Durk van der Ploeg – ‘Kultuer hat hjir ’t ûnthâld ferlern.’ (1) – Stimmen

it libertynsk gehuchtWy sille ferhalen
fertelle dy’t de mûle fan de deade ús neilitten
hat as wazem fan in deade mûle op in spegel.
De beklomming dêr’t nea in ein oan komt.

Dat binne de lêste fjouwer rigels út it gedicht ‘Ferhalen en gjin ein’ fan skriuwer, dichter en essayist Durk van der Ploeg, dy’t ferline wike de Gysbert Japicxspriis 2011 taskikt waard. It fers is te finen yn de poëzybondel Troch kadastrale fjilden (2003), dy’t útein set mei in as motto opfierd gedicht fan Alberto Caeiro, ien fan de heteronimen fan de Portugeeske dichter Fernando Pessoa.

‘Hela, hoeder fan keppels,
Dêr oan ’e kant fan de wei,
Wat seit dy de wyn dy’t waait?’

‘Dat er de wyn is en dat er waait,
En dat er hjir earder waaid hat,
En dat er hjir wer waaie sil,
En dy, wat seit er dy?’

‘My seit er folle mear.
My sprekt er fan alderlei dingen.
Fan oantinkens en langsten
En fan dingen dy’t noait west ha.’

‘Do hast de wyn noait waaien heard.
De wyn sprekt inkeld fan de wyn.
Watsto him sizzen heardest wie in leagen,
En de leagen is yn dy.’

Van der Ploeg sil it benammen gien wêze om it twadde part fan dit twapetear, om de oantinkens, de ferlangens en ferbylding, of sis: om datjinge wat, metafysysk bepaald as it is, boppe sinnen en werklikheid út giet. Yn it gedicht ‘It noarderlân’ (s. 39) seit de dichter, waans tinken in yn essinsje kristlik Platoanysk wrâldbyld beslacht, der ûnder oare dit fan:

Mar wat ik sjoch is net it wiere wêzen.
Kultuer hat hjir ’t ûnthâld ferlern.
En om te sjen it jout gjin fierten mear mar
Grinzen oan de leechten dy’t ik ferlear.

De ferteller dy’t Van der Ploeg is, – yn syn histoaryske romans fan it ôfrûne desennium hat er him ûntjûn ta de kronikeur fan in kollektyf ûnthâld – krijt yn de bondel Troch kadastrale fjilden benammen syn gerak yn de epyske, breed opsette gedichten yn de ôfdieling ‘De lânmjitter’, in skift dat út sân, as triptyk opsette sykly bestiet wêrfan’t elk ôfsûnderlik gedicht opboud is út trije strofen fan elk sân rigels. De fersen dogge yn taal en foarm oan it strak trochkomponearre wurk fan de dichter Tsjêbbe Hettinga tinken. Lit my datoangeande dizze strofe nimme, te finen yn it lêste part fan it trijelûk ‘It punt fan Archimedes’ (s.18-20):

Yn ‘e sigen fan saloondoarren dronk ik it kâldste bier nei’t
Ik nachtenlang yn kelders kooks ried nei it fjoerplak, lykas
Faulkner die doe’t er As I lay dying skreau. Dagenlang
Tûmele ik wenstich mei in kop fol Dongeradielen yn de
Switterige spylhoalen fan New Mexico. Wat dreau my nei
Dizze ôfgrûn? Sykjend nei The American Dream harke ik oan
De ierde nei woartels dêr’t it kontinint oan bloeide en blette.

Yn it like lyryske as selebrale, mar soms, spitigernôch, justjes te swier oansette skift ‘De lânmjitter’, dat yn toan wat wei hat fan in lange elegy, wurdt it byld fan in yn earmoed ombodzjend folk yn de noardlike slyk- en blabzelânskippen fan Fryslân delset. Ut harren fermidden weakket him de ik-figuer los, dy’t yn syn leafde foar “it moderne libben” (s. 22) as in Jona de flecht oer de oseaan nimt en yn Amearika bedarret, om lang om let werom te kommen op it âlde stee. “De wei nei it omfierrens is de wei / Nei hûs. Wa’t thúskomt, siket wat ferlern gyng.” (s.29)

Oan de ein fan de syklus rjochtet de dichter him nochris ta syn, yn de twadde persoan meartal oansprutsen folk, dat er by al harren sykjen, winnen en behâld yn en fan harren skepping efterlit mei de oan Prediker ûntliende gedachte dat “it flotte feroarjende libben oeral itselde is.” It boek Prediker is by de reis en it aventoer fan de dichter sa-wie-sa ien fan de grutte leitmotiven, of sa’t it yn it trijelûk ‘It lân fan de deaden’ hjit:

(…)
Alles giet nei itselde plak; alles is út stof wurden en alles
Keart ta stof werom. Gean de siken fan in minske nei boppen
En dy fan it fee nei ûnderen? Deadlingen antwurdzje my!

