Elmar Kuiper – Werom nei earder, op wei nei Yndia – Wite mûle, swarte molke

(16-04) Yn de bondel Wite mûle, swarte molke giet Elmar Kuiper werom nei de boarne: de heit, de mem en it lânskip fan syn jeugd yn it Aldlân by Marsum. By alle betinken fan wat wei, dea en ferlern is – de âlden, it lân en it lânskip – is der ek in sykjen en ferlangen en kom ta ‘reiniging fan it kwea’ en ta ‘in skjin en suver wêzen’, neam dat Kuipers’ spirituele sucht ta ferljochting.

Elmar Kuiper

Oansetten dêrta binne al te finen yn de poëzybondel Ruimtedier (2016), ûnder mear yn it fers ‘Verlichting’ (s. 43), dêr’t minsken fergelike wurde mei astronauten ‘rondcircelend in hun kosmos, waar elke stap een reuzenstap is op weg naar verlichting.’

De bondel waard ynlaat mei it sizzen dat ‘ze niet wereldvreemd zijn, maar ook niet vies van complottheorieën. De figuren in Ruimtedier (…) hebben het ook niet makkelijk.’

Noch yn Ruimtedier noch yn Wite mûle, swarte molke (2020 kin it lyrysk ik lykskeakele wurde mei de persoan Elmar Kuiper. Dochs docht bliken dat midden yn it each fan de koroanastoarm de persoan Kuiper de komplottinkende kant it neist is.

komplotteoryen

Yn de sosjale media ferwiist er gauris nei komplotgroepen as VirusWaarheid fan de demagogyske dûnslearaar Willem Engel.

Allyksa wurdt ferwiisd nei koroana-ûntkennende politisy as Wybren van Haga fan it ekstreemrjochtse Forum voor Democratie (FvD), stik foar stik groepen en partijen dy’t tsjin faksinaasje en tsjin it dragen fan mûlekapkes binne.

Elmar Kuiper neamt himsels yn dit stik fan saken in outcast, stridend foar frijheid.

Gauris lient er him as trochjaanlûk fan nijsplatfoarms lykas de ‘fabeltjefuik’ Blckbx.tv of Café Weltschmerz dat, stipe troch âld NRC-sjoernalist dr. Karel van Wolferen – lêstlyn yn NRC noch omskreaun as ‘de professor van de paranoia’ – alderlei komplotteoryen útsutelet.

Sawol by VirusWaarheid as Forum voor Democratie (FvD) dûke geregeldwei de nammen op fan de WHO (World Health Organization), Microsoft-oprichter Bill Gates en de miljardêr en filantroop George Soros.

In sûndebok sykjende Thierry Baudet fan FvD stelt bygelyks dat ‘corona in de wereld is gebracht door Soros en anderen (…) om ons onze vrijheid af te nemen en een nieuwe wereldheerschappij te starten.’

Yn dat ramt komt Kuiper mei ferwizingen nei ‘nijsmedia’ dy’t it oer ‘de ultime machtsgreep van een onzichtbare vijand’ hawwe; sels rept er datoangeande fan ‘de great reset’.

Ek yn Nederlân wint it fenomeen ‘conspiritualitiy’, de gearmjuks fan komplotteoryen en spiritualiteit, ûntrêstigjend hurd terrein.

Men kin ek hinnegean en sis dat Kuiper yn de werklikheid, tragyskernôch, ien fan de figueren út Ruimtedier wurden is, ien dy’t ‘niet vies is van komplottheoriën’.

It iene en oar foeget him, ferrassend genôch, by syn referinsjes oan de Easterske guru Osho en dy syn spirituele filosofy oer leafde en ferljochting.

Yn it essay ‘De nieuwe samenzweving’ stelt de Flaamske literatuerwittenskipper Marie Meeuwsen datoangeande, dat de alliânsje tusken spiritualiteit en ekstreemrjochts tinken, sa’t men dy beide oantreft by VirusWaarheid of FvD – in ferbûn dêr’t Meeuwsen it begryp ‘conspirituality’ foar brûkt – ferûntrêstigjend hurd terrein wint, ek yn Nederlân.

weromkear

Werom nei de poëzy sels: Wite mûle, swarte molke. De bondel is opdield yn trije skiften: ‘wite mûle’, ‘grize tonge’, ‘swarte molke’, titels dy’t troch harren kleuren metafoarysk in ferrin fan goed nei kwea suggerearje.

