It Fries Museum – In gefangen nommen museum
Sjoernalist en dokumintêremakker Henk te Biesebeek fan Omrop Fryslận dy’t fannewike (17/09) syn doku ‘Kultuerpaleis of âldheidskeamer?’ oer it nije Fries Museum presintearre, hie syn rûnte oan ynformanten en kritisy wol in slach breder lûke mochten. Ik haw bygelyks it lûd mist fan in Nynke-Rixt Jukema, ien fan de minsken dy’t op har manier in nije slinger jout oan (in bewustwêzen) fan in gewestlike kultuer. Mar ek it kommentaar fan in keunstresinsinte as Grytsje Klijnstra hie yn de op himsels ferûntrêstigjende dokumintêre – museum It Princessehof driget bygelyks meisleept te wurden yn de knap desastreuze besunigings dêr’t it FM mei te kampen hat – wol heard wurde mochten. Keunstner Sibe Jan Kramer hie dus gelyk doe’t er op Facebook de fraach stelde: ‘Waarom zijn er geen jongere kunstenaars of critici aan het woord gelaten..?’
It is oars ivich sûnde dat de Hylper stylkeamers út it Van Eysingahûs helle, eh…. sloopt binne. In no al histoaryske blunder. It Verzetsmuseum hie om my wol bûtendoarren bliuwe mochten, tocht ik, doe’t ik snein in loop troch it nije museum die, mar ja, dat hat himsels foar in goed miljoen Euro ‘ynkocht’. Dêr sitst as FM dan moai mei opskipe, it gefangen nommen museum. Ien moanne yn it jier in (ek edukatyf) bepaald omtinken jaan oan de oarloch en it ferset, dat hie moai genȏch west. No mist men twa moaie sealen oer arsjitektuer & design, dus is it museum bygelyks ek ‘de stekjes’ fan de ûntwerpers Remy & Veenhuizen brek, objekten dy’t makke waarden foar it lậnskip yn Noardwest Fryslận en dy’t no (wol) yn San Francisco te bewûnderjen binne.
.
Ek mei it each op 2018 sil der as de bliksem mear budzjet foar it FM frijmakke wurde moatte. Neffens de berekkeningen fan Andries van Weperen, ậld-direkteur fan ‘De Vergaderfabriek’, soe it budzjet nei 2,5 miljoen Euro moatte, sei er ferline jier yn de Fryske Steaten. De petysje dy’t Van Weperen op priemmen sette, waard troch in lytse tûzen minsken betekene. De Fryske Steaten hienen der net werklik ear foar. In goed fiif ton, mear siet der net yn. As it nije Fries Museum it streeftal fan 100.000 besikers jiers net hellet, kinne dyselde Steaten oare jier noch wolris raar fan de bok en de Bak dreame.
Fierders krij ik oer de mail rare ‘binne jo wol folksk’-achtige teksten op myn dak, lykas dizze fan Museum(jaar)kaart. ‘Afgelopen vrijdag opende koningin Máxima het nieuwe Fries Museum. Ze noemen zich stoer, stug en eigenzinnig. Ontdek samen met je (klein)kinderen de Fries in jezelf!’ Pompompom. Is dat de terreur fan holle marketingsretoriek of in rare echo fan Frysk etno-tinken?
.
O ja, de boppeste etaazje fan it nije museum jout lucht, prachtige loften, in geweldich útsjoch ek, ûnder mear mei wurk fan Tacita Dean…
.