It taalferniel fan Hanno Brand en de Fryske Akademy II
De baas fan de taal is de taal sels en net de oerheid. De Fryske Akademy en de taalamtners fan de provinsje spylje lykwols baas boppe baas as it om de staveringsferoaring en de standerdisearring (de standertwurdlist) giet. Net allinne in leger oan krityske wittenskippers, skriuwers, frisisten, studinten Frysk en minsken út it ûnderwiis en de media folgje de staveringskwestje mei arguseagen, dat docht ek de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW). De yntegriteit fan de Fryske Akademy en de akademyske frijheid steane op it spul.
Lit my skriuwer-dichter Ilja Leonard Pfeijffer oanhelje dy’t fan betinken is dat men de taal it bêste oan de skriuwers en dichters oerlitte kin as it om de foarming fan in libbene taalnoarm giet. Want: “Zoals de tuinier alle gewassen kent, zo kent de dichter de taal. Hij kent de smaken van de woorden en de kleuren van de klanken.”
Ferplichte
Pfeijffer pleitet yn wêzen foar in noarm dy’t demokratysk, sis mar, fan ûnderop, ta stân komt en dy’t net fan boppe troch in oerheid oplein c.q. ferplichte wurdt. Dy opfetting stiet heaks op wat de Fryske Akademy (FA) docht en wol. Want ek al seit deputearre Jannewietske de Vries dat de standertwurdlist net ferplichte wurdt, yn it formele domein sille nije útjeften op it mêd fan learmiddels, lesmetoaden, oerheidspublikaasjes ensfh., aanst de foarkarsnoarm easkje en dus seit de taalnoarm tenei ‘rûmte’ yn stee fan ‘romte’.
Mar wat wurdt it dan fierders: bloeske, blûske? boesgroen, bûsgroen? doezelje, dûzelich? koese, kûse? broes, brûs? Koartsein, betizing en gaos all over the place, benammen by it ûnderwiis, om it fierders mar net te hawwen oer it feit dat beskate dialektfoarmen dy’t net op de foarkarslist foarkomme tenei as minderweardich sjoen wurde. De maakbaarheidswaansin, lês: de taalterreur fan de Fryske Akademy en de Fryske oerheid ken gjin grinzen.
Arguseagen
Miskien is it wol karakteristyk foar in minderheidstaal as de Fryske dat ek yn it sjapiter fan de staveringskwestje Fryske ideology en wittenskip mei-inoar ferhaspele wurde. Navenant binne de gefolgen, ûnder mear foar de akademyske frijheid, in saak dy’t Henk Wolf, taalkundige en dosint Frysk oan de NHL yn Ljouwert, op it aljemint bringt yn syn artikel mei deselde namme ‘Academische vrijheid’.
Oer itjinge wat ûnder akademyske frijheid ferstien wurdt, skriuwt Wolf mei rjocht: “Dat is de vrijheid om te onderzoeken, te concluderen en te zeggen wat je wilt, in het openbaar, zonder sancties, binnen de uitoefening van je functie. Het idee erachter is dat kennis en inzicht baat hebben bij discussie, bij nieuwe gezichtspunten, bij kritiek.”
Yn it oanbelangjende artikel dat ferline jier yn de foarm fan in brief nei deputearre Jannewietske de Vries en in tal Steateleden gie, wurdt ek referearre oan it sprekferbod dat direkteur Hanno Brand fan de Fryske Akademy syn personiel oplei yn it stik fan de staveringskwestje. Mei dy maatregel waard de akademyske frijheid by de Fryske Akademy sa slim beheind en begrinzge dat, sa skreau Wolf, “de naam ‘Akademy’ welhaast ironisch gaat klinken.”
De KNAW (Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen), dy’t it tafersjoch hat op de wittenskiplike yntegriteit fan de FA, folget de gong fan saken om de Fryske staveringskwestje hinne, ynbegrepen de Brand-maatregel, mei arguseagen, net yn it lêste plak omdat it wittenskiplike ûndersyk bedoarn en besmodske wurdt troch rare foarmen fan Fryske ideology.
