Josse de Haan – ‘Ik skriuw en bestean’ – hâldt duveldei

‘As Josse de Haan skriuwt, dan rattelje de ruten en dinderje de kop-en-pantsjes, reaget er alle sabeare en echte duvels ta de hel út,’ skreau Trinus Riemersma, doe’t De Haan yn 2007 de Gysbert Japicxspriis takend waard. Ek yn Frozen moonlight yn myn hannen (2013), in omfangrike samling mei resinsjes, kritiken, polemiken, skôgingen, brieven, toaniel (in ienakter), proaza en poëzij, wurdt omraken duveldei holden.

17810587-Frozen-moonlight-yn-myn-hannen-Josse-de-Haan

De Haan syn skriuwen, hifkjen en oardieljen is foar in grut part beynfloede troch de dadaïstyske en surrealistysk oriïntearre avantgarde bewegings út de jierren sechtich en dy út it begjin fan de foarige ieu. Dêrnjonken spilet it wurk fan eksistinsjalistyske skriuwers as Sartre en Camus en te uzes Jo Smit en Lolle Nauta net swak by. As ateïst en sosjalist lit De Haan gjin gelegenheid slûpe om syn ôfkear te spuien fan alles wat godtsjinst is, benammen fan it kalvinisme. Fan datoangeande is syn wrâldbyld bepaald troch de strange, bytiden te swart-wyt brûkte twadieling tusken de ‘kosmysken’ en de ‘net-kosmysken’, sis mar de frijbûtsende non-konformisten. Hast parallel oan dat dualisme rint de twadieling fan ‘sabeare’ en ‘echt’ en ‘falsk’ en ‘autentyk’. De skriuwer syn foarkar leit oer alle boegen by dy literatuer en byldzjende keunst dy’t it eksperimint siket. Keunst is neffens him pas goed as dy engazjearre is – mei minske, taal en maatskippij.

Avant-garde

Yn Frozen Moonlight wurde mar leafst fiif biografyen besprutsen. De stikken dêroer hiene sterker west as se fan in algemiene ynlieding oer it ferskynsel biografy foarsjoen west hienen. Oan hokker easken moat in goede biografy foldwaan? Wat binne de boarnen en hoe wurdt dêrmei omgien? Hoe is de ferhâlding feit en fiksje? Giet it inkeld om it delsetten fan immens libben of moat dat syn gerak krije yn breder kultureel en sosjaal-ekonomysk ramt? It giet Josse de Haan lykwols net direkt om it neirinnen fan de opset en metoade dy’t yn de ferskillende biografyen tapast is, nee, hy wol earder sjen litte wat syn affiniteit mei de ferskillende persoanen en harren wurk is en hoe’t dy fan ynfloed west hawwe op syn eigen wurk. Oer de biografy fan de bruorren-skuonmakkers Thijs en Evert Rinsema fan Drachten skriuwt De Haan dat it boek foar him ‘in eye-opener’ west hat. Hy jout oan dat it net samar ‘in pear sljochtweihinne dadaïsten’ wiene, mar dat se aktyf diel útmakken fan ‘de brede avantgardyske bewegings út de earste desennia fan de 20ste ieu.’ De bruorren lutsen op mei de troch De Haan bewûndere avantgardekeunstners Theo van Doesburg en Kurt Schwitters. Sûnder omhaal set De Haan syn eigen oeuvre yn dyselde tradysje del. ‘Yn it Fryslân Boek [300 andere ‘vertellingen’ uit de Friese geschiedenis, e.h. ] wurdt mei rjocht en reden neamd dat de Rinsema’s by dy avant-garde hearden en dat ik ynfloed ûndergien haw fan dy avant-garde. Myn Anarkys (anargistyske kykjes) hearre by dy avantgardistyske oare keunst.’ Nee, Josse de Haan docht it net foar in bytsje. Yn ‘7 brieven oan Trinus Riemersma’ (s. 223-257) fergeliket de skriuwer syn eigen wurk mei dat fan Riemersma en set dat yn it ramt fan it wurk fan Louis Paul Boon, Jerzy Kosinsky of Günther Grass. En yn in artikel oer de klassike Fryske roman Leafdedea fan Homme Eernstma – ik kom der noch op werom – lit De Haan witte dat ‘guon surrealistyske passaazjes yn myn [romans] Ferneukte stêd en Piksjitten op Snyp ynfloed hân hawwe fan Leafdedea.’

