Gerrit Hiemstra hâldt Rede fan Fryslân
Waarman Gerrit Hiemstra hâldt op 3 oktober de njoggende Rede fan Fryslân. Ûnderwep is de klimaatferfoaring. Neffens Hiemstra sil de opwaarming fan de ierde ympakt ha op hiele maatskippij.
Mear dan we no miskyn no beseffe. “It is no tiid om in kar te meitsjen, ek yn Fryslân” fynt Hiemstra. As meteorolooch en as besoarge en belutsen Fries om útens sil hy syn fyzje diele hoe’t we der yn Fryslân mei omgean kinne.
De Rede van Fryslân is útgroeid ta in jierlikse tradysje. In pommerant fan bûten de provinsje hâldt mei it each op de takomst Fryslân de spegel foar. Eardere sprekkers wiene Coen Teulings (CPB), Bernard Wientjes (VNO/NCW), Gerdi Verbeet (âld-foarsitter Twadde Keamer), Olaf Koens (sjoernalist fan it jier), ZKH Prins Carlos de Bourbon de Parme, Pieter Winsemius (bedriuwskundige, publisist, âld politikus), en Herman van Rompuy (âld-foarsitter fan de Europese Raad)
Krekt as foargeande jierren is de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert it dekôr fan de lêzing. As dichter fan Fryslân lês ik twa gedichten, de earste oer it klimaat en de twadde oer de Wadden.