De fersen litte in beskate brek sjen mei de dichter syn eardere poëzy, al wie it mar fanwegen it heech autobiografyske gehalte fan it wurk. ‘Ja, ik (…) wenje yn Jorwert. (s. 53)

De postmoderne ynslach fan in bondel as Ruimtedier, mei dêryn faak tsjustere, fragmintaryske en konstruearre poëzy, is fierhinne ynruile foar mear ekspressyf en persoanliker wurk.

Dan giet it om in poëzy dy’t tinke lit oan de mear sprektalige en lyrysk-anekdoatyske poëzy fan Sybe Krol, Bartle Laverman en R.R. van der Leest, dichters dy’t benammen yn de jierren santich en tachtich aktyf wiene.

Dêr past ek it omslach fan Wite mûle, swarte molke by: de op himsels wat snústerige, út 1980 datearjende tekening ‘De aaisiker’ fan de hân fan de dichter sels.

yntertekstueel

By Kuiper is it wjerlûd te fernimmen fan alderlei teksten fan skriuwers en dichters. Mei datsoarte yntertekstuele ferwizings, eigen as dy binne oan in protte postmoderne literatuer, jout de dichter himsels ek in plak binnen in beskate literêr-kulturele en maatskiplike tradysje.

Yn ‘Mich op Sybe’ (s.32) wurdt referearre oan ‘de reade raven fan dit gea’ út it klassike ‘hjir leit de see, breed spegeljend ûntwyk’ fan dichter Sybe Krol.

Yn ‘Heit’ (s. 53) komt ‘bibeth oan de doar om in hockeystick te lienen’. De rigel komt út it grasjeus lyryske leafdesfers ‘famke’ fan R.R. van der Leest, dêr’t Kuiper, iroanysk, de poëtikale opmerking oan tafoeget: ‘Dat is in echt gedicht.’

Miskien hat de dichter dêr ek gelyk oan. fersen fan it slach ‘Koetsjereep’ (s. 26), ‘In kamp fan ienen’ (s. 25), of it prozayske ‘Likegoed’ (s. 51) binne de iendiminsjonale kant it neist.

Fan datoangeande hie in strangere seleksje de bondel Wite mûle, swarte molke, dêr’t anekdoatyske poëzy, wurk mei in postmoderne ynslach (it komike fers ‘Zorro’ bygelyks) en mear lyrysk fersewurk trochinoar rinne, minder rommelich makke.

fûgels en dieren

Typysk foar Kuipers’ poëzy is de sprektalige en toanielmjittige ynslach. It makket syn wurk oandwaanlik, om mar net te sizzen yntym, bygelyks yn it reedridersfers ‘Tin’:

Soan
do skriuwst
like tin as it
flues oer it wetter
(…)

Gauris is der in fertellen út it perspektyf fan de ferstoarne âlden wei lykas by it ymposante gedicht ‘It blauwe aai’ (s. 15), wêryn’t de heit en de soan mei-inoar yn petear binne.

It tilt by Kuiper op fan de dowen, protters, ljippen swellen, tjirken, mei dêrnjonken mûzebiters, huningfalken en oare rôffûgels. Ek stapt der in hiele optocht oan liuwen, skiep, hûnen en kij foarby.

Yn it spoar fan de boerefersen fan de dichter Laverman – ‘Wat miicht dyn boer mei mânske straal / syn brune jarre’ – docht de dichter mannich lofsang op de ko. ‘Der is neat moaier as in ko, dy’t de sturt hinne en wer smyt. ( ‘Sande eker’, s. 29).

It is as wol Kuiper mei al syn fûgels en bisten de lêzer neitinke litte oer de boarnen en wetten fan libben en natuer. Navenant is der, Darwin yndachtich, de wredens fan dat wat, swak of sterk, wurch of enerzjyk, it al of net rêdt fan de dea, of sa’t it yn ‘Yn in wolk fan selsfoldienens’ (s. 13) hjit:

De grûn rydbosket, it tilt op
fan fretterige wêzens.

Se strike hommels del

en bite de kop
fan drystmoedige frijers.

