It wurk fan Alma Tadema: fan keunst nei kitsch en oarsom
Oare jier oktober komt it Fries Museum mei in blockbuster-eksposysje oer de Nederlânsk-Britske skilder Sir Lawrence Alma Tadema (1836-1912). Op it hichtepunt fan syn loopbaan rûn syn rom fan Moskou oant New York, mar nei syn dea kaam de yn Dronryp berne skilder ûnder mear bekend te stean as ‘de slechtste schilder van de 19de eeuw’. Sawol yn Nederlân as yn Fryslân hat it koel klassisistyske wurk fan Alma Tadema noait net folle oanklang hân.
It Fries Museum, dat yn ús lân de grutste Alma Tadema-kolleksje hat, set heech op by de útstalling yn 2016. Begjin dit jier noch waard it skilderij Entrance to a Roman Theatre oankocht, in doek dêr’t 1,8 miljoen euro foar delteld waard. Under mear dit betide, út 1866 datearjende skilderij, dat sjoen wurdt as ien fan de kaaistikken yn it oeuvre fan Alma Tadema, moat de blockbuster-eksposysje ynternasjonaal wjukken jaan.
Sir Lawrence
‘De expositie bezegelt het eerherstel van de kunstenaar Alma Tadema in zijn geboortegewest,’ skriuwt Wio Joustra yn Kunst kleurt het leven: leven en werk van Sir Lawrence Alma Tadema, wêryn’t in sjoernalistike syktocht ûndernommen wurdt nei de fraach hoe’t it sa koe dat de oait wrâldferneamde keunstner Lourens Alma Tadema yn Nederlân, en benammen yn syn berteprovinsje, by libben eins net achtslaan waard en nei syn dea fierhinne yn it ferjitboek rekke. ‘Maar weinigen in Nederland weten wie Alma Tadema was.’
Joustra sketst in portret fan it libben en wurk fan de yn Dronryp berne notarissoan, dy’t op syn sechstjinde nei Flaanderen sette, dêr’t er oan de Koninklijke Academie (voor Schone Kunsten) yn Antwerpen syn oplieding as histoarjeskilder krige en dêr’t er him as learling fan de Flaamske taferiel- en kostúmskilder Louis de Taeye, teffens archeolooch, útlei op it skilderjen fan tafrielen út de Romeinske Aldheid.
Fia Antwerpen en Brussel bedarre de skilder yn Londen dêr’t er om 1870 hinne dé grutte jonge fan it Fiktoriaanske epoch wurdt. Twa jier nei it ferstjerren fan syn earste frou yn Brussel troude er opnij, diskear mei ien fan syn learlingen, in dochter fan in dokter út Londen. Hy skopte it ta lid fan de Royal Academy of Arts. De Queen herself – Victoria – sloech him ta ridder. Lourens waard Sir Lawrence, lid fan de Britske adelstân. By syn ferstjerren waard er byset yn St. Paul’s Cathedral yn de binnenstêd fan ‘the City’.
Der binne mindere loopbanen te betinken. En dan te witten dat de krekt útein settende keunstner oait wegere waard troch de keunstakademys yn Den Haach en Amsterdam. Ek al hie er op syn fiifentweintichste al de earepenning fan de stêd Amsterdam yn ’e bûs, de ôfwizing troch de beide akademy’s soe neffens Joustra mei in reden west hawwe foar ‘de moeizame relatie die hij de rest van zijn leven met zijn vaderland onderhoudt.’
‘Opportunistisch’
Alma Tadema wie in ambachtlik en technysk betûft skilder, in keunstner mei in rücksichtloze ambysje ek. Tekenjend is datoangeande it ferhaal oer de list wêrmei’t er as jonge, ûnbekende skilder de Belgyske keunsthanneler Ernest Gambart, healwei de 19de ieu de keizer fan de Europeeske keunstmerk, nei syn atelier yn Antwerpen wist te troaikjen.
