It hânskrift, de rein en de leechte – tabula rasa

(14-08) De earste oansetten ta it gedicht ‘reliëf’, ornearre foar de útstalling Tabula rasa, dizze hjerst op ‘e Sweach, kamen lêstenwyks, doe’t de sinne omtrint út it fel sprong, op  papier. It wie noflik skriuwen yn it skaad fan de liguster, hjir achter hûs. Myn oantekeningen meitsje ik meastentiids mei in swarte Marker-filtstift, geryflik ark, al wie it mar omdat de beweging fan de hân oer it papier oars is as it tikjen fan fingers op in toetsebuord, sterker: it is as wol it wurd sels better (op) komme.

Stadichwei waard it skimer, flearmûskes tommelen oer de liguster, autolûd sûze hoar de Lodewykstrjitte oer. Yn de doar foel ik yn sliep by oargelmuzyk fan Bach, deselde muzyk dy’t ik ein july heard hie yn de Grutte Tsjerke doe’t Theo Jellema de pûsters trape. It papier mei de oansetten ta it gedicht ‘reliëf’ lei noch op de tegels doe’t ik wekker waard. It miggele lichtsjes. Glysterspoaren fan slakken hiene fikse gatten en skuorren yn it papier lutsen. Iters fan planten of fleis, it sil, mar dat slakken it op poëzy foarsjoen ha, dat wie my nij. Fan de wurden en rigels sels wie net folle mear oer. By it dochs al ûnmooglike hânskrift dat ik haw, kaam it gehiel lykwols in moai ein de rjochting út fan it ûnderwerp ‘leechte’, ien fan de tema’s by de kommende Tabula Rasa-útstalling op ‘e Sweach.

By dizzen de earste twa rigels fan it langere, by in wurk fan de Nederlânsk-Flaamske skilder Bram Bogart skreaune fers ‘reliëf’. (25-08)

RELIEF

Mei bergen ferve, sân en semint, o, sauvage, sauvage,
hat de skilder de skilder praktyskwei farwol sein (….)

Onder bergen verf, zand en cement, o sauvage, sauvage,
heeft de schilder de schilder nagenoeg opgedoekt (…)