Gerben Rypma – De keunstner fan it dûbele krús

Gerben_RypmaEeltsje Hettinga
DE KEUNSTNER FAN IT DUBELE KRUS
ynlieding en earste haadstik

TA YNLIEDING

Yn it skimer fan in nearzige winterjûn, ein 1939, ried stapfoets in brik út de Sanfurderryp wei nei Blauhûs. Under de swart learene kape fan it rydtúch hong, heal oer ’e side, in man, hoastjend en rocheljend, it wie de âlde, sike dichter en skilder Gerben Rypma. Se hienen him út syn klinte oan de Brekken helle. Der hie gjin oare mooglikheid west. Hy wie siker as in hûn. De longûntstekking dy’t er ûnder de lidden hie, joech him amper lucht. De fuorman waard moanne om foarsichtich oan. Hiëronymus Flapper, rintenierjend heareboer te Ljouwert, hie by de susters fan it Teatskehûs, it âldereinhûs oan de Vitusdyk, del west om syn swager dêr in plakje yn te keapjen, teminste as er  it libben hâlde soe. Bouke Rypma, in broer fan de keunstner, hie it op in pypfol, guon mienden, de grêfstien koe al fêst wol besteld, sa slim wie de âlde dichter der oan ta. Lykwols, doe’t er ta fernuvering fan elkenien dochs noch wer by de wâl op klaude, net liker as wie er Lazarus sels, doe namen de boeren achter yn de Sanfurderryp har trekken waar. Lykas de famylje wienen se as de dea, hy soe ris nei de Brekswâl weromkomme kinne. Dat net, hy hie der lang genôch omheukere.

Op in betide moarn wienen se mei hynder en wein nei de hutte by de mar riden, Bouke Rypma foarop, de rest der yn optocht achteroan. De klinte moast ôfbrutsen, en sa gau mooglik. Binnen hie it ien grutte binde west. Papieren, skriften, tuben mei ferve, tekeningen en skilderijen, it spul lei rûnom. In skrale wyn gûlde troch de stikkene finsters. Mei de kroade waard ‘de rotsoai’ – wat is it oars, hienen se sein – oan ’e bult brocht, bûten op de boerekarre loege en, plòk, de mar yn kroade. De klinte waard ôfbrutsen, stien foar stien, it pún brûkten de boeren  foar it opheegjen fan de dammen yn de polder. Sa waard in bestean ferkroade, in hûs ferdylge. De famylje en it folk yn de Sanfurderryp, se wienen tefreden, derfan oertsjûge dat it better wie dat de man dy’t it prestearre en fuorje de molke fan syn fee oan ’e keallen op, net wer op it steed weromkomme soe. In inkeling hie by it opromjen, in soartemint fan streekbûne foarm fan ‘ausrotten’, noch in skilderijke, in tekening, wat skrifteboel en ferwaaide papieren opfandele en dy achterút holden, it measte lykwols wie foargoed weiwurden, yn jiske en wetter.

Mei it leech kroadzjen en it ôfbrekken fan de wente oan de Aldegeaster Brekken rekke tagelyk ek in grut part fan de primêre boarnen oangeande de keunstner syn libben en wurk poater. It boarnemateriaal dat der noch is, is de beheinde kant it neist, om ferskillende redenen. Foarst, Gerben Rypma hie gjin bern. Twad, fan de neibesteanden, famylje yn de earste graad, is der, anno 2010, mar in inkeling dy’t him persoanlik kend hat. Tred, Rypma wie de minskeskouwe kant it neist; minsken krigen amper tagong ta him, lit stean dat der fraachpetearen mei him west ha. De meast direkte boarnen dy’t in ljocht smite op Gerben Rypma syn tinken en hâlden beslaan in hantsjefol brieven, in pear hûndert siswizen en spreuken oer libben en maatskippij, de saneamde ‘Siedkerlen’, en in tal ferhalen, meastentiids yn de foarm fan de anekdoate, ferteld troch kunde en famylje fan de keunstner.

Syn libben en wurk litte har net begripe as dy beide net besjoen wurde binnen in beskate literêr-histoaryske, sosjaal-ekonomyske en religieuze kontekst. Om dy reden is bygelyks in fiks part fan de Roomske emansipaasjebeweging om 1900 hinne en de skiednis fan it Roomsk Frysk Boun (RBF) beskreaun, de Roomsk-Fryske taalbeweging, dêr’t net allinnich Gerben Rypma by belutsen wie, mar ek syn broer, de folksskriuwer en Roomske politikus Johannes Rypma, teffens ien fan de oprjochters fan it RBF. Lyksa is der it nedige omtinken foar Gerben Rypma syn literêre en skilderkundige faders en foarbylden. Ommers, syn dichtsjen en skilderjen wienen net samar út ’e loft ploffen kaam.

