Fideopoëzyprojekt ‘It fûnis / it font’ – in oare manier fan poëzypresintaasje
“De titel fan ien fan har films, ‘It klappen fan ’e dyk’, referearret oan it lûd fan hynstehoegen op ’e klinkerts, it is ek de titel fan it fers dat Eeltsje Hettinga by de bylden skreau.”
Yn it twatalich kultureel opinytydskrift De Moanne jout skriuwster Elske Schotanus dizze moanne wiidweidich omtinken oan it wurk fan fideokeunstner Lotte Middendorp, de makker fan ‘It klappen fan ‘e dyk’. De film is ûnderdiel fan it fideopoëzyprojekt It fûnis / it font, ien fan de acht troch it Nederlands Letterenfonds útferkarde digitaal literêre projekten.
By dit projekt, in mienskiplik ûndernimmen fan Lotte Middendorp en Eeltsje Hettinga, wurde ferskillende dissiplines (byldzjende keunst, muzyk en poëzy) yninoar skood. De muzyk by de ferskillende films is fan Christiaan Kuitwaard en Jan Snijder. It giet al mei al om in oare manier fan poëzypresintaasje.
(…) driuw boppe, yn it liet dat ûnder wetter is.’
Lotte Middendorp oer de film ‘Driuw’ yn De Moanne: ‘Ik ha ‘Driuw’ yn swart-wyt set. Watfoar ferzje fynst moaier?’ Op tafel leit de CD Ok the bridge fan Christiaan Kuitwaard, Jan Snijder en Wim de Graaf, soundscapes dy’t it achtergrûnlûd foarmje by de yntigrearjende bylden fan it wetter dat tagelyk it universum is. ‘Driuw’ systert in stim en letters skowe troch it byld: ‘driuw boppe, yn it liet dat ûnder wetter is.’
Op har website skriuwt Lotte Middendorp oer har eigen wurk: “In mijn film- en fotowerk speelt de natuur een centrale rol. De beelden die ik maak, kennen vaak een landschappelijke context. Daarin vormen tijd, stilte en verlangen belangrijke thema’s. In de film ‘Einekroasfamke’ (Eendenkroosmeisje) laat ik, liggend in het kroos van een sloot, mijzelf wiegen, daarmee uiting gevend aan een oud en diep (menselijk) verlangen om samen te vallen met de natuur zelf.
Zoals de tijd van de klok niet dezelfde is als die van de pols, zo laat mijn werk ook andere vormen van dualiteit zien.
Het gaat om een ervaring die in al zijn zintuiglijkheid niets te maken heeft met een mechanische, lineair verlopende tijd, maar alles met een innerlijke tijd. De natuur is in essentie amoreel, ze oordeelt niet. Ze is onvoorwaardelijk. Zoals de tijd van de klok niet dezelfde is als die van de pols, zo laat mijn werk ook andere vormen van dualiteit zien. Zo is er aan de ene kant dat sterke verlangen naar overgave, het samen willen vallen met het ultieme moment (…)
Foar it projekt It fûnis / it font (wurktitel) wurdt meikoarten in aparte webside ynrjochte. Dan ek mear nijs oer in tal nije ûntjouwings en mutaasjes. (…)
In still út ‘De lichamelijkheid van het Wad’, ien fan de films dy’t ûnderdiel is fan it fideopoëzyprojekt It fûnis / it font fan Lotte Middendorp en Eeltsje Hettinga. De film en de byhearrende poëzy binne ek te sjen op de eksposysje Improvisaties op Wind, Water en Wad yn Museum Belvédère, fan 29 maaie oant 13 septimber.