Hugo von Hofmannsthal – Brief fan Lord Chandos

Ien fan de meast nijsgjirrige teksten yn de moderne Europeeske literatuer is it Brief des Lord Chandos fan Hugo von Hofmannstahl. Dêryn lit Chandos oan Francis Bacon witte dat er ophâldt mei syn literêre warberens. ‘Ik bin it fermogen kwytrekke om oer wat ek mar te oardieljen of dêr op koherinte wize wat oer te sizzen.’

De wurden rûgelje him op in stuit as ‘rotsjende poddestuollen’ ta de mûle út, oftewol: it fertrouwen yn taal is totaal foetsy. Dy skepsis, sis mar, de twivel oan de mooglikheden fan de taal is ta in hichte karakteristyk foar tal fan moderne dichters. It beslacht in ferskynsel dat ek oan ‘e oarder is yn it essay De stilte tusken de wurden as it wyt fan poëzy.

Om dy reden en as oanfolling op dat skriuwen is hjir Von Hofmannstahl syn ferneamde ChandosBrief nei it Frysk oerbrocht.

Von Hofmannstahl 1
Hugo von Hofmannstahl (1874-1929)

.

In brief
(ek: Brief fan Lord Chandos
oan Francis Bacon)

 

Dit is it brief fan Philip Lord Chandos, de jongste soan fan Graaf fan Bath, oan Francis Bacon, letter Lord Verulam en graaf op it kastiel fan St. Albans, in freon, by wa’t er him ferûntskuldiget foar it opjaan fan al syn literêre warberens.

Hoe foarkommend fan jo, myn nommele freon, om myn stilswijen dat twa jier duorre hat, oan kant te skowen en my dochs noch wer berjocht te dwaan. Ek hat it mear as oangenaam west dat de noed dy’t jo om my hawwe, jo fernuvering ek oer de geastlike lammenadigens dêr’t ik neffens jo yn fersonken skyn te wêzen, troch jo omskreaun is mei in lichtens en in spot dy’t eigen is oan inkeld de grutste manlju, bewust fan de gefaarlikens fan it libben sûnder dat it har moedeleas makket.

Jo slute ôf mei it aforisme fan Hippokrates: ‘Qui gravi morbo correpti dolores non sentiunt, iis mens aegrotat’, omdat jo fan betinken binne dat ik ferlet haw fan medikaasje, net allinnich om dêr myn kwaal mei te bestriden, mar noch folle mear om dêrmei ek djipper sicht te krijen op myn inerlike tastân.

Ik sil jo it antwurd takomme litte dêr’t jo rjocht op hawwe, sil neat foar jo achterút hâlde, al wit ik net rjocht hoe’t ik my dêr ta sette moat. Ik wit mar amper oft ik noch wol deselde bin oan wa’t jo jo weardefolle brief dien ha. Oftewol, bin ik it, no yn de leeftyd fan seisentweintich jier dy’t doe op syn njoggentjinde dat ‘nije Parys’, dy ‘Dream fan Daphne’, dy ‘Epithalamium’ skreaun hat, pastorale toanielstikken dy’t te’n ûnder giene oan sa’n taalpronksucht dat inkeld in himelske keninginne en in stel ja-knikkende jonkers en hearen dy stikken noch heuge?

En haw ik it ek west dy’t op syn trijentweintichste ûnder de galerijen oan it grutte plein yn Venetië út himsels wei dat stelsel fan Latynske tiidrekken útdoktere, wêrfan’t it geastlike bestek him inerlik blider makke as it sjen fan alle út see opdûkende bouwurken fan it Palladio en Sansovin? En as it sa wêze soe dat ik dóch deselde bleaun bin, wêrom koe ik dan by alle groeden dêr’t myn tinken troch-ende-wer troch pinige is, dat folslein net te bedjipjen inerlik it spoar sa bjuster reitsje dat ik sels dit lytse traktaat yn it hjir foar my lizzende brief fan jo – it leit my frjemd en kâld oan te gapjen – ja, wêrom koe ik dat dan net daalks sjen as ien gearhingjend gehiel fan kreas njonken inoar skikte wurden, mar dat ferbân inkeld wurd foar wurd begripe, net liker as krige ik de Latynske wurden sa’t se dêr harren plak hiene, foar it earst ûnder eagen?