It ferhaal oer Gerben Rypma, de hjerremyt fan de Brekswâl, sa’t de sjoernalist Jan Piebenga him neamd hie yn de ynlieding fan de útjefte Ik haw myn dreamen hawn en fragen (1965), rint yn dit boek dus net streekrjocht fan a nei b, mar lit tal fan omwegen, bochten en slingerpaden sjen. Mei it sketsen fan in tiidsbyld en it lizzen fan in tal bredere ferbannen is yn de neifolgjende biografyske skets besocht en jou it persoanlike libben fan de dichter en skilder Gerben Rypma reliëf.

Eeltsje Hettinga, Ljouwert, maaie 2010

I

Oan it fuottenein fan de wrâld

De lange, strange winter wie yn it neigean. It wie de tolfde febrewaris 1963, in sombere en suterige dei. ‘Overwegend zwaar bewolkt, met vooral aanvankelijk op vele plaatsen nog enige sneeuw. Lichte vorst tot temperaturen om het vriespunt’, melde de krante. It wie de dei dat de skilder-dichter Gerben Rypma ferstoar, allinne middenmank syn skilderijen, tekeningen, gedichten en skriften mei siswizen. Kwalstersnie lei yn de finsterbanken en it tún fan it gesticht, it Roomske âldereintehûs, midden yn it hert fan it doarp dêr’t er de lêste fjouwerentweintich jier fan syn libben by ‘de susters’ tabrocht hie. De nonnen fan it St. Theresiahûs hearden ta de saneamde ‘Congregatie Arme Zusters van het Goddelijk Kind’, ek wol ‘de Zusters van de Voorzienigheid’ neamd, in healwei de njoggentjinde ieu stichte kleasteroarder. Dizze kongregaasje hold har dwaande mei ûnderwiis en opfieding – de fingers fan Rome, se taasten fier en djip yn it dwaan en litten fan de Roomske húshâldings – en de soarch foar âlde minsken, wezen, kranksinnigen, blinen en dôven.

Teatskehus
Teresia Gesticht – Blauhûs

It keamerke fan Gerben Rypma op ’e boppeste ferdjipping, sa healwei de himel, joech útsjoch op it binnentún. By ’t moarntiid of by ’t lette jûn fernaam er somtiden de stap fan de susters, dy’t al biddend en preveljend de túnpaden delgienen. Syn wenromte wie tagelyk syn atelier of wat dêr foar trochgean moast, want yn deselde keamer, dêr’t bytiden stoef smookt en prúmke waard – njonken syn stoel stie op ’e flier in kwispelpôt – moast ek noch iten, dronken en sliept wurde. ‘Tsjin it lewant stie in heech opklapbêd en in planke derboppe fol mei skriuwark en listen.’ [1]

Guon skilderijen út it ‘atelier’ krigen plak yn de kapperswinkel fan Yme van der Meer, waans etalaazje mear as ien kear de útstallingsromte west hie foar Rypma syn skilderijen en tekeningen: lânskippen, pleatsen, portretten en fee. Soms waard der in stikje ferkocht, foar fiifentweintich, tritich, op ’en heechst fiifentritich gûne, mear hie mynhear ‘de galeryhâlder’ net freegje mochten. ‘”Wêrom klapst der net in tsientsje by op”, hie Van der Meer útsteld. “Wêrom soe ik?”, hie er de kapper te ferstean jûn, “wa’t neat ferlanget, besit it measte.” Hy joech net om jild, it koe him ienfâldich net skele.’[2] Blykber wie dat in patroan. It feefoerfabryk UT fan Akkrum, ek wol bekend as Delfia, frege him oait om in kalinder te meitsjen, in relaasjegeskink foar de boeren. ‘In earfol oanbod, soenen je sizze. Omke, dy’t doe al yn it Teatskehûs siet, krige in honorarium fan tûzen gûne tasein. Mar omke wegere. Tûzen gûne fûn er fierste folle jild.’[3]

