‘Hjoed oktober ien’ – Barcelona


(02-10, 2017)

 

Hjoed oktober ien –

Se sjitte mei skerp, sjitte op knibbel
en hert, wolle dy krûpe litte, krûpe

foar in regear dat yn Franco’s sok
syn glimkjende masker ôfskuord hat.

Der skimpt in skaad oer âld Kat’lûnja,
’t Is de haat fan Rajoy en Madrid.

Se rôvje dyn stimme, dyn lûd, wolle
datsto, net oars as oait Goya’s folk

op maaie trije (*), bûchst en bûchst
foar harren Ynkwisysje, no hjoed

oktober ien, mei de riptysje
fan in skiednis, fol geweld en bloed.

.

@EH, 02-10
.

(*): ‘De derde mei 1808’ [ ‘Maaie trije 1808’] Francisco Goya

 

.

 

Lês ek Cees Nooteboom syn mear as krityske en mei rjocht makke kanttekeningen by de ûntwikkelingen yn Kataloanje, de ûnferdraachsumens en it brûken en/of driigjen mei geweld, sawol fan de kant fan Madrid as fan de separatisten sels. It jout net allinne in oant op it bot ferdielde regio wjer, mar ek de (histoaryske) kompleksiteit dy’t dêr net swak yn byspilet.  fan In sitaat út Nooteboom syn skriuwen yn De Groene Amsterdammer fan begijn oktober. (….) Hartstocht, angst, haat in de media. De jonge leidster van de Catalaanse oppositie Inés Arrimadas van Ciudadanos, die tegen onafhankelijkheid is, wordt op internet met groepsverkrachting bedreigd, het huis van de ouders van de voorzitter van haar partij, Alberto Rivera, is beklad, verhalen over bedreigingen van academici, wie niet met ons is is tegen ons, burgemeesters die besloten hadden geen stemlokaal ter beschikking te stellen worden uitgemaakt voor landverraders, het gebruikelijke gif op Twitter en Facebook, die grandioze Californische bijdragen aan de menselijke verhoudingen. Wekenlang heeft deze soep gekookt tot zij oneetbaar is geworden, families en dorpen zijn tot op het bot verdeeld, iedereen zal zijn mond daaraan branden, of toch niet? Dat loopt wel los, was de gedachte bij velen, maar vandaag, nu het dichterbij komt, op de dag voor het eventuele referendum, is de stemming niet meer zo luchtig.”

Barcelona, Protest tsjin it geweld op ien 1 oktober