Fallend ljocht – Eppie Dam – ‘volkomen vreemdheid / te midden van de sterren’

OLYMPUS DIGITAL CAMERA
Eppie Dam, portrettearre troch Christiaan Kuitwaard

Lang om let Fallend ljocht (2014) fan Eppie Dam kocht, in bondel dy’t fierhinne bepaald is troch it ferfal en ferlies fan libben, minske en tiid. In protte fan de gedichten hawwe rym, in min ofte mear fêst metrum en kenne net selden in parallelle opbou fan strofen, in skaaimerk dat ek beskiedend is foar in soad fan Eppie Dam syn eardere dichtwurk.

Yn it fjirde en lêste skift fan Fallend Ljocht binne njoggentjin ferfryske fersen út de gedichtesyklus Theologisch traktaat (2006) fan Csezlaw Milosz opnommen, de Poalske dichter yn waans humanistysk-roomsk lûd Eppie Dam him werkenne moat, foar safier’t er him dêr al net oan oplûkt.

Dêr’t Milosz it net stean hat op de godstsjinstige laarjekoeke en ûnsin fan alderhande roomske dogma’s, omdat dy neat net te krijen hawwe mei it belibjen fan de religy sels, dêr besylt Eppie Dam in soartgelikense problematyk oangeande de âlde, izeren learstellings fan de grifformearde tsjerke dêr’t gjin romte yn is/wie foar in eigen, persoanlike foarm fan (religieuze) sinjouwing.

It twadde skift yn Dam syn bondel wurdt net om ‘e nocht foarôfgien troch in tal as motto brûkte rigels út Milosz syn Theologisch traktaat: ‘Mens-zijn wil zeggen: volkomen vreemdheid / te midden van de sterren. // Dat is voldoende reden om samen met anderen / heiligdommen op te richten / van onvoorstelbare barmhartigheid.’

Fallend ljocht is fierdersoan ek de titel fan it twadde skift, dat einiget mei in nei psalm 39 modulearre fers dêr’t de bondel yn syn gehiel de titel oan ûntlient:

.

FALLEND LJOCHT

bij Psalm 39

Wat is in mins? In fallend ljocht.
In plúske delsaaid op it fjild.
In skaad dat yn in ommesjoch
oer beammegrien en muorren fljocht.

Wat is in mins? In sinnefleach.
In rimpel yn ’e ivichheid.
In spoar dat opblinkt yn ’e nacht
en yn ’e nacht ferdwynt.

.

Oare kear faaks nochris mear oer dizze bondel fan Eppie Dam, wêryn’t ek in soad omtinken is foar it wurk fan alderlei bûtenlânske dichters, ûnder harren Csezlaw Milosz dus, mar ek de Russyske dichter Boris Ryzji.