Gedicht ‘Westminster Bridge’ – De binde fan Boris…

(04-09) With a red point Siamese on his shoulder / a solitary man crosses Westminster Bridge …’ David Colmer maakte de Engelse vertaling van ‘Westminster Bridge’, het gedicht over een mogelijke Brexit. Hieronder eerst de vertaling van Colmer, gevolgd door de Nederlandse van Elske Schotanus en last but not least, het origineel in het Fries.

(04-09) Justerjûn wie it wer raak yn it Britske parlemint. De coupe fan Johnson dy’t besocht hie om it parlemint bûten spul te setten, gie net troch. Politiek gaos rûnom. Wilens bliuwt de fraach: komt der in deal mei Brussel of wurdt it in no-deal, Wurdt it in no-deal, dan rint dat mooglik út op ien sûnder backstop, oftewol de grinzen tusken Ierlân en Noard-Ierlân soene wer op slot gean. De Europeeske binnengrins wurdt yn dat gefal in Europeeske bûtengrins.

It binne de Britten dy’t út de EU wolle, net de Ieren. In grut ferskil. Boris (de boef) en de binden fan de nasjonalistyske Brexit-gongers laapje de Ierske wil oan har lears. Se hawwe der gjin muoite mei om it Britske parlemint tydlik oan kant te skowen om dy manier harren sin troch te driuwen, in bom ûnder it de parlemintêre demokrasy. Lykas de Ieren en de Skotten hat it oergrutte part fan de jongere generaasje yn Ingelân sels gjin inkeld ferlet fan in Brexit. Dy binne falikant tsjin. Wilens komt de datum fan ienentritich oktober, de dei dat de binde fan Boris Europa definityf de rêch takeare wol, hurd tichteby.

Rare snaken oars, dy Ingelsken. Smite se ‘Brussel’ foar de fuotten dat EU-demokrasy tekoart sjit, sette se – o, irony – yn it hytst fan it Brexit-striid it Britske parlemint op de strafbank yn de dug-out. En sa lûkt in eilân himsels werom op syn eigen eilân, in rigel út it gedicht ‘Westminster Bridge’ dat ik begjin dit jier skreau n.o.f. alle Brexit-perikelen. As de blyn nasjonalistyske binde fan Boris, ynbegrepen it ekstreem-rjochtse Ukip net oppast, dan donderet aanst it Feriene Keninkryk útinoar. Skotlân, Wales en in feriene Ierlân dy’t eigen wegen geane, mar binnen de EU.

Dichter Syds Wiersma skreau lêstlyn mei rjocht op FB: “Johnson spilet mei fjoer. Want werom nei grinzen tusken Ierlân en Noard-Ierlân sil frij gau ta in referindum yn Noard-Ierlân liede. De útslach stiet no al fêst: in feriene Ierlân yn de EU.”

Hooplik lûkt de demokrasy net oan it koartste ein, wurdt Boris as Mister Downing’s Dûme Dwingelân sa gau as mooglik de leane útbonsjoerd en kiest it Britske parlemint hjoed of moarn foar nije ferkiezingen. 

.

WESTMINSTER BRIDGE

With a red point Siamese on his shoulder
a solitary man crosses Westminster Bridge
and listens while Big Ben strikes
to a nation that yowls and yells like
a terrace full of hooligans, treating the city
to a proud chorus that carries far and wide
along the river: Europe, Europe, bye, bye, bye!

This is the island that is withdrawing
onto its own island, thinks the man sat down
in front of the screen in the Polish pub
on the night of the blind and hostile divorce,
watching as a very dapper Ukip gent –
stiff upper lip and stiff right arm – rams
his knuckle duster under Europe’s skirts.

In private they talk of towering walls
and impenetrable borders as lithe
hard bodies – Britannia rules the waves,
so scuttle the boats of those who don’t belong,
growls Joe on-the-dole Blow, nursing
his pint at the bar, or will this old realm
of ours never amount to anything again?

And it was in my dream that a zeppelin
floated high in the sky over Dover, said the man
with the Siamese on his shoulder, the hatch
flew open, a cruise missile shot out, the rider
on its nose whooped and waved his bowler,
bellowing, Come on baby, light my fire,
and let the whole damn continent tremble.

