‘Fat Man’s Tsjusternis 090845’ – De atomêre oere

(28-08) – Der wennet in dwaas yn it Wite Hûs yn Washington. Begjin augustus stapte Amearika út it INF-raketferdrach mei Ruslân. Dêrmei liket de doar iepenset foar in nije wapenwedrin. Net allinne de grutte weareldmachten boartsje mei fjoer, dat dogge ek lytsere lannen lykas Noard-Korea dy’t kearnwapens ta harren foldwaan hawwe. Goed fjirtjin dagen ferlyn mislearre by de Wite See yn Ruslân in eksperimint mei in nukleêre raket, mei navenant alle gefolgen. Omwenjenden waard frege om fuort te wêzen fanwegen de radio-aktive straling. It binne ûntjouwings yn in moanne dêr’t yn betocht wurdt dat 74 jier ferlyn de atoombom op Hiroshima en Nagasaki foel. De lêste doomsday-bom krige de namme ‘Fat Man’. Underdiel fan de nije wapenwedrin is de ynset fan alderhande cyberwapens. It gedicht ‘Fat Man’s Tsjusternis 090845′ wie healwei dizze moanne ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de LC en in tal oare media.

.

FAT MAN DARKNESS 090845

*

Abruptly in the middle of the word
the black hole fell, the white flash,
the brutal light, the curse and
the sigh and the breath of both
in the morbid clock that brought the bomb
to Nagasaki, a hatch that opens,
a trembing and rumbling and,
ripping everything, the dawn
of the atomic rule of Cronus,
tearing out the day, the heart, the tongue,
an August morning, as still as
the sun today over the Potmarge.

*

With violence faster than the speed
of sound, destruction strips the skin
off life, a tidal wave of dust and debris,
debris and dust, and the cruelty of both
in the incandescence of a thousand
suns that can’t be said in sentences,
a detonated alphabet, a city
crushed to nothing and no one,
revelation according to the Fat Man or
the fire stolen blindly from heaven,
an August morning, just as still as
the mare’s-tails over the Potmarge.

*

Do you know the new besuited Eichmanns,
credit-card-carrying, listening to Bach
or strolling in the park on a Sunday,
WhatsApping kisses to the wife and kids?
Functional and servile, they do
their algorithmic tricks in the service
of the high and mighty who call the shots,
let’s drop the Big One and see what happens,
all for kin and country! O, God’s
demented clock, the finger never far
from the atomic button. Boom. What a lark.
The dungeons of the mind are grim and dark.

.

Translation: David Colmer

Nagasaki foar de fal fan de bom

.

FAT MAN’S TSJUSTERNIS 090845

*

Staf-oer-nacht falt middenyn it wurd
it swarte gat, de wite bliksem
en it wrede ljocht, de flok en
de sucht en de azem fan beide
by de morbide klok dy’t oer Nagasaki
de bom brocht, in lûk dat
iepenkypt, in triljen en donderjen
en, alles taspjaltend, de braak fan
it atomêre hearskip Kronos
dat de dei, it hert, de tonge útskuort,
in moarntiid yn augustus, stil as
hjoed de sinne oer de Potmarge.

*

Mei in geweld, hurder as it lûd sels
strûpt in ferniel libben de hûd,
floedweagen fan stof en pún en
pún en stof en de brutens fan beide
yn de hjittens fan tûzen,
net yn sinnen te sizzen sinnen,
it ûntplofte alfabet, in stêd,
fuortreage ta neat en nimmen,
mister Fat-Man’s iepenbiering, of:
it bline fan de himel rôve fjoer,
in moarntiid yn augustus, stil as hjoed
de wynfearren oer de Potmarge.

*

Kensto de nije, netsjes yn pak hyste
reichmannen, segene fan harren God
dy’t sneins harkje nei Bach, in tút
append nei frou en bern, kuierjend yn it park?
Meganysk en slaafs dogge hja gewoan
de algoritmyske wurken yn tsjinst fan
de hearen menearen dy’t blaffe en
beare, let’s drop the Big One and see
what happens, alles foar it heitelân!
O, sotteklok Gods, nea net fier de hân
op ‘e atoomknop. Báts. Wat in feest.
Tsjuster de kweade kelders fan de geast.

.

Eeltsje Hettinga, dichter fan Fryslân

Nagasaki nei de fal fan de bom

.

FAT MAN’S DUISTERENIS 090845

*

Plompverloren valt middenin het woord
het zwarte gat, de witte bliksem
en het wrede licht, de vloek en
de zucht en de adem van beide
bij de morbide klok die boven Nagasaki
de bom bracht, een luik dat
opengaat, een trillen en dreunen
en, alles verscheurend, de braak
van het atomaire heerschap Kronos
dat de dag, het hart, de tong uitrukt,
een ochtend in augustus, stil
als vandaag de zon boven de Potmarge.

*

Met een geweld, sneller dan het geluid
stroopt verwoesting leven de huid,
vloedgolven van stof en puin en
puin en stof en de wreedheid van beide
in de vuurgloed van duizend
niet in zinnen te vangen zonnen,
het ontplofte alfabet, een stad,
vermorzeld tot niets en niemand,
mister Fat Man’s openbaring, of:
het blind van de hemel geroofde vuur,
een ochtend in augustus, even stil als
nu de windveren boven de Potmarge.

*

Ken je de nieuwe reichmannen, keurig
in pak die op zondag, luisterend naar Bach
of wandelend in het park, gezegend door
hun God, kusjes appe naar vrouw en kind?
Mechanisch en slaafs vertonen zij dood-
gewoon hun algoritmische kunsten,
in dienst van de heren meneren die hen
bevelen, let’s drop the Big One and see
what happens, alles voor het vaderland!
O, zotteklok Gods, nooit is de hand ver
van de atoomknop. Báts. Wat in feest.
Duister de kwade kelders van de geest.

.

Vert. Elske Schotanus

The Guardian: “Nuclear armsrace is back and more dangerous than before.” [klik]