‘opskjinjen’

Leafdedea01-450x450Der krûpt in beskate nostalgy yn syn skriuwen as er op ’e tekst komt oer Operaasje Fers, de dichterstelefoan dy’t yn de jierren sechstich sjoen waard as de ultime belicheming fan in demokratisearre poëzy. Soartgelikense sentiminten kypje om ’e hoeke as de avantgarde-galery De Blauwe Hand fan Jochem Walstra yn Harns op it aljemint brocht wurdt of it bestjoer fan de kristlike skoalle yn Gau dat syn wapenbroeder Trinus Riemersma dien joech nei oanlieding fan de roman Minskrotten-Rotminsken. De Haan beskriuwt ûnder mear hoe’t hy, Josse de Haan, derfoar soarge dat Riemersma in ûnderwizersplak krige by him oan de legere skoalle yn Hjerbeam. Lykas syn skriuwen oer de roman Leafdedea of syn eigen roman Piksjitten op Snyp binne it ûnderwerpen dy’t De Haan de lêste jierren, nee, de lêste desennia, al faker, op tal fan oare plakken (tydskriften, weblogs, foara, ensafh.) op it aljemint brocht hat. Fan datoangeande jout de skriuwer bytiden de yndruk as is er benaud dat er yn de literêre histoarje net it plak krijt dat er himsels graach tahawwe wolle soe. Op himsels is dêr miskien ek wol foar wat te sizzen, al wie it mar omdat de literêre skiedniskriuwerij yn Fryslân de lêste jierren der mear as suterich by leit. By de Fryske Akademy is dat fakterrein nei it fertrek fan literatuerhistoarikus Ph. H. Breuker yn 2004 sa goed as ôfskaft. Wat oerbleau, waard foar in net lyts part troch it ynstitút Tresoar dien, en dan yn it bysûnder troch De Haan syn aartsfijân: de ‘kosmyske’ literatuerbefoarderer en ‘consultant Frisian literature’ Teake Oppewal. As Politburo-amtner te Ljouwert wie Oppewal bygelyks meiferantwurdlik foar de gearstalling fan it literêr histoarysk oersjoch Zolang de wind van de wolken waait, de geschiedenis van de Friese literatuur, in boek dêr’t de saneamde ‘oare literatuer’, lês: de moderne avantgardistyske literatuer neffens De Haan net genôch syn gerak yn krigen hat. ‘It wolkeboek skoffearret in grut part fan de moderne skriuwers.’

Politburo-amtner Oppewal 001
Teake Oppewal, Frysk letterkundich Politburo-amtner te Tresoar.

