Een boek van wondere dingen, in Amnesty-blomlêzing mei wrâldpoëzy

Ein febrewaris ferskynde de mânske blomlêzing Een boek van wondere dingen, de tweintichste  dy’t Amnesty International Nederland sûnt 1983 yn it ljocht jûn hat. Yn goed 300 siden poëzy komt in lange optocht oan ynternasjonale dichters foarby dy’t harren útsprekke oer frijheid en ûnderdrukking. Bysûnder omtinken is der yn dizze blomlêzing foar minderheidstalen en lytse talen lykas it Hmong, Koerdisch, Maya, Tigrijns, Súd-Afrikaansk en it Frysk.

 

Gearstaller Daan Bronkhorst, sinolooch, oersetter en staflid fan de Nederlânske ôfdieling fan Amnesty International, hat mei Een boek van wondere dingen in tematysk ynrjochte antology makke dêr’t poëzy út ferskillende tiidrekken en yn ferskillende stilen yn garre is, en dêrby giet it om tema’s as wierheid en geheim, stilte en ferlies.

Tomas Tranströmer

Njonken gedichten fan hjoeddeiske Europeeske, Amearikaanske dichters hat Bronkhorst foar poëzy fan net-westerske dichters keazen en wurk út de âlde westerske, Persyske, Sineeske en Arabyske tradysje. Fierders is der yn dizze blomlêzing in soad omtinken foar minderheidstalen en lytse talen, ûnder mear foar it Hmong, Koerdisch, Maya, Tigrijns, Súd-Afrikaansk en it Frysk.

Fan dichteres Albertina Soepboer waard it gedicht ‘Het lichaam van de liefde’ út de bondel De Hengstenvrouw opnommen, in fers dat earder ferskynde yn har Frysktalige debútbondel Gearslach (1995). Sels haw ik in bydrage levere mei in ferfrysking fan it gedicht ‘Paret’ fan de Sweedske dichter Tomas Tranströmer, dêr’t de Nederlânske oersetting fan werom te finen is yn de troch dichter J. Bernlef gearstalde blomlêzing De herinneringen zien mij.

Bronkhorst lei by de seleksje de klam op it wurk fan dichters mei in achtergrûn as flechtling of migrant, mear yn it bysûnder op dy fan ‘voormalige gewetensgevangenen en van dichters die vervolgd of gepest vanwege hun seksuele geaardheid.’ It ûnderlizzende motyf by de ferskillende tema’s binne ‘de menselijke stilte en de menselijke betrekkingen en het menselijke tekort’.

Japan

It fenomeen stilte wurdt troch Bronkhorst ferbûn mei de tematyske haadstikken oer geheim en wierheid. ‘Stiltes hebben een politieke lading, bij voorbeeld als de vrijheid van meningsuiting in het geding is. Zoals de Chinese dichter Lu Xun in het gedicht ‘Opdracht’ schrijft:

Als je roep tot de wereld tegen jou wordt gekeerd,
voel je in je botten wat minachting vermag
hoor je in de leegte slechts geluid van papier.’

Ek al is der net eksplisyt socht nei politike gedichten, in protte fan de blomlêsde poëzy belanget faak de gefolgen oan dy’t polityk en polityk ûnderdrukking op it libben en bestean fan minsken hawwe.

Neist in parade oan grutte dichters – Baudelaire, Derek Wallcott, Samuel Beckett, W.H. Auden, Rilke, Szymborska, Elizabeth Bishop, Dylan Thomas, Cesare Pavese, Achmatova, Ingrid Jonker en folle net genôch – komt Bronkhorst ek mei in lange rige, my folslein ûnbekende ynternasjonale dichters.

Benammen it wurk fan in stik as wat Sineeske en Japanske dichters – ik neamde hjirboppe al dat fan Lu Xun – is in iepenbiering. Fan de Japanske dichteres Ono no Komachi,  (ca. 825-ca. 900), neffens de Bronkhorst de meast ferneamde dichters fan de waka, in fiifrigelich Japansk fers, is it neifolgjende teksten opnaam:

DRIE WAKA’S

Zo licht als ik werd
riet van zijn wortels gesneden
zou een stroom me vragen
of ik meekwam
dan deed ik dat, denk ik

Als mijn verlangen te heftig wordt
draag ik mijn beddegoed
binnenstebuiten
donker
als de bast van de nacht

Op mijn kussen verdwaal ik
tot achter op de zee
waar iemand onze namen
in witte wolkenflarden
aaneengeschreven heeft.

In dichter der’t ik wat langer by stilhalde wol, is Bernardo Ashetu, pseudonym fan Hendrik George fan Ommeren (1929-1982), ien fan de belangrykste Surinaamske dichters, fan wa’t Daan Bronkhorst it fers ‘Hersteld’ meinommen hat.

Dûbelspoaren yn de Surinaamske poëzy

Ashetu, soan fan in joadske mem en in kreoalske heit, fear lange tiid as markonist op see. Hy debutearre yn 1962 mei de by de Bezige Bij ferskynde bondel Yanacuna, dêr’t er him yn sjen lit as in grut lyrysk dichter, waans poëzy gâns oars wie as wat yn dy dagen gongber wie, te witten de striid(bere) gedichten.

Surinamist en heechlearaar West-Indische Letteren Michiel van Kempen naam yn de troch him gearstalde Spiegel van de Surinaamse poëzie (1995) in grutte rige gedichten fan Bernardo Ashetu op, fjirtjin yn tal, en by dy kar spile it feit dat Ashetu gjin boadskip hie oan alderhande (neo)nasjonalistyske net swak yn by.

Yn dat ramt wiist Van Kempen op wat er yn syn ynlieding ‘het dubbelspoor’ yn de Surinaamske poëzy neamt. Oan ‘e iene kant wie der yn de jierren sechtich it spoar fan ‘diepzinnigheid en taalsubtiliteit voor ware poëzielezers’ en oan ‘e oare kant it spoar fan ‘de oppervlakkigheid en taalsjabloons dat leidt naar de volksmassa.’

Dichters as Bernardo Ashetu, Michaël Slory of Kwame Dandillo woenen net kapitulearje foar ‘de eigen etnische boerenkapel of de Nederlandse fanfare’. Se dokteren har eigen, suver persoanlike wegen út. Van Kempen: ‘Wilde men de bekende – dat wil zeggen: de koloniale – versvormen niet klakkeloos overnemen, dan moest er hard gezocht worden naar een nieuwe vormentaal.’

Fan Ashetu syn poëzy, ta in hichte besibbe is oan dy fan Herman Gorter, Paul van Ostaijen en Hans Lodeizen, stalde Michiel van Kempen yn 2011 de blomlêzing Dat ik je liefheb gear. Yn dy lêste samling is ek it gedicht ‘Hersteld’ te finen, sa’t dat troch Daan Bronkhorst oernommen is yn de Amnesty-antology.

HERSTELD

Geheel hersteld van een langdurige
ziekte liep hij over een smalle weg
waar niets op was en niets omheen
was, een weg zonder einde. Hij dacht,
nu schuift de zon in deze zoete regen
want een parelende regen viel. Hij
dacht eraan dat nu z’n bloed op
was en dat over zijn gebeente be-
drieglijke meeuwen zouden heengaan
en verglijden.

De opbringst fan Een boek van wondere dingen – de titel is trouwens ûntliend oan A book of Luminous Things fan de Poalsk-Amearikaanske dichter Czeslaw Milosz – komt ta oan it wurk dat Amnesty foar de minskerjochten docht.
.

Een boek van wondere dingen
Amnesty International / Daan Bronkhorst
De Geus, Amsterdam 2018