Gedicht ‘De fearten’ – Dodenherdenking 4 mei

(04-05) In 1943 vonden in Fryslân de April-mei-stakingen plaats, ofwel de Melkstaking. Als verzet tegen de Duitse bezetter werd in de provincie massaal het werk neergelegd. Arbeiders gingen in staking, winkels deden de deuren dicht en boeren zetten de melkaanvoer naar de zuivelfabrieken stop. Melkrijders, op weg naar de fabriek, werden  staande gehouden, de melk ging de sloot in.

Bij de staking in Oudega in de gemeente die toen nog Wymbritseradiel heette, werden Broer de Witte uit Blauwhuis-Greonterp en Bouke de Vries uit Oudega opgepakt en door de Duitsers gefusilleerd.

Het gedicht ‘De fearten’, vandaag ook te lezen in Leeuwarder Courant en het Friesch Dagblad, is geschreven in het kader van het Dichterschap van Fryslân.

Portret van Broer de Witte

.

DE FEARTEN

Molkestaking 1943, by Aldegea
Bouke de Vries (1907-1943)
Broer de Witte (1923-1943)
.

It like in dei, ljocht as yn Obe’s dagen,
..kalm lei it Fliet en inkeld blinkende
fisk wie de sinne boppe mar en poel.
..Heech yn it grien fan de hôven tearde
Tiid alle dreamen iepen, “omfiemjend
..in tinken dat it libben tocht as ien.”

Ay, tink dy dat ris yn! Mar skyn wie
..de rêst fan it geniet. Unrêst wjukke
út de wolkens op, en hjir en dêr bûgde
..in toer de holle. As bloed rûn molke
de fearten yn: in ferset tsjin alles wat
..it hert út it djipste fan frijheid helle.

Hakken klapten tsjin sliepen, en blyn
..ferkaam de dei by geweld en gewear.
Sûnder god of ingel is bleaun de tiid,
..leech allyk de trein Starum-Snits dy’t
ûnferskillich no de kimen yn rydt.
..Wat lit it libben langer tinke as ien?
.

©Eeltsje Hettinga

..
Fiifensantich jier lyn setten yn Fryslân de April-Maaie-stakingen útein, oftewol de Molkestaking. As ferset tsjin de Dútske besetter waard rûnom yn de provinsje it wurk dellein. Arbeiders yn it fabryk holden op, winkels diene de doarren ticht en boeren ferpoften it langer om de molke nei it suvelfabryk te bringen. Molkriders, op wei nei it fabryk, waarden oanholden, de bussen op ‘e karre giene de sleatten yn.

By de staking yn Aldegea yn it eartiidske Wymbritseradiel, waarden Broer de Witte fan Blauhús-Greonterp en Bouke de Vries fan Aldegea oppakt en troch de Dútsers fusillearre.

It gedicht ‘De fearten’, hjoed ek te lêzen yn de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad, is skreaun yn it ramt fan it Dichterskip fan Fryslân..