Efter it tried, Kampsketsen út Amersfoort – Fideo-lêzing Elske Schotanus

(12-03-21) Yn de rige lêzingen oer Befrijing yn de Fryske literatuer, op priemmen set troch Tresoar en de Fryske Akademy, draacht skriuwster Elske Schotanus hjir de fideo-lêzing Efter it tried by, in bewurking fan har ynliedende essay by de werútjefte fan it yn 1946 ferskynde Efter it tried, Kampsketsen út Amersfoort fan Häftling nû 10039. It boek krige in nij omslach [idee en ûntwerp Monique Vogelsang]. Wa’t it boek foar 14 maart – hurry up – oanskaft, krijt it Fryske boekewikegeskink fan Hilda Talsma der fergees op ta.

Achter dy namme gie skriuwer en túnker Reimer van Tuinen (1916-2006) skûl. Yn har ynlieding en lêzing fertelt Schotanus oer har syktocht nei de ferhalen achter de fingearre nammen yn it boek, en dan giet it om Van Tuinen syn maten yn Kamp Amersfoort dy’t, oars as hysels, de oarloch net oerlibben.

Fan Efter it tried is ein ferline jier in werútjefte ferskynd by Utjouwerij Louise / Eddy van der Noord. Mei it each op alle koroanamaatregels moast de presintaasje fan it boek ferskillende kearen ferskood wurde. Hoe’t it al komt, bliuwt foarhans ûngewis.

Op de webside fan Tresoar kin ek it dossier Befrijing yn de Fryske literatuer rieplachte wurde, mei dêryn in rige lêzingen oer it tema.

De lêzingen sels soene op de Dei fan de Fryske letterkunde, ferline jier novimber, live oer it fuotljocht brocht wurde, mar troch de koroanaperikelen moast ék dat digitaal.

Sjoernalist en histoarikus Jan Ybema hat ûnder oaren op ‘e tekst west oer Fryske boeken, dêr’t Nederlânsk-Ynje en de befrijing fan Nederlânsk-Ynje in rol yn spylje.

Elske Schotanus keas foar in oare foarm. Se makke boppeneamde fideo, wêryn’t se ûnder mear fertelt oer de nije útjefte fan Efter it tried en oer Reimer van Tuinen syn tiid yn konsintraasjekamp Amersfoort.

klik foto