Fjouweresom ‘It klappen fan de dyk’ yn De taal fan it hert

(18-07) It gedicht ‘It klappen fan de dyk’ waard skreaun foar de provinsale brosjuere Taal fan it hert en de dêrby hearrende smartphone-app. It fers, oerset yn trije talen, is ek werom te lêzen op de webside fan Dichter fan Fryslân. –

 

Se is it hoare klappen fan de dyk,
lyts blau hynste-each op wei nei see,

hastich yn draf, dronken fan dream,
op izers, sparkjend it skimer yn.

Draaf, famke, draaf, ropt de wyn en
bring dy hiel de binnensee fan it hert

ta stim om te wêzen it wrinzgjen fan
de weagen, de drift ûnder de kust

en al it sprekken fan wetters, djip
as de hillige stilte fan de dingen.
.

@ Eeltsje Hettinga
.
.

THE CLATTER OF THE DYKE

She hears the clatter of the dyke,
sea-bound horse’s small blue eye,

trotting on the brick road, dream-drunk,
horseshoes striking sparks in twilight.

Giddyup, girl, giddyup, calls the wind
and give voice to the inland ocean

of your heart, become the snorting of
the waves, the current off the coast

and all the water’s stories, deep
as the sainted silence of the things.
.

Translation, David Colmer

.

DE KLANKEN VAN DE KLINKERS

Ver draagt de klank van de klinkerweg,
klein blauw paardenoog onderweg naar zee,

in volle draf, dronken dromend,
op ijzers, vonkend in het schemerdonker.

Draaf, meisje, draaf, roept de wind en
breng heel de binnenzee van je hart

tot stem om te worden het briesen van
de golven, de stroming onder de kust

en alle verhalen van het water, diep
als de heilige stilte van de dingen.
.

Vert. Elske Schotanus

.

DER HUFSCHLAG DES DEICHS

Sie ist der Hufschlag, Makadam des Deichs,
kleines blaues Pferdeauge voller Traum,

im scharfen Trab zum Meer, die Eisen
Funken sprühend in der Dämmerung.

Trab, Mädchen, trab nur, ruft der Wind,
bring deines Herzens Binnensee zum

Klingen, dass die Stimme schnaubend
Welle werde, Sog unter der Küste

und was das Wasser rundherum bespricht,
tief wie die heilige Stille aller Dinge.
.

[Eeltsje Hettinga / vert. Ard Posthuma]
.

De ‘Taal fan it hert’-app is te finen yn de Play Store foar Android-tastellen en de App Store fan Apple. [klik ek foto, LC]