Har fretterichheid is my
folslein ûntkommen. Ik rin

op ’e wynbrauwen, mar libje
yn in wolk fan selsfoldienens.

Nimmen dy’t my de kop ôfbite kin.

Neist heit, mem, fers, fûgel, mûle, grûn en dea is molke ien fan de grutte kaaiwurden yn Wite mûle, swarte molke, en dat net selden yn relaasje ta de boarnen fan libben, taal en tiid.

Molke

(foar heit en mem)

Witer kin ik de dream net meitsje, as de moarn
poatsjebaait yn ’e molke en de mûle domwei
swijt. Witer kin ik de moarn net reitsje, as de dea
oan ’e fingerseinen rûkt, yn ’e bonken krûpt en ik
de oeren folrinne lit. Witer kin ik net oer jim weitsje.

Swart wurdt de molke dêr’t it om ferlies en dea giet. Dêrneffens binne ek de woede en it fertriet, bygelyks om de teloargong fan it (Fryske) lânskip, sa’t dat nei foaren brocht wurdt yn de treursang ‘Myn lân’ (s. 46-48), yn 2016 skreaun, yn opdracht fan Kening fan de Greide.

It gedicht, yn syn soarte in monolooch, wêryn’t it lyrysk ik him ta it lân rjochtet, hat mei al syn njonkenskikte sinnen, begjinnend mei ‘wêr’, ‘wêrom’ en ‘wat’, in moai parallelle opbou.

Spitich is dat it fers hjir en dêr te lijen hat fan in beskate nostalgy, mei wolmienende, mar sentimintele rigels: ‘Dat sis ik as in man dy’t de goede / tiid wer meimeitsje wol, dy’t wit / dat it no dea is yn syn lân, sa dea.’

It kaaiwurd ‘molke’ spilet ek net swak by yn it út sân parten besteande ‘Mem Ganges’, opnommen yn it skift ‘Swarte molke’.

Yn dy titel lûdet, yndirekt, ek it begryp ‘swarte molke’ út it gedicht ‘Todesfuge’ fan de Romeensk-Dútske dichter Paul Celan (1920-1970) mei.

Hoe’t dat begryp him ferhâldt ta de persoanlike sosjaal en polityk-maatskiplike tinkbylden fan de dichter, lit him net daalks tsjutte.

Ferklaaid as astronaut soe de dichter dêr sels miskien dit fan sizze: ‘It swarte gat is in bysûnder fenomeen, lykas de mins.’ (‘Trochgeans’ s. 49)

boarne

Yn ‘Mem Ganges’, de delslach fan in reis nei Yndia yn 2019, komme ûnder mear de Yndiaaske spirituele learaar Krishnamurthi foarby en de Bengaalske dichter Tagore foarby.

God, ik lies Krishnamurthi stikken, mar wat ha’k
deroan, 7500 km. fan hûs, stoarje ik oer de reling

yn it wetter en sjoch heit ûnder it kowejaar, knipend
en lûkend oan ’e oeren.

Yn de tekst binne it Easten en it Westen byinoar set. Der is in syktocht nei ferlos en ferljochting. Yn diel IV hjit it: ‘As it kwea him reiniget fan it kwea, sil ik / skjin en suver wêze, sil ik rêstich / streame’.

It skift ‘Swarte molke’ sels set útein mei it koarte, fiif rigels tellende fers ‘Nachtswel’. Yn twa parallelle, ymperatyf stelde sinnen wurdt frege: ‘Drink myn molke, myn swart molke en / ferwachtsje net dat ik dy genêze sil.’

It is de yntroduksje op ‘Mem Ganges’. Yn alle twa de fersen wurde metafoarysk ferskillende farianten fan de mem nei foaren brocht. Dat giet fan de rivier de Ganges (‘mei har pine yn it liif jurk’) oant en mei de mem dy’t ‘myn sûnden wasket’.

‘Witer kin ik de dream net meitsje,’ sei Kuiper earder. Der is fan datoangeande sprake fan in spiritueel bepaald ferlangen en lis del yn de grutte boarne: ‘As der gjin ein en begjin is, sil ik lizze oan dyn oer en fersûpe yn ’e boarne’.

© Eeltsje Hettinga, april 2021

  • Oare kear trije lânskipsgedichten…