Mar lykwols, ik bín it, wylst yn dizze fragen in retoryk skûlet dy’t it altyd goed docht by de froulju of yn it Lagerhús, mar waans machtsmiddels hjoed-de-dei slim oerskat wurde want se sjitte tekoart om ta it inerlik fan de dingen sels troch te kringen.

It is dat inerlik, dat ik jo út te tsjutten haw, it is in frjemde ôfwiking of sa’t jo wolle in sykte fan myn geast, teminsten as jo je foarstelle kinne dat my der in wiid gapjende ôfgrûn oansjocht by de literêre wurken dy’t ik hjir yn gedachten foar my lizze haw, mar dêr’t ik net ienris fan wit, sa frjemd komt it my allegearre foar, oft dy wurken wol werklik fan my binne.

Ik wit net wat ik heger achtsje moat, jo útsûnderlik grutte goedgeunstigens of jo amper benei te kommen skerp ûnthâld op de mominten dat jo my de ferskillende lytse ideeën en plannen yn ’t sin bringe dêr’t ik yn de dagen fan ús beider opteinens mei omstapte. Wier, ik hie it plan en beskriuw de earste jierren fan it regear fan ús ferstoarne, glorieuze Soevereiniteit, Hindrik de Achtste!

Fan myn pake, de hartoch fan Exeter, hie ik de neilitten oantekeningen oer syn ûnderhannelings mei Frankryk en Portugal dy’t my in soartemint fan basis joegen. En út de Sallustius wâle yn dy fan loksilligens oerrinnende dagen in stream op dy’t sa sterk wie, net liker as koe neat mear ferstoppe reitsje, dat it my it besef l fan de foarm brocht, dy djippe, út it inerlik opwâljende foarm dêr’t men pas in fermoeden fan krijt as men ien kear foarby alle retoaryske keunstgrepen is, in foarm dêr’t men net mear sizze kin dat it om in oardering fan inkeld mar de stof giet, want se kringt dêr troch hinne, tilt it op en skept poëzy en wierheid tagelyk, in oer en wer fan ivige krêften, sis, in saak, like machtich as muzyk en algebra. Dat wie it plan dat my it alderleafste wie.

Wat is de minske dy’t gjin plannen makket!

Ik boarte ek mei oare ideeën. Troch Jo freonlike brief driuwe ek dizze wer boppe. Elk fan harren, alhiel trochkrongen fan ien inkelde drip fan myn bloed, dûnsje my foar eagen as drôve miggen tsjin in tsjustere muorre dêr’t net mear it ljocht op falt fan de heldere sinne fan de lokkige dagen.

De fabels en mytyske ferhalen dy’t de Alden ús neilitten hawwe en dêr’t skilders en byldhouwers by âlds sûnder prakkesearjen in einleas grut behagen út helle hawwe, dy woe ik iepen- en bleatlizze as de hiëroglifen fan in geheime, net te oertreffen wiisheid dêr’t ik fan miende dat ik dêr, as achter in wale, de azem fan hearre koe.

My heucht ek dit idee, ien dêr’t in amper te bedjipjen sinlike en geastlike begearte oan te’n grûnslach lei. Lykas it opjage hart it wetter yn wol, sa hie ik de langst en ferdwyn yn dy neakene, glânzgjende liven, yn dy sirenen en dryaden, lykas dy fan Narsissus en Proteus, Perseus en Actäon: yn har te wei te wurden en út har inerlik wei it wurd ta de tonge te bringen. Ik woe noch folle mear. Ik naam my foar om in samling ‘Apophthegmata’ oan te lizzen, sa’t Julias Caesar der ek ien fan oanlein hat: Jo heucht de ferwizing dêrnei yn in brief fan Cicero.