As er út it Teatskehûs stappen kaam, hie er daalks it útsjoch op de Himdyk en de boppe alles úttuorkjende Sint Vitustsjerke, mulpunt fan de Blauhúster mienskip. Yn de Roomske parochy Sinsmar, sa’t Blauhûs foarhinne hjitte, wienen it de saneamde Wereldhearen dy’t by de jierren lâns de tsjinst útmakken. It wie in slach geastliken, pastoars en kapelaans, dat net ta ien bepaalde orde of kongregaasje hearde. Yn harren trou oan Rome en yn harren útlis fan de rigels fan datselde Rome wienen dizze troch it bisdom oanstelde prysters faak de strange kant it neist. Oan it Frysk hie men oer it generaal net botte folle boadskip, dat wie in taal sûnder nut of wearde, âld izer. De misse, mei Gregoriaanske sangen lykas it steatlike en sobere Pange Linua, in koarsang nei in gedicht fan Thomas van Acquino, gong yn it Latyn. Inkeld de preek, healwei de misse, waard yn it Nederlânsk dien. Dat wie ek de fiertaal yn de pastorije nêst de tsjerke oan de Himdyk, it wie in taal dy’t hast yn alle Roomske parochy’s yn Fryslân foar master opsloech.[4]

Foar it angelus, it gebed fan tolve oere middeis, hie de grutte klok dy betide febrewarismoarn krekt ien kear let, net twa of trije kear. Dat lêste wie inkeld weilein foar de heareboeren, notabelen en oare lju fan kwizekwânsje. Bingelen de klokken twaris, dan wie it in slach better, twadde klasse, lju dy’t de beïerdiging sels bestuiverje kind hienen. ‘Als de klok maar één klok luidt, dan is het een arme sloeber. […] De kerk is een duidelijke weerspiegeling van de ‘klassen’ in de maatschappij.’[5] Dyselde yndieling yn klassen waard ek oanholden by de ynsegening fan houliken, it ferpachtsjen fan sitplakken yn de tsjerke of de rang dy’t in novyt taparte krige yn de hiërargy fan de Kongregaasje fan de Earme Susters fan de Foarsjennichheid. Dat plak wie ôfhinklik fan wat der finansjeel ophoaste wurde koe. De dochter fan in heareboer mei trije pleatsen koe it as novyt ta oerste skoppe; de dochter fan in boere-arbeider dêrfoaroer hie meastentiid gjin oare kar en begjin as ‘wurkster’, earne op de ûnderste triem.[6] Dyselde Roomske hiërargy hie der ek foar soarge dat de dichter en skilder fan ’e Brekswâl yn tsjerke in sit op ’e achterste bank hie, ien fan de fergeze plakken, ornearre foar earmoedlijers, stakkerts, stumpers en gekken.

Geandewei hie er wat langer wat minder yn tsjerke te finen west, hy hie net in soad op mei de Roomske rituele poppekast. ‘Hy gong ienkear yn it jier, yn juny, mei kommuny. Dat wie him moai genôch. Hy hat him ek net betsjinje litte wollen, hy wegere dus it sakremint fan it hillige oaljesel. ‘Want,’ sei omke, ‘as jo goed libbe hawwe, hoecht soks net.'[7] As er op snein al yn tsjerke kaam, dan siet er achteryn op de brune knibbelbanken, it hânmissaal faak op ’e kop. It sigaarke fan it merk Uiltje Knap[8] koe er krekt in tsjinst lang baarnende hâlde om, nei ôfrin, sa wat prommeljendewei, op te merken: ‘Wy hawwe wer mei fjoer bidden.’ [9]

Stasjon Aldegea
Stasjon Aldegea

It hie yn 1921 west, fjouwer jier nei it ferstjerren fan syn mem Antsje Teijes Brattinga, dat er him nei wenjen sette yn in lytse, mei âld hout boude hutte oan de igge fan de Aldegeaster Brekken, achter yn de Sanfurderryp, in oarde oan it fuottenein fan de wrâld, dêr’t er achttjin jier syn wen- en wurkplak hie, tegearre mei in pear kij, wat keallen, in stikje bou en in boatsje foar de fiskerij. Soms, by ’t jûntiid, hearde er yn ’e fierte it pypjend lûdzjen fan de stoomtrein Starum-Snits, dy’t fierderop by it stasjon ûnder Aldegea (W.) stilhold. Ta in hichte wie de trein it symboal fan de Foarútgong, de wrâld fan de Rede, in ûntjouwing dêr’t Rypma it net op stean hie. Foarútgong, sa skreau er yn ien fan syn gedichten, ‘bant poëzy en sielerêst wei’.[10] Yn it puollegebiet ûnder Greonterp libbe er allinne, as in klúzner, yn en mei de natuer, ûnder de stim fan de wyn en it wetter en de dieren, dêr’t er trochstrings better mei koe as mei de minsken.[11]

Ik libje net dy amerijen
It minskelibben, drok-oerstjûr,
As my bitsjoening bynt, by’t swijen
By fromme wijing fan natûr.

