H.H. ter Balkt (1938-2015) – De mollen – stimmen 51
DE MOLLEN
By syn opdroege swarte Styx dolt Charon
de fearman, syn roeiriemen ta kloeren oergien ,
wachter fan de ivoaren poarten en eachskaad;
nei ierde oerset swijen de fleanende miten
ûnder de sulveren gasp fan De Dolfyn en Swan
by de ûnderierdske Styx, de boat fan it biente.
Sachtsinnige ûnderwrotters yn har bûntjassen
fan Russyske adel út de tiden fan De Mantel
sliepe de ta mollen oergiene Charons yn har gongen
nachtswart mei speake lea yn ûndergrûnske burchten,
’t Lânfolk seinen jaand mei sinjalen fan ierde,
in bepûlemûlke ‘Lân yn sicht’ tusken har tosken…
DE MOLLEN
Bij zijn opgedroogde zwarte Styx graaft Charon
de veerman, zijn roeispanen klauwen geworden,
wachter van de ivoren poorten en oogschaduw;
aarde geworden zwijgen de vliegende mythen
onder de zilveren gesp van De Dolfijn en Zwaan
bij de onderaardse Styx, de boot van gebeente.
Zachtzinnige ondermijners in hun bontjassen
van Russische adel uit de tijden van De Mantel
rusten de mollen geworden Charons in hun gangen
nachtzwart uitgestrekt in ondergrondse burchten,
seinend naar t landvolk met signalen van aarde,
‘Land in zicht’ mompelend tussen hun tanden…