gedicht ‘Skip fûgel lân’ – ‘Schip vogel land’ – [MSC Zoe-ramp]

(28-03) Boven de Waddeneilanden loopt een van de drukste scheepvaartroutes van Europa. De kans op ongelukken is aanzienlijk. Begin januari ging het mis, het Panamese vrachtschip MSC Zoë verloor 345 containers met gevaarlijke stoffen en plastic rotzooi. Een ecologische ramp.

Met de gas- en zoutwinning is het de zoveelste aanslag op het Waddengebied, dat n.b. sinds 2009 ‘Unesco Werelderfgoed’ is. De Waddenvereniging schreef begin maart over de troep en rotzooi op zee: ‘Microplastic en piepschuimkorrels en antwoordde rotzooi van de MSC Zoë zullenlangdurig in het zeemilieu verblijven met gevolgen voor het zeeleven uiteindelijk en ook de mens.

Naar aanleiding van al die rampzalige ontwikkelingen – een grote olievlek bedreigt op dit moment de kust van de Waddeneilanden – het gedicht ‘Skip fûgel lân’. [Doorscrollen voor de Nederlandse vertaling van Elske Schotanus en de Engelse van David Colmer.]

‘It Wierumer Wad’ – Foto: Remco de Vries, fotograaf en redakteur by Omrop Fryslân ) – klik foto:  foardracht fan it gedicht.   .

.

Skip fûgel lân

‘Substitute’, The Who

Iepensnien lei my it lichem ûnder
de kust syn skomflokjende hoarizon,

in Fundgrube fan rotsoai en ramsj
wie ik. De mage pûle út fan alles

wat ûnfergonklik ivichheid yn hie:
just plastic, sa’t ik fan sturt oant kop

en fan wjok oant wjok al opset wie
eardat ik út eigen fearren opgean koe.

’t Wie ûnder de slach fan de toer dy’t
by Wierum oer de kegen klapte dat

ik út myn dreamen wekker skeat,
kjel by de flokjende snie, kerls mei

gjin oare siel as dy fan domme oalje,
en dêr’t hagel, driftkjendewei, wyt

it boulân gisele, wist ik: We’re all
born with a plastic spoon in our mouth.
.

©Eeltsje Hettinga, Dichter fan Fryslân

.

Schip vogel land

‘Substitute’, The Who

Opengesneden lag mijn lichaam onder
de kust zijn schuimvlokkende horizon.

Een Fundgrube van rotzooi en ramsj
was ik. De maag puilde uit van alles

wat onvergankelijk eeuwigheid bezat:
just plastic, zodat ik van kop tot staart

en van wiek tot wiek al was opgezet
voordat ik uit eigen veren vliegen kon.

’t Was onder de slag van de toren die
bij Wierum over de kwelder klonk dat

ik uit mijn droom wakker schoot, ontzet
door een vlokkende sneeuw, korrels

met een ziel als die van domme olie.
En waar hagelsteen op drift, wit

de akkers teisterde, wist ik: We’re all
born with a plastic spoon in our mouth.
.

©Eeltsje Hettinga, Dichter fan Fryslân

Ship bird land

‘Substitute’, The Who

Sliced open, my body lay on the coast
below the foaming, scud-spitting horizon.

I was a treasure trove of junk and rubbish.
Stomach bulging with everything

that has an indestructible forever:
all plastic, so that I was stuffed

from head to tail and wing to wing
before I’d ever taken flight.

It was to the tolling of the bell that
rings out over the mud flats at Wierum

that I woke from my dreams with a start,
aghast at the driving snow, grains

with no more soul than mindless oil.
And as the rolling white hail swept

the fields, I knew: We’re all born
with plastic spoons in our mouths.
.

© EH

.

Boppe de Waadeilannen rint ien fan de drokste skipsfeartrûtes fan Europa. De kâns op ûngelokken is net lyts. Begjin jannewaris gie it mis doe’t it Panamese frachtskip MSC Zoë in lytse 350 konteners mei gefaarlike stoffen en plestik rotsoai ferlear. In ekologyske ramp.

Mei de gas- en sâltwinning is it de safolste oanslach op it Waddengebiet, dat sûnt 2009 ‘Unesco Werelderfgoed’ is. De Waddenvereniging skreau begjin maart oer alle troep op see: ‘Microplastic en piepschuimkorrels en andere rotzooi van de MSC Zoë zullen langdurig in het zeemilieu verblijven met gevolgen voor het zeeleven en uiteindelijk ook de mens.”

Nei oanlieding fan al dy rampsillige ûntjouwings it gedicht ‘Skip fûgel lân’.