[…]

Hjir is yn iensumens forromme
It hert fen falske foarmen frij
En kin de eange striid ûntkomme
Tsjin skyn en hún en tsjinpertij.[12]

Net oars as de bewenners fan de earste terpen yn it âlde Middelseelân, by wa’t der gjin skieding wie tusken huzinge en feestâl, sa hie er bytiden, as de froast oer de loft kaam en der amper in krom waarmte te besetten wie, tegearre mei syn fee yn ien romte sliept. De dichter, allinne mei himsels, iensum, wanhoopjend soms en ‘aloan longerjend nei in dreambyld dat gjin wêzen bringt’.

Winter [13]

In deadendream. Gjin leafdeliet
Fan libbenslok. De wémoed swier
Op ’t ierdryk siigd. Unmerkber giet
De hertstocht fan natûr. Sa fier
De útkomst oan de drôve wei
Hweroer de eange tsjusternis
Yn dize leit. De earme dei
Dy ’t doalende en freegjend is.
Ferkwynt yn neatigens en leed
Fen it minachte diel hweroer
Gjin eagen gean as dy fan need
En eangst. Dy sûnder hope, njoer
Hjar sleaten. Aloan longerjend nei
In dreambyld dat gjin wêzen bringt
Yn moarntiidsgroet noch nolke rêst
Yn jounskoft. O, ho earnstich twingt
It swiere libben ’t lok. En dwêst
Yn ’t herte teare fieling, himelgloed
Fen tiidne jeugd en sielsgeniet…
En britsen fynt de libbensmoed:
In deadendream – gjin ljeafdeliet.

Somtiden wie er by min en ûnlijich waar yn Aldegea op de fyts stapt, om in skoft útfanhûs by syn oantroude neef, de ferver en keunstskilder Jaring Walta (1887–1971) yn Wytgaard, syn ‘keunstbroeder’, mei wa’t er lêze en skriuwe koe. It wie in plak dêr’t yn de jierren tweintich en tritich tal fan Fryske skriuwers en byldzjende keunstners oer ’e flier kamen. Under harren de roman- en ferhaleskriuwer Reinder Brolsma en Sjoerd Rintsjes Sipma, boer te Ingwierrum en lesjouwer Frysk. Fierders dûkten de skilders Evert Caspers, Jan van der Horst, Hans van der Schaaf en Anders van der Sloot geregeldwei yn ’e Wytgaarder ferverssaak op.[14] Utsein dizze útfanhûzerijen heukere Rypma allinnich op ’e Brekswâl om, en as Job sa earm. Guon boerinnen op ’e Ryp misten by’t moarntiid wolris in himd of in blauwe seilbokse fan de line.[15] Soms knipte er him, út in âlde jute– of ierappelsek, in nij baitsje, en sa rûn er der bytiden hinne as wie er de reynkarnaasje fan de fertutearze, troch ûngelok en earmoede pleage Wûnzer skoalmaster en dichter J.C.P. Salverda (1783-1836).

Oer de beammen by de Sint Gregoriusskoalle oan de Van der Looswei, de strjitte, neamd nei skoalmaster Theodorus van der Loos dy’t oan ’e ein fan de njoggentjinde ieu ien fan de foaroanmannen west hie fan it katolike reveil yn Fryslân, sweefden dy kâlde, ûnlijige wintermoarn, begjin 1963, kloften krieën. De skrassende loft wie griis en ûnbestimd. Troch it doarp gong it hoare lûd fan de ronkjende motor fan de Fahr-trekker fan boer Evert Ypma út de Sanfurderryp. Hy wie mei syn soan op wei nei de smidte fan Sjoerd en Ridsert, twa bruorren fan Siep van den Berg (1913–1998), de byldhouwer en skilder dy’t nei de Twadde Wrâldoarloch nei Parys tein wie, dêr’t er ûnder oaren by de skilder Alberto Giacometti yn de lear west hie. Fan datoangeande wie Gerben Rypma oer alle boegen it tsjinoerstelde fan de kosmopolyt Van den Berg. Rypma hie him in libben oanien beheind ta syn ‘oarde fan sompewrâld […] en poel en pet’[16],sa’t er it ‘Myn lânsdouwe’ neamd hie, it beslettene lânskip tusken Sânfurd, Greonterp, Blauhûs, Wolsum en Abbegea, dêr’t er fan songen hie: ‘Lânsdou, ik wol dy meast biminne / om d’ ienfâld fan dyn ynlik–moai.’[17]