‘Een vriend van hem geeft op een dag de koetsier van Gambart, die op weg is naar iemand anders, het verkeerde adres, namelijk dat van Alma Tadema. Dit blijkt een vruchtbare en lucratieve ontmoeting te worden. Gambart is onder de indruk van wat hij ziet, neemt hem onder contract en bestelt onmiddellijk 24 schilderijen voor de gewillige markt in Engeland.’ Om mear en better te profitearjen te kinnen fan de ynfloedrike Gambart ferhuze Alma Tadema, ‘opportunistisch als hij was’, nei Brussel.
Hy joech de Ingelske aristokrasy en hegere boargerij ‘de ongestoord, idyllische droom- en schijnwereld die aan hun diepste gevoelens en angsten appeleert, in de geïdealiseerde gestalte van het oude Rome.’
Troch Gambart syn konneksjes kaam de keunstner yn Londen telâne. Ingelân gong it yn dy dagen, de twadde helte fan de 19de ieu, foar de wyn. It Britske Gemene Best belibbe syn heechtijdagen. It wie de tiid fan de grutte Foarútgong. Troch de ferkeap fan syn romantysk-klassike skilderijen rekke Alma Tadema yn goede dwaan. Hy joech de Ingelske aristokrasy en hegere boargerij ‘de ongestoord, idyllische droom- en schijnwereld die aan hun diepste gevoelens en angsten appeleert, in de geïdealiseerde gestalte van het oude Rome.’
Yn Amearika wie it William Henry Vander Bildt, destiids de rykste man yn ’e wrâld, dy’t de dreamfabriken fan Alma Tadema oankocht. Sels de tsaar fan Ruslân, op besite yn Londen, gie mei in ‘Alma Tademaatsje’ werom nei Moskou. Oer de ferhâlding fan de keunstner as artyst en sakeman sei Alma Tadema oait: ‘Zodra het [werk, e.h.] af is, ben ik geen kunstenaar meer. Dan ben ik handelaar.’
Dekadint
It wie alles lúkse en dekadinsje wat de klok sloech by de aristokrasy in the City, it hert fan Londen dêr’t de societyskilder himsels in kanjer fan in Romeinske villa sette litten hie. ‘Verkleedpartijen zijn in het decadente Victoriaanse tijdperk in de mode. Alma Tadema doet niets liever dan zich in fancy dress hullen en het allerliefst gaat hij (…) gekleed als Romeinse keizer.’
Dat Alma Tadema mei syn joie de vivre fier bûten de werklikheid stie fan bygelyks de miljoenen yn fabriken en koaleminen omearmoedzende bern en arbeiders, sa’t Charles Dickens harren beskreaun hie yn syn roman Great Expectations, hoecht gjin betooch. Foar dizze legere klassen jilde yn alle gefallen net de liifspreuk fan Alma Tadema: ‘As the sun coulours flowers, so art colours life.’
Oan it begjin fan de 20ste ieu begûn de keunstner syn ympearium te wankeljen. Nei syn ferstjerren wie it winliken staf-oer-nacht út mei syn idyllyske dream- en skynwrâld. De earste wrâldoarloch stie foar de doar. Hoe hurd de skilder syn rom ferrûn, lit Joustra sjen oan de prizen dy’t der foar syn wurk betelle waard. Yn 1874 telde men foar De Romeinse schilderijengalerij 100.000 gûne del. Trije dagen nei syn dea brocht datselde wurk net mear op as 15.000 gûne, wylst der yn 1931 net mear as 6000 gûne yn siet.
Delgong
Sa’t ek wol út Kunst kleur het leven dúdlik wurdt, ûntjoech him de opgong fan it modernisme yn de skilderkeunst, dat healwei de 19de ieu begûn mei de skilders fan Barbizon, sa’n bytsje omkeard evenredich oan de delgong fan de tradisjonele, klassisistyske keunst lykas dy fan Alma Tadema. Opkommende skilders lykas Vincent Van Gogh of Edvard Munch foarmen, bohémien as hja wienen, oer alle boegen it tsjindiel fan de dekadinte bourgousiekeunstner Alma Tadema.
