Hat It Skriuwersboun noch besteansrjocht?

Der hat in soad te dwaan west om de nije provinsjale oersetregeling, ûnderdiel fan de ‘Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân.’ Belangeferstringeling, monopolisearring en ûntrochsichtich holden prosedueres hingje as in fette swarte rourâne om It Skriuwersboun hinne.

hoedIt is in protte minsken út it ûnderwiis, de literatuer en de media yn ’e wei dat de provinsje Fryslân foar in oersetting pas finansjele stipe jout as de oersetter oansletten is by it Nederlands Genootschap van Vertalers (NGTV), konkreet: ‘het beroep van vertaler en/of tolk als hoofdberoep uitoefenen of als nevenberoep, zelfstandig dan wel in dienstverband.’Troebel

It yninoar setten fan de nije, sûnt ien july jildende oersetregeling is lang oer dien. Yn earste ynstânsje waard ynset op in oersetterstaryf fan 0,15 sint it wurd. De prosedueres dy’t mei it iene en oare mank wienen, wienen de ûntrochsichtige kant it neist.

Sa wie it net altiten dúdlik ûnder hokker pet de belutsenen by de tariedings behelle wienen. “Ik haw op ferskillende mominten yn ferskillende settings oerlein mei provinsjale amtners,” liet oersetter, útjouwer en bestjoerslid fan It Skriuwersboun Anne Tjerk Popkema healwei augustus (17/08) op Facebook witte, “mar net as adviseur.”

Op de gearkomste fan ein juny, doe’t de provinsje op de Twiebaksmerk yn Ljouwert de definitive ‘Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân’ buorkundich makke, wienen neist Popkema ek fertsjintwurdigers fan de Fryske ynstituten oanwêzich, ûnder oaren Ernst Bruinsma (AFUK / tydskrift De Moanne).

‘gjin beswier’

Off the record lit ien fan belutsenen oer dy bewuste gearkomste witte dat “de oersetters gjin inkeld beswier makken tsjin de betingst fan in NGTV-lidmaatskip.” Dat makket it spul nochal fermaaklik, om mar net te sizzen ûnderdúmsk.

Foarst, leden fan it bestjoer fan It Skriuwersboun – trijekwart derfan is oersetter – wiene direkt of yndirekt op ‘e hichte en/of ynskeakele by de tariedings fan de oersetregeling. Nei de achterban ta wie der lykwols op gjin inkelde manier sprake fan in heldere, dúdlike en transparante foarljochting oangeande dat wat der oan te kommen stie. De webside fan it Boun bleau yn dit stik fan saken it hiele jier troch blanko.

Twad, neidat de oersetregeling allang yn kalk en semint wie, kaam de sûnt ein ferline jier (!) besteande oersettersgroep fan It Skriuwersboun, mei dêryn û.o. Tryntsje van der Veer, Geart Tigchelaar, Anne Tjerk Popkema, Ytje Hoekstra en Abe de Vries, pas yn it gewear.

Ferset of protest kin dat abbelearjen net neamd wurde. It ferslach fan ferline moanne (dd. 05/09) fan neamde oersettersgroep is dêr dúdlik oer: ‘It liket ús foarearst it bêste om dochs fia it lidmaatskip fan it NGTV te wurkjen.’

Dat lêste sizzen wie sa likernôch de echo fan wat Skriuwersbounbestjoerlid Popkema healwei augustus, al salvjend en strikend, op Facebook ferkundige hie: ‘Alles byinoar fyn ik de regeling wolwollend en men kin it no net ienris eltsenien nei it sin meitsje. Dit is wat der no leit, en ynearsten sille wy it hjir mei dwaan moatte.’

Oersetmonopoalje

Dat men sa’n NGTV-lidmaatskip foarearst it bêste taliket, is fansels net alhielendal frjemd. Mei it lizzen fan sa’n drompel wurdt de ‘pool’ fan oersetters sa lyts mooglik holden (en dus mear gelegenheid foar Oersetter & Ko om al plomstrikendewei by û.m. de provinsje mear oerheidsjild op te striken.)

Fierders docht dyselde oersettersgroep yn it niisneamde ferslach de suggestje om in kommisje yn te stellen dy’t in oersetter op grûn fan syn/har kwaliteiten as subsidiabele fertaler foardraacht. Mei dat ballotaazje-útstel wurdt min ofte mear in twadde drompel c.q. garânsje ynboud om it oersetmonopoalje by in sa’n lyts mooglik groepke fan oersetters te hâlden.

