Hoarnen en Tsjillen – Kunstroute2020 – Himpens & Tearns

(18-06) –

Hjir op ’e grins tusken stêd en lân
dêr’t it wetter fan De Greuns oan fiere,
midsiuwske dagen komt,
spegelet marmerwyt jûntiidsljocht
skiednis syn hoarnen en tsjillen.

Rûk op dit oere de ierde,
flij dy del yn it gers en harkje hoe’t de wyn
fan Himpens thoe Himpens en
fan Trensa, Tarensa, Ta Thera, o, Tearns
romte omtrint dronken om de earen reauntet.

‘Fan midwinterhoarns dy’t ljocht
yn de dagen bliezen, bin ik in betide fader,
sa’t ik ienris, yn in oar bestean,
it famke Europa oer de seeën droech,
ay, heech op myn brede okserêch.

Yn it lytse streamgebiet fan it eardere
Middelseewetter strutsen wy del,
stichten ússels de gehuchten Himpens en Tearns,
fan leafde en ljocht wiene wy trije simmers en
trije winters oanien inkeld stoned.’

Fersyld yn nachtlik lege Finekswiken, mei skimen
dy’t heech oer de neonhimel strike, klinkt
foarby De Greuns in skabreus sjongen noch,
in fiere neitins oan d’ ienris lûd fan leafde
fûnkjende hoarnen en tsjillen.

.
Eeltsje Hettinga, 15 maaie 2020

 

Op de Langesân yn de wyk Suderbuorren by Ljouwert steane in pear wite seis meter hege hoarnen op in oplizzer mei tsjillen. It binne de ferwizings nei de oksehoarnen yn it doarpswapen fan it troch Suderbuorren ynsletten gehucht Tearns. De tsjillen ferwize nei it wapen fan de oanswettende buorskip Himpens. It keunstwurk sels is fan stiel, hat in gewicht fan oardel ton en makket ûnderdiel út fan de Keunstroute 2020, sa’t dy begjin maaie op priemmen set waard troch Kees Botman en Pieter Stellingwerf fan Buog (Bedenkers en uitvoerders van ongewone gebeurtenissen). Yn opdracht fan dat selskip is it fers ‘Hoarnen en Tsjillen’ skreaun.