Happe, happe, happe en de lytse ferskes fan o, tralala
(20-05)
Happe, happe, happe,
mei ik fannacht
mei dy te stappen,
stappe oer de dakken,
stappe oer de see
lay-lady-lay
dy D-day dat ik
yn dy ferdwyn
tsjin alle skyn yn
ien en ivich
begjin
fan hynder fyn
.
@ Eeltsje Hettinga