Projekt-P, Frysk skriuwersprotest, mei hast elk oerein tsjin de neo-liberale kultuerpolityk fan de Provinsje
Projekt-P, Frysk skriuwersprotest, mei ‘street spirit’. Solidêr of net solidêr (oerein of net oerein)

Mei de ‘Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân’ sa’t dy no knipt en naaid is, ynbegrepen de wize wêrop’t dy troch it bestjoer fan it Skriuwersboun ûnderskreaun is, is ek wat oars mank: de wetlike ferplichting  fan de Fryske oerheid ta it ferfryskjen fan alderhande publikaasjes fan de oerheid, ûnder mear dy fan gemeenten en de provinsje, wêrby’t ferlet is fan oersetters. Der is dus, roffel foar rôf, wat te heljen.

It belanget in saak oan dêr’t tsien- en tsientûzenen euro’s mei muoid binne. De Fryske oerheden moatte ommers op grûn fan alderlei taalwetten, ynbegrepen de nije, sûnt ien jannewaris jildende ‘Wet gebruik Friese taal’, elk it rjocht garandearje om yn it kontakt mei bestjoersorganen ek it Frysk te brûken, sawol skriftlik as mûnling.

Korrumpearre

In iepenbier buorkundich meitsjen fan dat soarte oersetklussen fia de media, de Fryske ynstituten of de siden fan it Skriuwersboun, dêr wolle de ferantwurdlike taal- en kultueramtners blykber net oan. It Skriuwersboun hâldt him koest. It iene en oar wurdt, sa’t skynt, leaver ynformeel regele, mei navenant alle gefaar fan nepotisme of oare foarmen fan freontsjepolityk. It makket in lytse ‘ons-kent-ons’-kultuer lykas de Fryske der inkeld mar behypliker op.

Ek al seit it Boun in organisaasje te wêzen dy’t de algemiene belangen fan har leden behertiget, it oerlis oer de nije provinsjale oersetregeling lit sjen dat it bestjoer fan it Boun dêr gjin inkeld boadskip oan (hân) hat, want eigen winkel earst, oftewol: It Boun as dekmantel foar it eigenbelang. Oer de rêch fan ûnwittend holden leden hat dit bestjoer himsels wilens sa korrumpearre dat guon leden it lidmaatskip opsein ha.

Lús yn de pels

Krekt yn in klimaat wêryn’t de Fryske ynstituten en de Fryske taal- en kultuerpolityk sterk mei-inoar ferweve of better, yn inoar begriemd binne, is it saak dat de keunst en polityk net allegeduerigen byinoar op skurte sitte. In organisaasje as It Skriuwersboun soe yn dit stik fan saken de krityske lús yn de pels fan de Fryske kultuerpolityk wêze moatte.

Mei sa’n ynstek soe it bestjoer fan dit Boun bgl. ek fragen steld hawwe by it rilen en silen fan it yn 2011 mei 190.000 euro subsydzjejild skewielde Boeken fan Fryslân, soe it kanttekeningen makke ha by de stroperige fergaderkultuer by de letterkundige politburo-ôfdieling fan Tresoar, soe it yn it stik fan de Staveringswiziging it ôfrûne jier foar in aktivere en mear ynformearjende opstelling keazen hawwe, ensfh.

It is tiid dat It Skriuwersboun in nij tiidrek yngiet, dat is te sizzen: oangiet op in omfoarming ta in werklik iepene, profesjonele en ûnôfhinklike organisaasje foar de behertiging fan de belangen fan de yn Fryslân wurkjende skriuwer. Om werklik profesjonele  ynhouten te krijen soe de organisaasje ûnderdiel wurde kinne fan de  fakorganisaasje VvL (Vereniging van Letterkundigen). Foardiel derfan: minder petten, minder ferfrisseling fan belangen ek, mei dêrfoaroer net allinne mear kâns op in ferbettering fan de kulturele en maatskiplike saken fan skriuwers en oersetters, mar ek gâns mear street spirit.

Soene it bestjoer en de leden dat oandoare om in seksje binnen de VvL te foarmjen, se soenen helden wêze.

.