Dêryn hie ik my ta doel steld om de meast singeliere útspraken byinoar te setten, sa’t ik dy garje soe by myn omgean mei de meast gelearde hearen en meast skrandere froulju fan ús tiid of mei bysûndere lju út it folk of heech ûntwikkele of treflike persoanen dy’t ik op myn reizen tsjinkomme soe. Dêr woe ik allegearre rike en wielderige rigels en gedachten út de wurken fan de âlde Griken en Romeinen by foegje, ynbegrepen wat ik fierdersoan oan geastlike sieraden yn boeken, hânskriften en petearen oantreffe soe; teffens moast dêr it ferrin by fan moaie en fraaie feesten en optochten, nuveraardige misdieden en foarfallen fan dwylsinnigens, de beskriuwing fan de grutste en meast karakteristike bouwurken yn Hollân, Frankryk en Italië en tal fan oare saken. It hiele wurk soe de titel fan ‘Nosce te ipsum’ krije.

Om koart te kriemen: yn in soarte fan oanhâldende dronkenskip kaam my it hiele bestean destiids foar as in grutte ienheid: geastlike en fysike wrâld tocht ik net oan inoar tsjinsteld, likemin it hoofske en it dierlike libben, keunst en net-keunst, iensum wêzen en mienskip; yn alles fielde ik natuer, yn de dwalingen fan de waansin likegoed as yn de uterst moai makke details fan in Spaanske seremoanje; yn de ûnnoazelheden fan jonge boeren net minder as yn de swietste allegoryen. Wylst fielde ik binnen alle natuer dat ik mysels wie. As ik yn myn jachthutte fan de skomjende lauwe molke dronk dy’t in wylde jonge boerinne samar út it jaar fan in moaie, sêft eagjende ko yn de houten amer pjitskje liet, dan fûn ik dat net oars as wannear’t ik, sittend yn de erker fan myn studio, it foar de Geast sa swiet en skomjend iten en drinken fan in Boek bepluze.

It iene wie itselde it oare. Of it no om de dreamerich meitsjende, djip ierdske natuer gong of om de fysike kracht, it iene die net foar it oare ûnder en allyksa ûndergie ik dat oer de hiele breedte fan it libben oft it no rjochts- of linksom gie. Oeral stie ik yn it sintrum fan de dingen en gjin skyn te bekennen. Ik hie it fermoeden dat alles syn gelikense hie en elk skepsel in kaai foar de oare wie. En ik fielde as wie ik by steat om skepsel nei skepsel by de kop te pakken en lis dêrnei fan al dat oare alles iepen wat der mar mei iepen te lizzen wêze soe. Dit ferklearret ek de titel dy’t ik oan dit ensyklopedyske boekwurk jaan woe.

Dejinge dy’t iepen stiet foar soksoarte oertsjûgingen soe dêr in doelbewust plan fan godlike foarsjennichheid yn sjen en fan tinken hawwe kinne dat it net frjemd is dat myn geast by sa’n oermoedige ferbylding wol ferwurde moast ta in benaudens en in swakkens, sa’t dy no de tastân fan myn inerlike sizze. Sokke religieuze opfettings hawwe lykwols gjin greep op my; se hearre ta de spinreagen dêr’t myn gedachten troch hinne sjitte, fuort de leechte yn, wylst in protte fan har kammeraten dêryn hingjen bliuwe en har yn bedêstens deljouwe. Foar my hawwe de heimnissen fan it leauwe har fertichte ta in allegory dy’t boppe de fjilden fan myn libben stiet allyk in reinbôge, winkend op in fêste ôfstân, mar himsels altyd wer weromlûkt sadree’t ik tink: draaf ik der no hurd hinne, dan kin ik my in skûlplak winne yn de seame fan syn ljochtmantel. Mar, myn nommele Freon, op dyselde wize ûntkomme my alle ierdske begripen. Hoe sil ik besykje om jo dit frjemdsoartige narjen fan de geast te ferdútsen, dit ûntsnappen fan de frucht oan myn freegjende hannen, dit tebekwiken fan it skolperjende wetter foar myn toarstige lippen?

Myn gefal is, koartsein, dizze: ik bin folslein it fermogen kwyt rekke om oer wat ek mar te oardieljen of dêr op koherinte wize wat oer te sizzen.

