Ferfrjemding – Ingeborg Bachmann –


FERFRJEMDING –

Yn de beammen kin ik gjin beammen mear sjen.
De tûken hawwe net de blêden dy’t hja yn ’e wyn hâlde.
De fruchten binne swiet, mar sûnder leafde.
Se sêdzje net ienris.
Wêr moat dit hinne?
Foar myn eagen fljocht it wâld,
foar ’t gehoar dogge de fûgels de mûle ta,
foar my gjin wize dy’t rêst jout.
Ik bin de tiid sêd
en ik hong’rje om har.
Wêr moat dit hinne?
Oer ’e bergen sil’ by nacht de fjoeren brâne.
Moat ik risselwaasje meitsje, har stik foar stik wer fuorje.
Gjin wei of ik kin der net mear in wei yn sjen.


ENTFRJREMDUNG

In den Bäumen kann ich keine Bäume mehr sehen.
Die Äste haben nicht die Blätter, die sie in den Wind halten.
Die Früchte sind süß, aber ohne Liebe.
Sie sättigen nicht einmal.
Was soll nur werden?
Vor meinen Augen flieht der Wald,
vor meinem Ohr schließen die Vögel den Mund,
für mich wird keine Weise zum Bett.
Ich bin satt vor der Zeit
und hungre nach ihr.
Was soll nur werden?
Auf den Bergen werden nachts die Feuer brennen.
Soll ich mich aufmachen, mich allem wieder nähern?
Ich kann in keinem Weg mehr einen Weg sehen.