Durk docht Dútslân, of de reis nei Sint Juttemis

‘It leit noch hieltyd by in útjouwer yn Oldenburg en hat noch net it Dútse ljocht sjoen,’ skreau oersetter Jantsje Post op Facebook oer it nei it Dútsk oerbrochte boek Reis nei de Kalkman fan Durk van der Ploeg. De opmerking hie yndirekt te meitsjen mei de kostlike kollum ‘En Durk, hij ploegde voort’ fan Marga Claus, dêr’t se ûnder mear yn bekent dat se sûnt 2003 neat mear lêzen hat fan ‘ien fan de meast produktive skriuwers fan Fryslân’.

Boeken

Van der Ploeg dreamt neffens Claus noch altyd fan in folslein Frysktalige krante, mei resinsinten dy’t werklik syn drege, fan iensumens, oarloch en lânskipsleafde droegene romans begripe soene en allyksa dreamt Van der Ploeg fan de tiid dat lanlike kranten Frysktalige boeken besprutsen. ‘In kanjer út de oertiid,’ neamt Claus de man, dy’t dei yn, dei út op syn tikmasyntsje omslacht, wylst de wrâld fan ynternet, Facebook en oare digitale fernimstichheden oan him foarbygiet. Underwilens jout de âlde (skoal)master syn jongere kollega-skriuwers gâns smeulsk te kennen dat, en ik sitearje Claus, ‘Fryske skriuwers folle mear oer de grinzen lêze moatte soene. Dêr falt in soad te learen!’

‘Noch net’

Hoe fergiet it Durk van der Ploeg yn it bûtenlân, de skriuwer dy’t yn 2011 de Gysbert Japicxpriis krige? Deputearre Jannewietske de Vries joech him op it Boalserter stedhûs tsientûzen euro op ’t hantsje. De helte fan dat bedrach wie ornearre, sa hie it kolleezje fan DS besletten, foar in oersetting fan in titel út it oeuvre fan de bekroande skriuwer. ‘In oersetting is in moai middel,’ sei De Vries, ‘om lêzers yn oare parten as Fryslân yn de kunde komme te litten mei ús Gysbert Japicxpriis-winner.’

Yn oerlis mei Van der Ploeg waard foar in Dútske oersetting fan Reis nei de Kalkman keazen. Mar fjouwer jier letter is it dus “noch net” yn kalk(man) en semint, of sa’t Jantsje Post –  tegearre mei Ulrike Oltman tekene se foar de oersetting – it op Facebook stelde: ‘It [boek] hat noch net it Dútse ljocht sjoen.’ Treurichheid troef, dus. De fraach is: Hoe kin soks? Wat en wêr is it mis gien en wêrom?

reis nei de kalkmanIt soe de baas wêze en set in betelle (sjoernalistike) opdracht út om nei te rinnen wêrom’t it mear as fjouwer jier duorret eardat in boek as ‘De Kalkman’ mooglik op de bûtenlânske merk ferskynt. Besjoch yn dat ûndersyk de rol fan de provinsje, de útjouwers, de (literêre) media, de skriuwer sels, de ynstânsjes dy’t besteld binne mei it befoarderjen fan de Frysktalige literatuer en oare relevante fjildaktoaren. Set dan fierders op in rychje wat de folsleine operaasje DDD – Durk docht Dútslân – kostet, ynbegrepen marketing en p.r., en lit de hiele brut in kasus ter learinge (ende waerscheynlick ek ter vermaeck) wêze foar dat wat noch oerset wurde moat of dat al wêze moatten hie foar de Nederlânske of bûtenlânske merk.

Ynflatoar

Utsein in tal relatyf lytse súksessen mei romans as Yn Adam’s harnas (‘In Adams harnas’) fan Anne Wadman, Tin iis (‘Gevaarlijk ijs’) fan Tiny Mulder en Piksjitte op Snyp (‘Kikkerjaren’) fan Josse de Haan hawwe der yn de lêste trije desennia gjin mei de Gysbert bekroande proazaskriuwers west dy’t deryn slaggen om de stjerren fan de Nederlânske of bûtenlânske boekehimel te riden. (Ik haw it hjir net oer de Frysktalige dichters, want dat leit oars.) Fan datoangeande is de Gysbert Japicxspriis as heechste literêre priis yn Fryslân sa geandewei de jierren in ynflatoare oangelegenheid wurden.

einum_screenshot_sunder_swarte_balke_500x281
Froon Akker

Net allinnich ‘De Kalkman’ fan Van der Ploeg, ek in mear resinte, yn it Nederlânsk oersette roman as Einum fan Froon Akker [Koos Tiemersma] is nearne te bekennen as it om it winnen fan in literatuerromte oer ‘e Dyk giet. Fan dit lêste, mei de ‘Gysbert’ bekroande boek gjin besprekken yn Nederlânske kranten (Volkskrant, Parool, NRC), lit stean Flaamske, gjin plak op in list fan de Libris-, Ako- of Borderwijkpriis, gjin omtinken yn in programma as ‘Boeken’ fan de VPRO of NPO, ensafuorthinne. Hielendal nix.

Dat, hoe sit it no mei al dy Gysberteske, der altyd wakker op lykjende sjueryrapporten dy’t alderlei assosjaasjes oan de wrâldliteratuer dogge, wylst yn de praktyk bliken docht dat de bekroande proazawurken sels noait of amperoan de wrâld bûten Fryslân berikke, en de skriuwers yn kwestje wrâldferneamd bliuwe tusken Burgum en Wommels?

.

EH@