Explore the North presintearret It Font

programma-sneon-2It festival Explore the North presintearret it eksperiminteel fideopoëzyprojekt It Font fan skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga en fideokeunstner Lotte Middendorp.

Fanôf freed 25 november is It Font te sjen op de boppeste ferdjipping fan winkelsintrum Saailân. Sneon 26 novimber, middeis om 15.30 oere, docht Ernst Bruinsma, haadredakteur fan de Moanne, yn datselde winkelsintrum in fraachpetear mei de makkers fan it projekt.

It Font wie yn oktober te sjen yn it Frysk Museum en op de Frankfurter Buchmesse. Oant en mei 18 desimber besteget Museum Belvédère op It Oranjewâld noch wiidweidich omtinken oan It Font.
.

“In ferrassende yntegraasje fan fideokeunst en poëzy. Nea foar hat Frysk poëzy yn dizze wize yn musea te sjen west. “(Syds Wiersma, skriuwer-dichter en koördinator Fries Film Archief).

“Poëzy is finzen yn sfearfolle, faak mysterieuze bylden.” (Ljouwerter Krante)

Lotte Middendorp studearre yn 2013 ôf oan de Akademy Minerva yn Grins. Yn 2011 waard har ynstjoering foar de ‘One Minutes Film Festival’ yn Amsterdam bekroand mei de Tommy Award. Yn 2012 waard in fideo selektearre foar it One Minutes-eksposysje ‘VideOOOOh’ yn it Slade Research Center, Londen. Lotte Middendorp eksposearre de lêste jierren o.m yn galery Roos van Tudor, it keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert en Museum Belvédère op It Oranjewâld. (www.lottemiddendorp.nl)

Eeltsje Hettinga publisearre fiif poëzy.bondels. Foar syn debútbondel Akten fan winter krige er de Fedde Schurerpriis fan de provinsje Fryslân. Hy sette wurk oer fan J.J. Slauerhoff, Ingeborg Bachmann en Georges Bataille. Syn lêste bondel Ikader stie yn 2013 op de shortlist foar de Gysbert Japicxsprijs. Oare  jier ferskynt fan him de ‘Sineeske’ bondel Song. (www.eeltsjehettinga.nl)

.

programma-sneon-3

pb1