Yn ’e smidte fan de bruorren Van den Berg oan de Singel achter it Teatskehûs wie it noflik waarm, suver smûk. Sjoerd van den Berg lappe ien fan de twa swarte luchtweinbannen, dêr’t mankemint oan wie. Boer Evert Ypma stiek in North State op en fertelde dat syn soan by him op ’e pleats komme soe. It arbeidershûs foaroer it hôf mei de klokketoer yn Greonterp woe er fuortdwaan. It stie dochs mar leech. Gjin ferlet mear fan. Amper twa jier tebek hie dat oars lein, doe hienen se op ’e pleats, achter yn de Ryp, fuort ûnder de spoarline Starum-Snits, noch gjin elektryk, telefoan of wetterlieding. It wetter kaam út de arbeiderswente yn Greonterp. De ‘Ryp’ hearde doe noch by Wûnseradiel. By de oanlis fan de nutsfoarsjennings hie de gemeente in pear slaggen foarliker west as de gemeente Wymbritseradiel, dêr’t de Sanfurderryp ûnder ressortearre. It PEB, provinsjaal elektrisiteitsbedriuw, hie de Rypster boeren foarrekkene dat it oanlizzen fan elektryk, dêr yn dy godfergetten oarde bûten Greonterp, net rendabel te meitsjen wie. Fan itselde lekken in nutspak by it wetterliedingbedriuw. Dat in tal kearen wyks waard yn de arbeiderswente yn Greonterp in pear molkbusfol wetter ophelle. Dat kaam thús yn ‘it akwarium’[18], it waard brûkt foar tee- en kofjewetter, foar de ôfwask en it toskbjinnen. De rest fan it wetter dêr’t men ferlet fan hie – de bern waarden yn de tobbe wosken – kaam út de reinbak, dêr’t sa altemets in mudhûn yn gong om it wetter helder en suver te hâlden. It wienen de lêste spoaren fan de njoggentjinde ieu. Mar no hie men wetterlieding. Dat de wente yn Greonterp moast mar fuort, hie Ypma sein.

In jier letter, maaie 1964, soe it arbeidersstee foar 2500 gûne (goed 1000 Euro) ferkocht wurde oan in man út Amsterdam, in skriuwer, fan namme Gerard Kornelis van het Reve, dy’t him yn Greonterp nei wenjen sette, tegearre mei syn freon Willem Bruno van Albada, alias ‘Teigetje’, dêr’t him letteroan noch de jonge Henk van Manen, ek wol ‘Woelrat’ neamd, by foegje soe. Mei de komst fan Van het Reve soenen wrâld en tiid, ek yn Blauhûs en Greonterp, foargoed yn it tommeljen reitsje. It like ta in hichte in ferfolch op de roerigens dy’t it foargeande jier 1963 bepaald hie: de dea fan presidint John F. Kennedy, de earste foarmen fan ‘Beatlemania’, it ferstjerren fan Paus Johannes XXIII, dy’t mei it Twadde Fatikaans Konsylje de âlde Roomske tsjerke in nije teologyske jas oanlutsen hie en it ferskinen fan ien fan de meast revolúsjonêre gedichten yn de Fryske literatuer: de moderne, eksperimintele fertelling De greate wrakseling fan Hessel Miedema (1929), keunsthistoarikus en direkteur fan it keramykmuseum Prinsessehof yn Ljouwert, dy’t in pear jier dêrfoar hiel kristlik Fryslân op ’e kast krigen hie doe’t er yn ‘Trjettjin fersen’ de lêzer de neifolgjende rigels om de earen ringele: […] o nee, sei hja, / wy moatte joun dounsje / yn ’t bleate gat / mar net foar Herodes / dêrom lei ik de kul oer ’t skouder / en reizge floitsjend ôf.’ Dat wie oare kost as de Imitatio Christi fan Thomas à Kempis en it bibelboek Prediker, dy’t de dichter Gerben Rypma in libben lang op ’e nachtplanke lizzen hân hie.[19] It wienen geskriften dy’t safolle jier letter ek in wjerlûd krije soenen yn de romans en brieven fan Gerard [van het] Reve. Sa fûn yn de romte fan Greonterp en Sânfurd de Tiid syn kontinuüm.

