It mystearje fan Janus Jensma, Algra de Haan en Atte Looper

Skriuwer Josse de Haan bringt de styfsoannen en -dochters fan de Wierheid op it aljemint as er yn syn skôging fan de poëzy foar de Gysbert Japicxpriis 2013 gebrûk makket fan alderhande âldmoadyske, omtrint midsieuske kritearia lykas ‘echt’, ‘falsk’, ‘trochlibbe’ en ‘autentyk’. Syn kritearia binne net wurkber. Want wat is ‘echt’ en hoe beskiedt de resinsint-besprekker wat trochlibbe is en wat autentyk. De Haan blykt, mirable dictu, de reynkarnaasje fan Hindrik Algra yn syn alderslimste dagen as it om syn moralistysk fingerwizen giet...

BOEK2Kolumn – 1

As besprekker nimt er yn syn artikel “Yn 66 jier twa dichteressen winnares fan de Gysbert Japicx”  (Ensafh., 31/08/13) net ienris de muoite om syn kriteria fan in útlis of ferklearring te foarsjen. As God de Vader in de Hemelen moat de lêzer him op syn blauwe eagen leauwe. De skriuwer wit, hiel kosmysk, wat ‘echt’ en ‘falsk’ is, mar wat is witten om útmeitsje te kinnen wat yn de keunst (de literatuer) wier en ûnwier is? De Haan hat dêr it geheime patint op. Nee, by Josse de Haan moat ik altiten tinke oan in hol klapperjend keunstgebit, it rattelet mear as dat it wat seit.

collections.tresoar.nl
Josse de Haan

Fierders wol er hawwe dat de koartby ferstoarne dichters Tsjêbbe Hettinga en Harmen Wind net nominearre wurde mochten hiene foar de ‘Gysbert 2013’. De Haan, dy’t oars altiten wakker each seit te hawwen foar ynternasjonale literêre ûntjouwings, fytst yn dizzen blyn foarby oan in hiel leger  dichters waans wurk postúm bekroand waard: Sylvia Plath (Pulitzer Prize), Hans Andreus (Henriëtte Roland Holstprijs), Martinus Nijhoff (Constantijn Huygensprijs) om marris in pear nammen te neamen. Wat yn it bûtenlân al kin, is yn it lyts letterkundige útbuorrentsje fan dominee De Haan flokke yn ’e tsjerke.
.
Morbide
.
It skôgjen fan de poëzy an sich [dus autonoom] wurdt by De Haan net inkeld opkeard troch in set ûnwurkbere kritearia, mar ek troch in yngreven djip moralisme. De eardere Algra- en Folkertsmamannen binne der neat by. Fan ’t simmer kaam de skriuwer mei de morbide en diskriminearjende noarm dat by de kar út de Fryske literatuer sa’t dy fan ’t hjerst op de Frankfurter Buchmesse útsutele wurde sil, in dichter as Tsjêbbe Hettinga dêr net by sitte mocht, omdat it in deade dichter is.
.
7Mar noch by de ‘Gysbert 2013′ noch by de literêre Frankfurter kreamheisterij docht it der ta oft in skriuwer of dichter dea is of net, frou is of man, ensfh. It binne bûtenliterêre kritearia dy’t neat sizze oer de literêre kwaliteit fan de poëzy sels.
.
Troch datsoarte non-kritearia skept de besprekker himsels lykwols al de romte en jou werris bod oan syn wrok tsjin alderlei persoanen yn it Frysk letterkundige fjild.

Ik ben mijn broeder’s hoeder niet, mar it ressentimint fan De Haan foaroer Tsjêbbe Hettinga – ‘Ik haw, skriuwt De Haan, ‘nea oertsjûge west fan de poëzy fan Hettinga noch fan syn foardrachten. Dat barde daalk al yn Frankfurt yn ’93 dêr’t ik wie.’ – is de begrutlike en lytsboargerlike kant it neist, om it fierders mar net te hawwen oer alle net troch De Haan ûnderboude begripen lykas ‘konservatyf’, ‘ûnechte kitschwrâlden’ en oare hollerombom.

.(…) ‘Je laat je leiden door vooropgezette en hardnekkige opvattingen over personen, sterker nog over kampen (kosmysken etc.)’, skreau blogger Huub Mous ferline jier nei oanlieding fan De Haan syn ynbring by in diskusje oer de útjefte fan it samle wurk fan Jan Wybenga. ‘Scheur je los van je diep ingeroeste vooroordelen. Take a life.’

@Eeltsje Hettinga

Sjoch ek: Kollum II  – De stolp fan Jensma (3) It mystearje fan Janus Jensma, Algra de Haan en Atte Looper

.