Stadichoan wie it foar my ûnmooglik om in heger of mear algemien ûnderwerp oan te snijen en dêrby dy wurden yn ’e mûle te nimmen dêr’t elkenien, sûnder der by stil te stean, sa flotwei fan gebrûk makket. Inkeld al by it útsprekken fan wurden ‘Geast’, ‘Siel’ of ‘Lichem’ kaam in net te ferklearjen gefoel fan ûnbehagen oer my hinne. Ik achte it inerlik ûnbesteanber en oardielje oer de wederwarichheden oan it Hôf, de foarfallen yn it Parlemint of wat jo fierders ek mar wolle. It wie net omreden fan konsideraasje, want jo kenne datoangeande myn omtrint flinterlichte frijmoedigens, mar omreden fan de abstrakte wurden sels. Dêr’t de tonge oars logysk syn wegen giet en jou alsa in oardiel, dêr rûgelen my de wurden ta de mûle út as wiene it rotsjende poddestuollen.

Ik haw it belibbe dat ik myn fjouwerjierrich dochterke Catharna Pompilia dat har besûndige hie oan in bernlik ferlechje, in fermoanning jaan woe mei har te wizen op de needsaak om altiten earlik te wêzen. Mar op it stuit dat my dy begripen oer de
lippen kamen, krige ik ynienen sa’n frjemde kleur – sa goed en kwea as it gyng makke ik al stammerjende wei de sin dien – dat ik it bern allinnich achterliet, bearend dat ik net rjocht halich wie, wylst ik mei in deableke kleur om ‘e snút en mei in ferheftigen druk op ’e foarholle de doar efter my tichtsloech en pas wer ta mysels kaam doe’t ik it hynder de spoaren joech en hurd fjouwerjend de ferlittene Hutweide út fleach.

Stadichwei wreide dizze oanstriid him út as in om him hinne frettend oksidearjen. Ek by petearen yn de hûshâlding en by oar deistich praat rôpen alle, gauris mei de grutst mooglike foarm fan fanselssprekkendheid makke oardielen sáfolle beswieren yn my op dat ik mysels twinge moast en doch net langer oan dat soarte petearen nei. It besoarge my in net te ferklearjen lilkens dy’t ik mei muoite foar my hâlde koe bywannear’t ik wer ris sokssawat hearde as: dizze saak is foar dy en dy goed beteart of foar dy en dy min; sheriff N. is in min, predikant T. in goed minske; pachter M. is in jammerdearlik minske; syn soannen binne swankebasten; oaren meitsje oergeunst yn jin los omdat harren dochters sunich binne; mei de iene famylje giet it foar de wyn, mei de oare buorket it efterút.

Dat like my allegearre sa sa leageneftich, sa min te bewizen ek, it wie allegearre sa poreus wie as it mar wêze koe. It makke my kjel hoe’t de geast my preste en hifkje de dingen dy’t yn soksoarte petearen op it aljemint brocht waarden. En sa’t ik op in kear in stikje hûd fan myn linker pink beseach dat my, as lei it ûnder in fergrutglês, tinken die oan in keal stik bou mei djippe fuorgen en greppels, sa hifke ik ek de minske en syn hanneljen.

It slagge my net mear en besjoch de dingen mei de fersimpeljende blik fan de gewoante. Alles foel útinoar yn tûzen en ien stikken, de parten wer yn parten en der wie neat mear dat him ûnder ien begryp beflappe liet. De losse wurden dreaune om my hinne. Se bestjurren ta eagen dy’t my oanstoarren en dy’t op myn bar ik wer oanstoarje moast; draaikolken binne it dêr’t my de holle fan begjint te meallen en dy’t sûnder ophâlden mar trochmealle, wylst se jin de leechte yn tommelje litte as har yn har delsjochst.