De ‘Romeinske pottenbakker Alma Tadema’, sa’t skriuwer Lodewijk van Deyssel de skilder oait gâns spottend leechlein hie, rekke geandewei de 20ste ieu yn it ferjitboek. Net allinne yn Nederlân, mar ek yn Fryslân. ‘De bescheiden plaats die Alma Tadema yn de psyche van de Friezen inneemt, typeert de wijze waarop in de vorige eeuw tegen de verloren zoon en zijn ‘burgermanskunst’ wordt aangekeken.’
Om dy bewearing grûn te jaan, hellet Joustra in kritysk en in foar Alma Tadema wakker negatyf útfallend artikel fan ds. J.J. Kalma oan. It komt út Kalma syn searje Dat waren ook Friezen. It Frysk stelde artikel is, ynbegrepen in Nederlânske oersetting, yn syn hiele hear en fear oernommen. Dat in boek op dy manier gau omfang krijt, lit him riede, mar it doel fan dat ienige twatalige haadstik yn Kunst kleurt het leven bliuwt tsjuster.
‘Koektrommelschilder’
De ‘reade’ dominy J.J. Kalma wurdt fan moralisme betichte by syn stelling dat in keunstner dy’t ek sakeman is gjin goed keunstner wêze kin. Boppedat lit Joustra sjen dat Kalma syn negatyf oardiel oer Alma Tadema, dat net foar in lyts part bepaald wie troch de rook fan rykdom en dekadinsje dy’t der om de persoan Alma Tadema hinne hong, de befêstiging wie fan de lange tiid gongbere opfetting dat it wurk fan de skilder net mear wie as ‘de geparfumeerde zeep’ fan in ambachtlik betûfte ‘koektrommelschilder’.
Joustra rept yn syn boek fan ‘de ambivalente houding’ tusken Fryslân en de keunstner. Foar dy omskriuwing is wol wat te sizzen, al wie it mar omdat Alma Tadema by libben noait botte folle war dien hat foar in goede resepsje fan syn wurk yn Fryslân. De skriuwer wiist op it feit dat ‘als hij in 1903 beleefd wordt gevraagd om mee te werken aan de grote overzichtstentoonstelling Nederlandse Levende Meesters in het Fries Museum, hij botweg voor die eer bedankt.’
Yn de jierren tritich fan de foarige ieu skonk de yn Paris wenjende dochter fan Alma Tadema in part fan de neilittenskip fan har heit oan it Fries Genootschap. Notaris Nanne Ottema, de lettere konservator fan it Fries Museum, die út namme fan dit selskip in pleit om de kolleksje ûnder te bringen by it Fries Museum yn Ljouwert, mar nettsjinsteande ‘het proza van Ottema dat bol staat van de bewondering voor den meester’ gong de deal net troch. ‘De schenking was ‘te min’ om in het Fries Museum te etaleren.’
Ek al wie de keunstner yn 1935 beneamd ta bûtengewoan lid fan it Fries Genootschap , de Paryske skinking dêr’t skilderijen as Gezicht in de kerk van San Clemente te Rome (1863) en Gezicht uit atelierraam (1872) by sieten, bedarre yn 1936, tegearre mei alderhande selsportretten, antikwiteiten en meubels, op in boppekeamerke yn Stania-State yn Oentsjerk, in dochter-ynstelling fan it Fries Museum, dêr’t it grutte publyk yn alle gefallen net op ôfkaam en dêr’t de saak stadichwei fertutearze.
