Flaggen en strontskippen – It fertoan – Kollumn III
Se binne der yn soarten en maten, flaggen. Flaggen foar provinsjes, stêden, gemeenten, doarpen, gehuchten en wiken. Se hingje ek rûnom, yn daksgoaten, oan hiemstekken en op strontskippen. Der wurdt flagge by houliken, begraffenissen, by it heljen fan diploma’s en by feestlikheden lykas it keatsen yn Frjentsjer, in keuring mei Fryske hynders op Blauhûs of in derby tusken de baltsjeskopploegen It Hearrenfean en Cambuur.
Foar de nasjonale flagge – de trijekleur – jildt dat dy ta it dak of finster út giet fan it opkommen fan de sinne oant it ûndergean fan de sinne. Bliuwt er by’t nacht al hingjen, dan de skynwerper derop. De Fryske Akademy, de ynstelling fan de pas beneamde direkteur Hanno Brand en syn eks-kollega Reinier – ‘wy moatte ús net ferbrekke’ – Salverda, – hy wie ferline wike sneon ien fan de sprekkers by de betinking fan de Slach by Warns – skriuwt op ien fan syn websiden: ‘Zeker de overheden dienen dit in acht te nemen, dus geen Friese- of gemeentevlag op een overheidsgebouw bij een nationale gebeurtenis.’
Fan ’t wykein wie ek de derby Cambuur – It Hearrenfean, in klassiker mei in soad flachfertoan en oare findelswaaierij. André Looijenga, skriuwer, redakteur fan it tydskrift Ensafh en lid fan de Staverkadavergroep fan sận, frege him op Facebook ȏf dat ‘wanneer er een vak vol Leeuwarders achter een rood-wit-blauw doek met “Anti-Fries” zit te juichen, zijn ze daar dan niet, voor er een bal geschopt is, sowieso de morele verliezers van de middag…?’ Looijenga foege dêr fierders oan ta: ‘Behalve dat het in- en intriest is wanneer Leeuwarders hun Friese identiteit ontkennen, vind ik het ook onaangenaam dat rood-wit-blauwe vlaggen misbruikt worden als een symbool voor lokale rivaliteit (met als mogelijke subtekst een úitsluitend nationalisme).’
Looijenga lûkt it dus even in slach breder. Hy is tûk as it om dy mooglike subtekst giet. Dy stim ik alhiel mei. Lit my de saak (dêrom) ek, mar dan in oare slach breder lûke en sjen hoe’t it hjoeddedei mei de Fryske swindel… ehhh ik bedoel, de Fryske findelswaaierij stiet? Ik kaam ûnder mear út by dizze ûnoangename Fryske folksflaggefideo, in fan flaggen optillende film, mei dêryn de FFG (Frije Fryske Grûn) as fertsjintwurdiging fan de radikale Grutfryske rjochterflank fan de Fryske Beweging…
Lit mar waaie, al dy flaggen, want hokker nasjonaal findelfertoan ek, it smyt lang om let oars net op as flaggen op strontpreamen, oftewol: it liket net allinne op stront, it jout ek altiten stront. Gjin skip dat dêr tsjin farre kin.