Yn dizze tastân besocht ik in taflecht te finen by de geastlike wrâld fan de Alden. Plato gyng ik út ’e wei; ik waard benaud by it gefaar fan syn hege flecht oan bylden. It meast hie ik op mei Seneca en Cicero. Ik hope dat de harmony fan harren begripen, strak oardere en ôffrede, my better meitsje soene. Mar ik koe der gjin greep op krije. Dizze begripen, ik begriep se wol: ik seach it wûnderspul fan harren evenredige ferhâldings foar my oprizen as machtige fonteinen dy’t mei gouden ballen boarten. Ik koe der om hinne fleane en sjen hoe’t se inoar de bal oerdiene, mar se hiene inkeld mar mei elkoar fan dwaan. It meast persoanlike fan myn tinken bleau bûten harren raaidûns. Yn it sintrum fan har oanwêzigens bekroep my in grouwélige iensumheid. It makke my moedeleas, net liker as immen dy’t opsletten is yn in tún mei inkeld bline stânbylden; ik flechte wer nei bûten.

Sûnt hâld ik der in bestean op nei dat jo, bin ik bang, amper begripe sille. Sûnder geast, sûnder gedachten giet it syn gong, in bestean dat him amper ûnderskiedt fan dat fan myn buorren, myn famylje en de meast achtenearre lâneigeners fan dit keninkryk, al is dat op himsels net sûnder noflike en plezierige mominten. It falt my net licht jo dúdlik te meitsjen hoe’t dizze goede mominten yninoar stekke; de wurden litte my op ‘e nij yn ’e steek. Want it lit him net beneame en eins is it ek amper te omskriuwen hoe’t by soksoarte mominten in eigenmachtig, yn myn deistich libben foarkommend ferskynsel him oan my sjen lit op in wize dy’t net oars is as by in wetterfet dat oerrint troch in floed oan heger libben.

Ik kin fan jo net freegje dat jo my begripe sille sûnder in foarbyld, al freegje ik jo tagelyk om kleminsje foar de ûnnoazelens fan myn foarbylden. In blommejitter, in op it lân efterlittene eide, in hûn yn de sinne, in fertutearze tsjerkhôf, in ynalide, in lyts boerespultsje, dat allegearre kin it fet fan myn iepenbiering wurde. Al dizze en tûzenen oare, soartgelikense dingen, dêr’t it each trochstrings oan foarby skynt te gean mei in fanselssprekkend soarte fan ûnferskilligens, kinne krekt op dat soarte mominten, dy’t ik oars op gjin inkelde manier foar de geast tsjoene kin, staf-oer-nacht sa’n ferheven en yn it moed reitsjend karakter oannimme dat alle wurden tekoart sjitte.

Ja, it kin ek it byld wêze fan in ding dat der net is, mar dat útferkard is om hielendal fol te rinnen mei dy sêfte, ynienen opwâljende floed oan godlik gefoel. Sa hie ik koartby de opdracht jûn en strui yn de molkenkelder op ien fan myn hierpleatsen op rije wize mei rottefergif.

Op in jûntiid sette ik my yn it hynsteseal wylst ik, sa’t jo je yntinke kinne, net langer mear oan dizze saak sels tocht. Mar doe’t ik dêr stapfoets troch de djippe beploege bou ried, mei oars net om my hinne as it lûd fan in flecht út it nêst opspattende dowen by in grutte ûndergeande sinne oer de deldrachtige fjilden yn de fierte, doe seach ik ynienen dy kelder foar my, ûnderstrûpend troch de deastriid fan massa’s rotten.

Alles wie yn my: de koele, moassige kelderlucht, mei de skerpe, swiete rook fan it fergif en de kritende deadsgjalpen dy’t tsjin de dampe muorren te lider sloegen; de machteleas gearlûkende bulte spieren fan al dy wanhopich troch inoar hinne fleanende dieren; it dûme sykjen om in útgong; de kâlde, razende blik doe’t der by it tichtsette hol fan de tsjininoar opfleanende liven. Lykwols, wat sil ik op’en nij te sykjen om wurden dy’t ik ôfsward haw!