Henk Wolf lit fandatoangeande witte “dat [de bezorgheid van de KNAW, e.h] niet minder sterk [zal] gelden voor de provincie Fryslân, die een academisch klimaat niet kan missen bij de verwezenlijking van haar plannen om van Leeuwarden een kenniscentrum op het gebied van meertaligheid te maken.”
Amtlik-bestjoerlike misslach
Ferline jier septimber waard de kommisje-Bloemhoff yn it libben roppen, in groep fan fjirtjin betrutsenen út ‘it fjild’ dy’t de staveringswiziging hifkje en beprate moast. Utsein de twa taalamtners fan de provinsje, t.w. Harmen Akerboom en Tsjerk Bottema, dy’t de kommisjeleden oansochten, bestie it tableau de la troupe út tolve leden. Net allinne mei it each op de represintativiteit, mar ek op de distânsje wie de gearstalling fan de kommisje in amtlik-bestjoerlike misslach, in oanfluiting om mear as ien reden.
Foarst, der wie in oerfertsjintwurdiging fan it tal foarstanners: fiif leden wienen wurksum by de Akademy, trije oaren hiene har ferline maitiid al mei krante- en opinystikken as foarstanner fan de staveringswiziging hearre litten, wylst yn in letter stadium bliken die dat de foarsitter fan de kommisje, Henk Bloemhoff in funksje as gastûndersiker by de Akademy hie.
Twad, de groep fan goed hûndert krityske wittenskippers, skriuwers, studinten Frysk en minsken út it ûnderwiis, de media en útjouwerij, dy’t har yn de ‘Oprop oan de Provinsje’ tsjin de plannen fan de Akademy kearde, krige net mear as trije sitten.
Tred, der waard foarbyfytst oan de needsaak om yn de kommisje ek it lûd hearre te litten fan ien of twa saakkundigen fan bûten, bygelyks immen fan de Nederlandse Taalunie, in heechlearaar taalkunde of sosjolinguïstyk.
Fan de tsjinstanners fan de staveringswiziging stapte Henk Wolf lang let út de kommisje. “Antwurden op fragen oan de Akademy kamen net of waarden kear oan kear útsteld. Alles stie al fêst. Der wie sprake fan in patstelling as it om de ferskillende stânpunten gie. Diskusje bliek sinleas. Fergriemde tiid.”
Nei fjouwer gearkomsten soene de mieningen en útkomsten fan de kommisje-Bloemhoff op in rychje set wurde, it gehiel soe troch de provinsjale taalamtners ferwurke wurde ta in advys oan de Steaten. Soe, mar kaam is it der net of it moat al earne yn ien fan de geheime laden fan deputearre De Vries lizze. Hat de kommisje-Bloemhoff dan inkeld foar de show west, foar de pûs, eeeh… de poes syn fioele?
It staverkadaver
Underwilens bliuwe It Taalweb Frysk [de staveringshifker] en de standertwurdlist, sa’t dy ferline wike op it provinsjehûs troch de Fryske Akademy presintearre binne, foarearst geheim. Healwei desimber sille de Steaten beslisse oer it monstrueuze ‘staverkadaver’ dat de Fryske Akademy te wrâld brocht hat, om mar net te witten dat foar de staveringswiziging gjin draachflakûndersyk dien is.
Oan de Steaten is aanst it wurd en nét de taal. Want wat by de staveringskwestje faak oersljochte wurdt, is dat de taal fan de skriuwers is, fan de dichters, sis mar, fan de iepen mienskip en nét fan de oerheid en har taalamtners en likemin fan in lyts espeltsje fanatike Fryske taalideologen oan de op ‘e Doelestrjitte yn Ljouwert.
Eeltsje Hettinga
.