Kletspraat
Yn de jierren santich fan de foarige ieu is der sprake fan in beskate herwurdearring fan Alma Tadema. Der is ûnder mear de grutte eksposysje yn 1974 yn it Princessehof yn Ljouwert. Joustra hellet in hiele trits oan ‘autoriteiten’ oan dy’t de rehabilitaasje mei kasjet jûn hawwe soene. Jack Nicholson, dy’t in pear Alma Tadema’s yn ’e hûs hat, komt foarby. De namme fan filmregisseur Stanley Kubrick falt. Gerrit Komrij wurdt nei foaren helle as dejinge dy’t ein foarige iuw dúdlik makke hat dat ‘Alma Tadema zwarte-piet af is, en een moderne curiositeit.’
Wio Joustra wol ha dat ‘de Friezen’ Alma Tadema net kenne of te min kenne omdat it om in keunstner giet en net om in topsporter as Sven Kramer of in Marco van Basten, waans mem út Fryslân kaam. Yn it foaropwurd fan Kunst kleurt het leven wurdt wakker beard fan Fryslân’s ‘rijke eigen literatuur en cultuur’, fan it wurd ‘mienskip’ en dat Ljouwert dêrtroch Kulturele Haadstêd fan Europa wurden is. It is de opmaat foar nochal wat kletspraat: ‘Dat, en nog veel meer maakt it bêste lân fan ierde, vooral in de ogen van de Friezen zelf, uniek en maakt iedere Fries ‘een van ons’.
De skriuwer is patetysk as er it hat oer ‘de verloren zoon in Friesland’ dy’t ‘ien fan ús’ is. Folkloristysk wurdt er dêr’t de lêzer alderhande stereotypen om ‘e earen kletst krijt. Sa hat Joustra it oer ‘de Friese eigenzinnigheid’ en ‘de Friese trots’ van de schilder of ‘de koppige en trotse Fries Alma Tadema staat de samenwerking niet toe.’ As alle súksessen yn Ingelân opneamd wurde, dan folgje ditsoarte dubieuze passaazjes: ‘Dat dit nagenoeg compleet aan Nederland en Friesland voorbij is gegaan heeft ongetwijfeld [sic, e.h.] ook te maken met de typisch Friese onhebbelijkheid dat provinciegenoten de kop niet te ver boven het maaiveld dienen uit te steken. Dan denken wij dat (…)’ Wij? Hokker wij?
Monografy
Of de blockbuster-tentoanstelling fan oare jier werklik ‘het eerherstel van de kunstenaar Alma Tadema in zijn geboortegewest’ besegelje sil, sa’t Wio Joustra hawwe wol, dat is de fraach. Yn de resepsje fan it wurk is der noch altiten in spultsje fan ‘you love it or hate it.’ Guon dogge it ôf as klearebare kitsch, oare neame it keunst mei in himelhege K. It hat yn alle gefallen gjin doel en set Sir Lawrence Alma Tadema njonken Rembrandt en Van Gogh as it om harren ferneamdens giet. Jouwe Rembrandt en Van Gogh op Google resp. 29.000 miljoen en 50.600 miljoen resultaten, Alma Tadema komt foarearst net fierder as 650.000 items.
It is spitich dat fan it op himsels flot ferteld sjoernalistike ferhaal oer Alma Tadema gjin monografy makke is, mei in krekte annotaasje. It hie de objektiviteit fan Kunst kleurt het leven: leven en werk van Sir Lawrence Alma Tadema te’n goede komme kinnen. It boek stiet no tefolle yn tsjinst fan in rehabilitaasje fan de skilder en keunstner, tagelyk ek ien fan de doelen dy’t it Fries Museum mei har ynternasjonale blockbuster neistribbet. Bytiden jout Joustra de yndruk dat syn skriuwen yn opdracht dien is fan dat Fries Museum, mar dat kin net sa wêze, oars hie it wol fermelde west yn it kolofon.
Wio Joustra, Kunst kleur het leven: Leven en werk van Sir Lawrence Alma Tadema, Bornmeer, De Gerdyk, 2015.