A solitary man crosses Westminster Bridge ,
reads to a loud meow the graffiti barking
Brexit-Brexit and hears the underworld
rattling its chains at Waterloo.
On the newspaper stands, the calendars
colour the new year in while an island
withdraws onto its own island.

© Eeltsje Hettingapoet laureate of Friesland (2017-2019)
Translation: David Colmer

WESTMINSTER BRIDGE

Met een rode siamees op zijn schouder
loopt een man verloren over Westminster Bridge,
luistert onder de klokslag van de Big Ben
naar het volk dat zichzelf een keel opzet en
als in een stadionvak vol hooligans
de stad trakteert op een ver over de rivier
dragend Europe, Europe, bá-bá-bye.

Dit is het eiland dat zichzelf terugtrekt
op zijn eigen eiland, denkt de man die
in de Poolse pub op zijn beeldscherm ziet hoe
in de nacht van de blinde vechtscheiding
een Ukip-heer met stiff upperlip en
gestrekte arm heel parmantig
een boksbeugel onder de rok van Europa ramt.

Er wordt gesproken over huizenhoge muren
en bikkelharde grenzen als waren het
hard bodies, – Britain rules the waves,
steek dus lek de boot van wie hier niet hoort,
bromt Joe Blow die werkeloos aan de toog
zijn whisky’s drinkt, of wordt het dan nooit,
nooit weer wat met dat oude koninkrijk van ons?

En het was in mijn droom dat een zeppelin
hoog boven Dover dreef, zei de man
met de siamees op zijn schouder, open sprong
het luik, tevoorschijn schoot een kruisraket,
met voorop, wild zwaaiend, een bulderende
bolhoed: O, come on baby, light my fire,
en laat het godganse Continent trillen.

Een man loopt verloren over Westminster Bridge,
leest bij een luid miauw de graffiti die
Brexit-Brexit blaft, en hoort hoe op Waterloo
de onderwereld aan zijn ketting rammelt.
In de kiosken kleuren de kalenders
voor het nieuwe jaar, en ondertussen trekt
een eiland zichzelf terug op zijn eigen eiland.

© Eeltsje Hettinga, dichter fan Fryslân (2017-2019)

vert. Elske Schotanus


.
.
WESTMINSTER BRIDGE

Mei in reade siamees op it skouder
stapt in man allinnich oer Westminster Bridge,
harket ûnder de klokslach fan ’e Big Ben
nei it folk dat himsels in kiel opset en
as yn in stadionfek fol hooligans
de stêd traktearret op in fier oer de rivier
dragend Europe, Europe, bá-bá-bye.

Dit is it eilân dat himsels weromlûkt
op syn eigen eilân, tinkt de man dy’t
yn de Poalske pub op syn byldskerm sjucht
hoe’t yn de nacht fan de bline fjochtskieding
in Ukip-hear mei stiff upperlip en
langrutsen earm knap parmantich
in boksbûgel ûnder de rokken fan Europa batst.

Der wurdt praat oer huzenhege muorren
en bikkelhurde grinzen as wiene it
hard bodies, – Britain rules the waves,
dat stek lek de boat fan wa’t hjir net heart,
bromt Joe Blow dy’t sûnder wurk oan de taap
syn whiskys docht, of wurdt it dan noait,
noait wer wat mei dat âld’ keninkryk fan ús?

En it wie yn myn dream dat in seppelin
heech oer Dover dreau, seit de man
mei de siamees op ’t skouder, iepen sprong
it lûk en tefoarskyn skeat in krúsraket,
mei foarop, wyld swaaiend, in âljende
bolhoed: O, come on baby, light my fire,
en lit it godgânske Kontinint trilje.

In man stapt allinnich oer Westminster Bridge,
lêst by in lûd miau de graffity dy’t
Brexit-Brexit blaft, en heart hoe’t op Waterloo
de ûnderwrâld syn kettingen rattelet.
Yn de kiosken kleurje de kalinders
foar it nije jier, en ûnderwilens lûkt in eilân
himsels werom op syn eigen eilân.
.

© Eeltsje Hettinga – Dichter fan Fryslân 2018/2019

ets (droge naald) – Elske Schotanus