Expositie “Tekeningen en schilderijen” Elske Schotanus – Bibliotheek Balk + Update

Van 20 april tot 15 juni bibliotheek van Balk – Update: verlengd tot 13 juli.

De leafde yn de linen fan it lichem dat libbet – 

Wûnderlik ekspressyf binne de skepsels yn de tekeningen en skilderijen fan Elske Schotanus. Alles libbet. Mei in krêftich, hoekich en soepel spul fan linen en flakken wurdt yn in pear halen de siele fan de figueren bleatlein. Unmeilydsum neaken. Ut en troch hast teatraal ferfoarme. It wêzen fan de figueren en de dingen seit net de werklikheid dy’t wy sjogge. It hânskrift is like spontaan as trefseker. Under dizze losse styl – de floeiende beweging – leit in grutte foarm fan ambachtlikens.

Elske Schotanus har skilderijen en tekeningen – inket en mingde technyk – binne fan 20 april oant 20 juny te sjen yn de biblioteek yn Balk.
.

De liefde in het lijnenspel van het lichaam dat leeft

Wonderlijk expressief zijn de figuren in de tekeningen en schilderijen van Elske Schotanus. Alles leeft. Het is een krachtig, hoekig en soepel spel van lijnen en vlakken waarmee in enkele bewegingen de ziel van de figuren wordt blootgelegd. Meedogenloos naakt, soms bijna theatraal vervormd. Het wezen van de figuren en de dingen is nu eenmaal niet de direct zichtbare werkelijkheid. Het handschrift is even spontaan als trefzeker. Deze losse stijl – de vloeiende beweging – is onder meer de vrucht van een sterk ambachtelijke manier van werken.

Elske Schotanus haar schilderijen en tekeningen – in inkt en gemengde techniek – zijn van 20 april tot 15 juni te zien in de bibliotheek van Balk.

 

. DE LINEN

foar Elske Schotanus 

Eagen dûke ûnder hûd en sliepen,
hâlde it skerp fan fjoer,
it blau fan dowen,
helje yn ien haal iepen alle sinnen,
skeppend de romte fan it lichem,
de siele dy’t fan Schiele is.

Hân en skrift hâlde in taal en gesicht
dy’t – ráák – sûnder mis fan
stimmen it teken stâle dat
libben in lânskip oan leafde seit.

Sjoch, de hannen: neat dat is,
alles yn skjintme deformeard.

Der giet in frou, de striehoed op,
mei fûgels dy’t like licht
as ljocht de wûnderaardige linen
fleane fan har lichem fisk.

Ssst.. de taal dy’t wy partsje, is
it wurd dêr’t wy yn oernachtsje.

©EH