De keunstner fan it dubele krusHawar, dat allegearre koenen de hearen Van den Berg en Ypma fansels net foarsjen, dy kâlde, sombere febrewarismoarn fan 1963. Doe’t Ridsert van den Berg sawat klear wie mei it lapjen fan it stel luchtweinbannen kaam Evert Ypma syn soan, dy’t yn it doarp boadskippen dien hie, de smidte yn draven. Bûten jagen snieflokken. Oft se it al heard hienen. De âlde skilder wie ferstoarn, dy fan dy ‘gedichten’. Djip sakke dy dei it kwik yn de mûle fan de Bombrek en de wytberipe Sanfurderryp. Sinten foar de begraffenis hienen der net west. De beïerdiging soe bestuivere wurde út de opbringst fan syn, by opbod te ferkeapjen skilderijen yn kafee Wijbenga. It wie útrûn op in soarte fan lotterij. It spul die neat. Jan en Alleman dy’t nei ôfrin mei in skilderij ûnder de earm oer ’e dyk toffele, want fergees no.[20] Mei syn ferstjerren ferreizge in njoggentjinde-ieuwer, in dichter en skilder, ferdield tusken it ierdske en it himelske, tespjalte fan ljocht en tsjuster. De skilder en foarmjouwer Meinte Walta (1920-2002), in soan fan Jaring Walta, soe in grêfstien meitsje, in moai geometrysk ûntwerp, besteand út in dûbel krús, ien foar Gerben Rypma as de skilder en ien foar Gerben Rypma as de dichter.’

_______________________________________
[1] Yfke Jellesma, âld-wurknimster fan it Teatskehûs, Nijsbrief 2002, nr. 1, útjefte fan de Gerben Rypma Stifting.
[2] Mûnlinge boarne Johannes Rypma (1926), molkkontroleur en keallesketser, omkesizzer fan Gerben Rypma.
[3] Id.
[4] H.A.M. Andela, Bolsward, zeven eeuwen minderbroeders, Het Witte Boekhuis, Bolsward 1976.
[5] Tjebbe T de Jong en Guus Bary, Katholiek leven in Noord-Nederland 1956-2006: vijftig jaar bisdom Groningen, Verloren, Hilversum 2006.
[6] Mûnlinge boarne, Johannes Rypma (1926), in omkesizzer fan Gerben Rypma.
[7] Mûnlinge boarne J. Rypma-Altenburg, in âld omkesizzer fan Gerben Rypma. Sjoch ek: ‘Hy wie net fan ‘e tsjerke en ek net fan de merke.’ Friesland Post, maaie 1990.
[8] By Tresoar is in tal sigaredoazen, mei tekeningen en sketsen fan Gerben Rypma bewarre. It merk is Uiltje (Knap).
[9] Mûnlinge boarne Johannes Rypma.
[10] Ut: ‘Mounle-ôfskie’, yn: It Heitelân, oktober 1929.
[11] Mebius Brandsma, ‘Gerben Rypma’, yn: De Katholike Fries, nr. 1, jannewaris 1960.
[12] Ut: ‘Natûrgeniet’, yn: It Heitelân, augustus 1933.
[13] Ut: Fryslân, tydskrift fen it Selskip for Fryske tael en Skriftekennisse, jrg. 1936, s. 1.
[14] Ynterview mei Jarich Walta fan Warten, in soan fan de skilder Meinte Walta, oftewol: in pakesizzer fan de skilder Jaring Walta.
[15] Mûnlinge boarne Jap Ypma, earder boer yn de Sanfurderryp.
[16] Ut it gedicht ‘Myn Lânsdouwe’ (1923),  yn:  Ik haw myn dreamen hawn en fragen (s.58-59): ‘Hoe dierber bisto my myn oarde / Fan sompewrâld, fan poel en pet / Mei sêfte plommeslach omboarde.’
[17] Id. 18.
[18] Mûnlinge boarne Jap Ypma (1950) dy’t grut waard op in pleats achter yn de Sanfurderryp.
[19] Mûnlinge boarne Johannes Rypma.
[20] Mûnlinge boarnen Simme en Sytske Andringa.