Efter it tried – fideolêzing – Elske Schotanus

(04-05-2023) – De fideo-lêzing Efter it tried fan Elske Schotanus is in bewurking fan har ynliedende essay by de werútjefte fan it yn 1946 ferskynde Efter it tried, Kampsketsen út Amersfoort fan Häftling nû 10039.

Achter dy namme gie skriuwer, fersetsman en túnker Reimer van Tuinen (1916-2006) skûl. Yn har lêzing fertelt Schotanus oer har syktocht nei de ferhalen achter de fingearre nammen yn it boek, en dan giet it om Van Tuinen syn maten yn Kamp Amersfoort dy’t, oars as hysels, de oarloch net oerlibben.

Yn it boek wurde autobiografyske sketsen ôfwiksele mei seis gedichten, wêrûnder it lange, sprekkende gedicht ‘Transport nei Neuengamme (9 septimber 1944)’. Van Tuinen jout in yngeand byld fan it deistige libben yn de barakken. Der is it wachtsjen, it omhingjen, it sinleas wurk – lykas it meitsjen fan boartersguod – de appèls yn ‘it roazetún’, it beruchte tún dêr’t kampfinzenen bytiden, waar of gjin waar, dagen oanien delset waarden, sûnder iten en drinken.

Passaazjes oer dat soarte strafeksersysjes ûnder lieding fan de Dútske SS’er en plakferfangend kampkommandant Joseph Kotalla, oftewol de boal fan Amersfoart, treffe jin djip likegoed as de yngeande, op solidariteit boude kampfreonskippen.

Hjirûnder de fideo-lêzing [klik foto]


[klik foto]