Jo witte, myn eale freon, jo noch wol de wûndermoaie skildering fan Livius yn it sin te bringen, de oeren dy’t foarôfgiene oan de ferneatiging fan Alba Longa? Hoe’t de minsken yn de strjitten omdoarmje dy’t se net mear sjen sille… hoe’t fan se fan de stiennen fan ‘e grûn ôfskied nimme… Ik sis jo, myn freon, dit gong yn my om en bestie, tagelyk mei it brânende Kartago, mar dochs wie it mear, it wie godliker, dierliker. Want it wie it hjoed, it folsleine, meast ferhevene hjoed.

Der wie in mem dy’t har stjerrende, triljende jongen om har hinne hold en net nei de krepearjende jongen omseach, net nei de ûnmeilydsume stiennen muorren, mar nei de lege loft en troch de loft hinne nei it ûneinige, wylst se har blikken fan gromjen beselskippe liet! – Net oars as in slaaf dy’t machteleas yn in kel meitsjend huverjen tichtby by de ferstiivjende Niobe stien hat, sa moat sy trochstien hawwe wat ik ûnderfûn doe’t ik seach hoe’t yn myn siel dit dier syn tosken sjen liet oan it rampsillige lot.

Nim my dit tafriel net kwealik en tink net dat it meilijen west hat dat my dreau. Dat mei jo net tinke, oars hie de kar fan myn foarbyld gjin foech jûn. It wie folle mear mar tagelyk ek gâns minder as meilijen: in oerweldigjend dielnimmen, in delsaaien yn de skepsels sels, of in gefoel dat dêr in fluïdum fan libben en dea yn wie, fan dreamen en wekker wurden dy’t foar ien inkeld momint mei-inoar gearfloeiden – mar wêr kaam dat wei? Want wat hat soks mei meilijen te krijen, wat mei de assosjaasjes fan gedachten, sa’t minsken dy no ienkear eigen binne? It wie net oars op in oare jûn ûnder de nutebeam dat my de grize oer de grouwe gong doe’t ik in healfolle blommejitter fûn dy’t de arbeider dêr yn it tún lizze litten hie en dy jitter, mei dêryn it wetter, tsjuster fan kleur troch it skaad fan de beam, wylst in wetterspin dy’t op dat wetteroerflak fan de iene tsjustere kant nei de oare roeike, doe’t ik út de neatigens fan dit gearstalde gehiel yn al syn ûneinigens mysels sa oanwêzich wist dat ik, huverjend fan top ta tean, dat ik útbarste wollen hie yn wurden, dêr’t ik lykwols fan wist, mocht ik harren al fine dat se de cherubijnen dêr’t ik net yn leau ta belies jaan twinge soene. Swijend haw ik it plak dêrnei de rêch takear om wiken letter doe’t ik dy nutebeam wer op ’e kuer krige dêr temûk en suver skou, oan foarby te riden, omdat ik it gefoel fan it sublime dat om dy stam hinne waait net ferbalje woe, likemin as de ierdske huveringen dy’t noch altyd neitrilje yn de buert fan it strewel.

Op sokke mominten wurdt in neatich skepsel, in hûn, in rôt, in krobbe, in fersutere apelbeam, in him oer de heuvels slingerjend weinspoar, in mei moas oerdutsen stien yn myn eagen mear as meast tawijde leafde yn de lokkichste nacht dy’t oait earder foar my west hat. Dizze swijende skepsels, bytiden sûnder libben, litte har oan my sjen yn sa’n oerweldigjende folsleinens, mei sa’n neifielbere leafde dat it each, bliid en wol, nearne yn ’e omkriten net ien dea plak mear ûntdekke kin.

Alles wat der is, alles wat my heucht, alles wat troch myn betize tinken oanrekke wurdt, liket my in wêzen yn himsels. Ek it eigen gewicht, de wenstige doffens fan myn brein liket betsjutting te hawwen. Ik fiel in optein meitsjend, ûneinich tsjinwicht yn en om my hinne en by de inoar tsjinwicht skinkende eleminten is der net ien dêr ik net mei gearfloeie kinne soe.