De drok bespegeljende fersen yn ‘De Lânmjitter’ hâlde it perspektyf oan fan in tema dat net allinne bepalend is foar de rest fan Troch kadastrale fjilden, mar ta in hichte ek foar Durk van der Ploeg syn folsleine skriuwerskip, te witten: Wat bliuwt der oer fan al it skreppen fan de minske yn en om syn skepping hinne? By it antwurd op dy fraach teart him in wrâldbyld iepen, dat net botte fleurich is. Tiid en minske binne tekene fan iensumens, wredens en ferfal, elk giet ienlik syn/har wegen, allinnich ûnder in fan (eksistinsjele) twivel teskuorde paraplots. Wat (de dichter) bliuwt, is it ûnthâld oan dat wat wie en west hat, konkreet: oan minske en kultuer, in gegeven dêr’t Van der Ploeg mei in fariant op Obe Postma syn adagium ‘It sil bestean’ yn it fers ‘It sil wêze’ (s. 33) it neifolgjende fan seit:

(…)

Wat moat ik yn dizze wrâld
Sûnder ferline, sûnder Efterlân, sûnder it ivige fan de see.
Ik soe gjin fragen ha dy’t it bestean fan tel
Ta tel rjochtfeardigje. Mominten dy’t
Leechstreame yn it ferjitten bestien te hawwen.
Wat moat ik sûnder stilte, sûnder driging,
Sûnder de ôfgrûn fan iensumens,
Sûnder de rop om help,
Sûnder in swijend hymjen nei leafde.

Alles wat ik bin wachtet yn ’t ûnthâld,
Op wat ik my tebinnenbring.
Elke stap foarút heakket yn de foargeande.

Hoewol’t Troch kadastrale fjilden net oer de hiele liny de sterkte fan it klassyk-moderne skift ‘De Lânmjitter’ hat – mei in strangere seleksje hie de skriuwer it hjir en dêr mingelwurkachtige karakter fan de skiften ‘De Nesser Treppen’ en ‘Oanswettend’ tefoaren komme kinnen – dochs foarmet dizze belangrike en yn de resepsje spitigernôch fierhinne ferûnachtsume bondel ien fan de hichtepunten yn it oeuvre fan Durk van der Ploeg.

18-poems-dylan-thomasLykas skreaun, de syklus ‘De Lânmjitter’ docht tinken oan it wurk fan de dichter Tsjêbbe Hettinga, waans wurk op syn bar wer in soad wei hat fan dat fan de dichter Dylan Thomas (1914-1953). De poëzy fan de Welske bard en wurdsmid hat yn de Fryske literatuer relatyf âlde papieren. Yn it tydskrift De Tsjerne bygelyks wie yn 1961 al de oersetting te lêzen fan it gedicht A Winter’s Tale (1945), in ferfrysking troch Douwe Tamminga dat de titel In winterforhael meikrige. Yn it earstkommende nûmer fan de Moanne kom ik werom op de ynfloed dy’t de poëzy fan ûnder oaren (!) Dylan Thomas hân hat op Van der Ploeg syn twadde, út 1964 datearjende dichtbondel It libertynsk gehucht, besteand út trijentweintich gedichten dy’t, begjin 1964, as in apart nûmer fan it literêre tydskrift De Tsjerne yn it ljocht jûn wienen. Hoe ticht Van der Ploeg yn taal en byld by it wurk fan Thomas stiet, docht wol bliken as de earste rigels fan it klassyk gedicht ‘Fern Hill’ neist dy út it iepeningsgedicht fan It libertynsk gehucht lein wurde:

Now as I was young and easy under the apple boughs
About the lilting house and happy as the grass was green,
The night above the dingle starry,
Time let me hail and climb
Golden in the heydays of his eyes,
(…)

De earste strofe fan it gedicht ‘Gedicht fan de frijheit’ yn Van der Ploeg syn bondel seit:

Doe’t ik in bern wie yn dyn hôven,
De simmer droech my oer de hichten,
Oer de hiemen, bylâns de koele stallen;
Ik roun as in harder it biggel nei.

Mar de earste strofe fan it gedicht “Liet fan de harder” liicht der yn dit stik fan saken fansels ek net om:

Hoe wie ik jong en bliid om it hûs
Op it Heech yn de blink fan it dal,
As simmers ûnder de apels it liet,
Helder it liet fan de hoeven klonk.

Boppesteand artikel is it earste part fan in trijelûk oer de dichter Durk van der Ploeg.

.