sein (….)
Onder bergen verf, zand en cement, o sauvage, sauvage,
heeft de schilder de schilder nagenoeg opgedoekt (…)
.
Expo TABULA RASA / SKJIN LAAI:
Een combinatie van beeldende kunst en dichtkunst met leegte in woord en beeld als onderwerp. Er is werk te zien van Armando, Harmen Abma, Bernard Aubertin, Sies Bleeker, Marije Bouman, Albert Oost, Zoltin Peeter, Jan Schoonhoven, Kaneli & Smit, e.a.
Projectruimte Hoofdstraat 17, Hoofdstraat 17, 9244 CL , Beetsterzwaag, Nederland,
14 okt. 2018 tot en met 16 dec. 2018.