It liket dan as bestiet myn lichem inkeld út geheime tekens dy’t my fan alles iepenbierje sille, net liker as koene wy yn in nije, betsjuttingsfolle ferhâlding mei it hiele bestean stappe as wy it tinken oan it hert oerlitte soenen. Mar falt dizze frjemde betsjoening by my wei, dan wit ik dêr neat mear oer op ’t aljemint te bringen. Ik kin dan gjin sinnich wurd betinke om út te lizzen wêr’t dizze my en de hiele wrâld trochkrûpende harmony út bestien hat en hoe’t dy har oan my fielber makke hat, likemin as dat ik eksakt sizze kinne soe wat de driuw is yn de bewegings fan de ynwindige dielen fan myn liif of de gongen fan myn bloed.

Ofsjoen fan dizze frjemde ûnderfiningen, dêr’t ik trouwens amper fan wit oft ik se oan de geast of it lichem taskriuwe moat, hâld ik der in libben fan in jin hast net yn te tinken leechte op nei. Ik haw muoite om foar myn frou de strammens fan myn inerlik te ferbergjen en foar myn personiel de ûnferskilligens dy’t ik haw oangeande de saken
op myn pachtbedriuwen. Inkeld de goede en strange wize fan opfieden dy’t ik te tankjen haw oan ús heit silger dy’t my al betiid bybrocht en lit gjin oere fan de dei sûnder nut, dy opfieding jout my, sa’t komt it my foar, net allinnich foldwaande hâldfêst, mar stelt my ek by steat om foar de bûtenwacht de by myn stân en persoan passende skyn oerein te hâlden.

Ik ferspikerje in sydkant fan myn wente en kin it opbringe om my sa altemets troch de arsjitekt byprate te litten oer de wize wêrop’t it wurk einet. Ik doch it behear fan myn grûnbesit. En hoewol’t myn pachters en amtners wol troch hawwe dat in krom swijsumer bin, sille se my om dy reden net minder ûnfreonlik sjen. Gjinien fan harren dy’t mei de pet ôf yn de doar stiet as ik by’t jûntiid foarby ryd, sil ek mar it minste fermoeden hawwe dat myn blik, dêr’t men lykas bewend fol ûntsach nei opsjocht, yn heimlik ferlangen oer de fertutearze planken glidet, dêr’t men gauris nei de blauwjirmen siket as men te fiskjen sil, dêrnei troch in smel traaljefinster de bedompte keamer yn dûkt dêr’t yn in hoeke it lege bêd stiet mei de bûnte lekkens dy’t, sa’t skynt, altyd liket te wachtsjen op immen dy’t te ferstjerren komt of op ien dy’t noch berne wurde moat. Dat myn each in hoart hingjen bliuwt by de lilke jonge hûnen of by de kat dy’t linich by de blompotten lâns glûpt, wylst it tusken al dy earmoedige en lompe dingen fan wize sa’t de de boeren libjen op ‘en siik is nei dit Iene dat, noch troch gjinien opmurken, ergens delleit of stiet. De ûneachlike foarm derfan en it swijende wêzen soe de boarne wêze kinne fan dy hertstocht dy’t yn al riedseleftigens sûnder ein en sûnder wurden.

Want myn sillige gefoel dat him net beneame lit, sil earder út in fier, iensum hardersfjoer berne wurde as út it oansjen fan in mei stjerren beklaaide himel; earder út it tsjirpen fan in lêste krekel dy’t op stjerren nei dea by de hjerstwyn dy’t al dwaande is en blaas syn winterske wolkens oer de keale lannen as út it majesteitlike gedroan fan it oargel. En yn gedachten fergelykje ik mysels bytiden mei Crassus, de orator oer wa’t ferteld wurdt dat er de tamme moeriel, in trage, stille fisk mei reade eagen út syn sierfiver, sa allemachtich folle fan hold dat hiel de stêd derfan prate. Doe’t Domitus him op in kear yn de Senaat foar de fuotten smiet dat er by de dea fan dizze fisk te gûlen stien hie en him om dy reden útmakke foar ien dy’t him oanstelde, doe die Crassus him it beskied: ‘Dan haw ik by de dea fan myn fisk dien wat jo nóch by de dea fan jo earste nóch by de dea fan jo twadde frou dien hawwe.’

