‘Europa – De nammen’. By de list mei omkommen flechtlingen + Update

(18-11) Ferdronken ûnder de kust fan Europa, delsketten troch de plysje, beferzen yn in koelwein, selsmoard dien yn ien fan de detinsjesintra foar flechtlingen. Op ‘e Nijstêd yn Ljouwert binne op in tweintich buorden de nammen te lêzen fan krapoan 36.000 flechtlingen, om it libben kaam op harren tocht nei en troch Europa. It werklike tal leit folle heger. En dan giet it om ‘the unknown refugee,’ noait net fûn.

De sûnt 1993 besteande list, ek wol ‘The List’ neamd, wie earder te sjen yn New York, Liverpool, Milaan, Basel, Berlijn en Barcelona. De manifestaasje yn Ljouwert waard op priemmen set yn gearwurking mei United for Intercultural Action, in Europeesk netwurk tsjin nasjonalisme, rasisme, fassisme en foar migranten en flechtlingen.

By de list it gedicht “Europa – De Nammen”, oerset yn it Ingelsk troch David Colmer en yn it Nederlânsk troch Elske Schotanus.

.

 

EUROPA – DE NAMMEN

It is baas drok oan de kusten fan Europa.
Badgasten, beskonken yn see, swimme
foarby it wrakhout fan it skip dat
de flechtling brocht, ûngeriif dat jûns
ûnder de sinne yn de oliven fia
Skype en mail nei it thúsfront spat,
kleilieten oer in bedoarn genot. –

Hotelkeamers sjogge út op tinten en
kampen, in mei skoktried tichtset ryk fan
hannel yn minsken en fleis. Eagen oer
it stek sinke wei as boaten yn ‘e nacht.
It is baas drok oan de kusten fan Europa.

@Eeltsje Hettinga
.
.

 

EUROPA – DE NAMEN

Het is stervensdruk aan Europa’s kust.
Badgasten, beschonken in zee, zwemmen
voorbij het wrakhout van de boot
die de vluchteling bracht, ongemak dat
‘s avonds onder de zon in het olijfhof
via Skype en mail naar het thuisfront spat,
klaagliederen over bedorven genot.

Hotelkamers kijken uit op tenten en
kampen, een met schrikdraad afgezet rijk van
een handel in mensen en vlees. Ogen
bij ‘t hek zinken weg als boten in de nacht.
Het is stervens druk aan Europa’s kust.

Eeltsje Hettinga – vertaling Elske Schotanus
.

EUROPE – THE NAMES

It’s crowded on the coasts of Europe.
Tourists, drunk in the sea, swim past wreckage
from the boat that brought the refugees,
an inconvenience that spills over
in the sun-lit olive-grove evenings,
Skyping and emailing home
laments about their spoiled fun.

Hotel rooms with a view of tents and
camps, a razor-wire realm that traffics
flesh and people. Eyes at the fence
sink like boats in the night.
It’s crowded on the coasts of Europe.
.

Eeltsje Hettinga – Translated by David Colmer

===

Sjoch fierders ek de side Dichter fan Fryslân.

.

UPDATEYn de Groene Amsterdammer fan 28 novimber skriuwt ûndersykssjoernalist Jan De Deken oer de ûnminsklike tastannen yn de opfangkampen op it Grykske eilân Samos, omstannichheden dêr’t sels Europeeske diplomaten fan hawwe wolle dat dy doelbewust yn stân holden wurde. 

“We creëren een onmenselijke situatie om vluchtelingen niet te hoeven ontvangen,” seit de medyske koördinator op Samos oer it Grykske en Europeeske asylbelied, dy’t oanslach hat yn in kamp dat ynrjochte is foar de opfang fan 650 minsken, mar dêr’t op it momint fan De Deken syn besite 4400 flechtelingen tahâlde. “We zeggen tegen hen: waarom kom je naar dit slechte kamp hier, terwijl we mooie kampen voor jullie hebben in Turkije? Terwijl de echte vraag is: vinden wij Europeanen het aanvaardbaar dat kinderen van twee jaar oud in de regen slapen in het bos? Als dat zo is, praat dan niet langer over asiel en mensenrechten. We beledigen de vluchtelingen en we beledigen onszelf.’