Gysbert Japicxpriis 2019 foar Aggie van der Meer
(25-09) In foech tweintich jier ferlyn kocht ik de bondel ‘De stêd, it bist, de ingel (in balladeske)’ fan Aggie van der Meer (1929) út Boalsert, de stêd fan de 17de iuwske dichter Gysbert Japicx. Dêrnei folgen noch tal fan poëzybondels, romans en ferhalen. Hjoed krige de skriuwster en dichteresse de Gysbert Japixcs taskikt foar har hiele oeuvre.
As lytse bern, dy’t út Burchwert wei op ‘e roomske legere skoalle yn Boalsert giene, hiene wy gjin Fryske les. Gysbert wie ús ûnbekend. Letter pas ûntdutsen wy ‘de grutte liuw’ fan Boalsert, in sizzen dat ús heit net allinne brûkte foar de Martinitsjerke – de klokken droanden en brulden by hoar waar fier oer de doarpen hinne -– mar ek foar Gysbert-om.
Boalsert is dé stêd fan de dichters, al wie it mar omdat it ek it wenplak west hat fan Joast Hiddes Halbertsma, sûnder mis de wérklik grutste 19de ieuske Fryske skriuwer en dichter, teffens predikant en taalwittenskipper dy’t begjin njoggentjinhûndert anneks wie mei de herwurdearring fan Gysbert Japicxs syn dichtwurk. (Lês ek de prachtige biografy fan Alpita de Jong Triomfen en tragedies van een uitmiddelpuntig man Joost Halbertsma.)
De stêd, it bist, de ingel wie Aggie van der Meer (1929) har poëzydebút. In bondel fan komsa. Tegearre mei Elske Schotanus, dy’t ék dit jier ien fan de fjouwer nominearren foar de Gysbert Japicxpriis wie, haw ik de bondel yn dy snuorje mear as ien kear lêzen. Alle kearen weroan wie it in ûntdekking, in feest.
It wurk yn dy bondel hat sterke oerienkomsten mei de âlde romantyske ballade, in sjenre dat weromgiet op âlde folkslieten. De gearstalde strofebou en strakke rymskema’s dêrfan binne by Van der Meer ferfongen troch in kollaazje fan fragminten. De ynhâld fan de balladesken beslacht it tema fan de macht, it misbrûk dêrfan, it ivige marsjandearjen mei rigels en wetten, in spul dat de minske as yndividu yn ‘beset gebiet’ hâldt en dat him lang om let ta meirinder en figurant makket, alteast as er it net yn de kant set tsjin de ynstitúsjonalisearre Machten fan polityk, godstsjinst en massamedia en alle dêrmei oprinnende foarmen fan morele ûntheistering…
Nije wike by wize fan lyts earetribút in langere skôging oer de poëzy fan Aggie van der Meer. Hjirûnder in fragmint út har debút De stêd, it bist, de ingel.
SEPTIMBER
“De hjerst komt mei flewiel, as wie der neat te rêden. De flearen rûke noch nei net fergean. De strjitte leit der útsocht hinne.
Twa froulju heine de lette simmer op om dy mei kuorrenfol yn ’e hûs te heljen. Se sizze dach tsjin in âlde man dy’t, salang’t it kin, út is op wat waarmte.
De lêste bern wurde roppen om thús te kommen.
Dan is it jûn. Der is gjin ûntkommen mear oan.
De benearing, dy’t de stêd beet hat, hat noch gjin wurden. Yn ’e glêzen binn’ de eangsten oer en wer noch net te lêzen. Hat de opteinens, de nocht oan ûnnocht, noch gjin maat, gjin gesicht. De reade tekens klopje oan ‘e ruten. Skarlekken, ferlokjend. Betsjoenende fingers, bangmakkerij.
Yn ’e keamers baarne de lampen, keare de gerdinen de driging.
De man, de frou, it bern, allinnich yn it hurde bêd, sjogge de nacht, mei lange swarte trêden. Hy grypt de buorren by de kiel, sûcht him oan ’e doarren fêst.
De dichter is op dreef, giet it meunster te liif, ferpopket it mei falske útfynsels, dolt driftich nei de kaai. Man tsjin man, gjin belies, elk syn geheime wapens.
De oare moarns kraait gjin hoanne. Twa wite bleien lizze yn it gers foar munt. De kat wol der gjin bek op sette.
De drinkeldeade hat der al twa dagen lein. In frjemde lykas earder. Mannen yn wite pakken dogge har wurk. Geheime tsjinst. De kranteman komt foar de tichte doar. (…)
Ut: De stêd, it bist, de ingel (in balladeske), in fragmint út de balladeske ‘Septimber’, s. 22.
Eeltsje Hettinga, dichter fan Fryslân, 25 septimber