Ik wit wol net hoe faak dizze Crassus mei syn moeriel my yn ’t sin komt as wie ik syn oer de ôfgrûn fan de ieuwen hinne saaid spegelbyld. Mar net troch it antwurd dat er Domitius dien hie. Want mei dit antwurd krige er de lakers op syn hân, de saak waard mei in kwinkslach beslein. Myn hert giet lykwols út nei de saak sels, de saak dy’t itselde bleaun west hie, ék as Domitus, oprjocht en smertlik, syn bittere triennen om syn froulju litten hie. Ek dan noch soe er dêr tsjinoer Crassus stean, mei al syn triennen om de moeriel.

En by dat barren, wêrfan’t it bespotlike en it ferachtsjende – midden yn in Senaat dy’t it bewâld oer de wrâld hat en oer de meast wichtige saken kediist – falt it dúdlik op dat der in net te omskriuwen saak is dy’t my twingt om nei te tinken op in wize dy’t my folslein dwaas oandocht sadree’t ik besykje dy yn wurden út te drukken.

Nachts spûket my bytiden it byld fan dizze Krassus yn ‘e holle om, as wie it in splinter dêr’t fan alles om hinne swolt, siedt en kloppet. It liket as begjin op soksoarte mominten sels te sieden, bûlen opsmitend, buorreljend en brûzjend. En it gehiel set my oan ta in koartseftich tinken, in tinken oer it stoflike dat mear streekrjocht is, mear floeiber, gleoner as wurden. Ek dit binne draaikolken, dy’t dis kear net as draaikolken fan de taal nei it boaiemleaze lykje te fieren, mar dy’t op ’e iene of oare manier nei mysels wize en nei de djipste skerte fan de frede.

Ik haw jo, achte freon, al al tefolle lêstich fallen mei dizze wiidweidige skildering fan myn net te ferklearjen sitewaasje dy’t ik ornaris foar my hâld.

Jo wiene sa freonlik om utering te jaan oan jo ûntefredenens oangeande it feit dat fan de troch my skreaune boeken jo gjinien mear ûnder hannen komme wol, ‘om jo it gemis fan myn selskip ferjitte te litten.’ Ik fielde op dat stuit mei in wissichheid dy’t net alhiel frij wie fan in ûndertoan fan fertriet dat ik tenei en letteroan en by alle jierren dy’t ik noch te libjen haw gjin Ingelsk of Latynsk boek wer skriuwe soe. Ik lit it oan jo ûneinich geastlike oermacht oer om dat mei skrander each in plak te jaan yn it harmoanyske, wiid fersprate ryk fan de geastlike en stoflike ferskynsels as it om de reden giet, en dy hat foar my bysûnder pynlik west hat, nammentlik de taal. Ik hie dêryn, as de kâns krigen hie, wol op likegoed it skriuwen as tinken útlizze kinnen, mar dan hie dat net bard yn de Latynske noch de Ingelske noch de Italjaanske noch de Spaanske, mar yn in taal dêr’t ik net ien wurd fan ken, in taal wêryn’t my de stomme dingen oansprekke en wêryn’t ik miskien oait , ienkear yn it grêf, my foar in net bekende rjochter foar ferantwurdzje moatte sil.

Ik soe graach sjen dat it my jûn wurdt en bring yn dizze lêste wurden fan dit nei alle gedachten lêste brief dat ik oan Francis Bacon doch, alle leafde en tankberens byinoar yn in bewûndering dy’t sûnder grinzen is, sa’t ik dy opbrocht haw foar de grutste woldogger fan myn geast, de earste Ingelskman fan myn tiid en dy foar ivich hâlde sil oant de dea dy te ferbrekken komt.

A.D. 1603, Augustus de 22ste
Phi. Chandos.
[1902]

.

  • Hugo von Hoffmanstahl, Ein brief (1901-1902), Gesammelte Werke in Einzelausgaben. Prosa II.,  S. Fischer 1976.
  • Paul Beers, De Revisor. Jrg. 17, Amsterdam, 1990
  • Eeltsje Hettinga, De stilte tusken de wurden as it wyt fan poëzy, de Moanne 2013

.

 

.Von Hofmannstahl 2