De grime dêroer komt yn Frozen Moonlight ek nei foaren yn it stik mei de like lange as útwrydske titel ‘Oantaasting Leafdedea – net modernistysk, mar tradisjoneel yn Nederlânske oersetting neffens Tresoar’. It giet om de werútjefte fan de roman Leafdedea fan Homme Eernstma, pseudonym fan Feijo Schelto Sixma baron van 
Heemstra (1916-1999), útjûn troch Tresoar/Elikser en besoarge troch Alpita de Jong en Teake Oppewal. De tekst is basearre op de tekstedysje fan 1963, mar hâldt de wizigingen oan fan de yn 1997 troch Agnès Caers besoarge Frânske oersetting fan Leafdedea. De Haan fergeliket de werútjefte mei de Frânske oersetting en de útjefte fan 1994, dy’t basearre wie op de earder yn it tydskrift Quatrebras ôfprinte romantekst en dy’t besoarge waard troch Trinus Riemersma en De Haan sels. Mei in soad bochten en omwegen komt hy lang om let ta de konklúzje dat ‘Frou A. de Jong’ en ‘Hear T. Oppewal’ meiferantwurdlik binne foar it ‘weimoffeljen’ fan alderhande surrealistyske en seksueel tinte passaazjes, it boek sels is boppedat syn antireligieus karakter ûntnommen. ‘It wurd en it begryp surrealisme skine foar de kosmysken yn Fryslân in soarte fan porno te wêzen.’ Oan de ein fan syn lange letterkundige oarlochsroffel komt De Haan mei it sizzen dat ‘Tresoar meiwurke [hat] oan it opskjinjen fan ien fan de wichtichste útjeften út it begjin fan de sechtiger jierren. (…) se hawwe har fiat jûn oan it kaltstellen en it oantaasten fan leafdedea, dat ynienen net mear modernistysk is.’

‘in fodde’

De Haan is wakker optein oer de biografy fan Piet Hagen oer Piter Jelles Troelstra en dy fan Thijs Rinsema jr. oer de bruorren Rinsema. Dêrfoaroer kinne de skriuwens oer Boele Bregman, Anne Wadman en Jopie Huisman by him net in soad goed dwaan. It wurk oer Huisman wurdt ‘in fodde’ neamd. ‘It is ien grutte en grutte skelpartij op elitêre keunst – it kin sa yn it partijprogram fan de PVV.’ De Haan smyt de biograaf, âld-Telegraafsjoernalist Albert van Keimpema, mei rjocht foar de fuotten dat er gjin ferantwurding fan boarnen jout, mei de feiten sjoemelet, wylst er in ûnderwerp lykas dat oer Huisman en de leafde op in nivo behannelet dat ‘noch leger leit as dat fan de Ingelske skandaalblêden’. Dat de skriuwer gjin inkelde muoite dien hat om de myte oer Jopie Huisman troch te prikken, is De Haan hast noch it meast yn ’e wei. ‘Fan Huisman wurdt in karikatuer makke – de grutte keunstner dy’t it sa swier hie, dy’t sa meilibbe mei syn meiminske, mar krekt rûnkomme koe, en folslein nayf as in bern op ’e wrâld omrûn. Maatskiplik in stakker.’ De Haan hat as ‘primêre boarne’ ta in hichte rjocht fan sprekken. Yn de jierren sechtich wie er yn Hjerbeam net inkeld Huisman syn buorman, hy joech yn dy snuorje ek it yn de mande mei Jopie Huisman makke bondeltsje Ferstekeningen/ tekenfersen (1971) yn it ljocht. Benammen ‘it foarútdatearjen’ fan de fersen yn neamde bondel – se soenen yn de jierren tachtich skreaun wêze – en oar gerotsoai mei data gegevens makket de biografy ûnbetrouber. ‘Ik haw sân jier sjoen wat de skilder makke dêre yn de keamer makke tsjinoer ús hûs. Sa is bygelyks de Holle Mar net yn 1985 tekene mar yn 1969 – ik kaam der hast elke wike wol even en seach hoe’t it wurk foardere.’

Argewaasje

Argewaasje en lilkens bepale ek de toan yn it besprek fan de biografy dy’t Doeke Sijens oer skilder Boele Bregman skreau. De keunstner hie in bettere biograaf fertsjinne, beweart De Haan, hy rept fan in ferminking fan in keunstnerskip. ‘De kaaien nei it wurk fan Bregman lizze yn syn leafdes, yn syn deiboeken, yn syn briefwiksel mei Laurens ten Cate en yn syn gedichten. Spitigernôch is dat boarnemateriaal hast net brûkt. As lei der in feto op. Sijens hat it lizze litten, as wie it ferbean materiaal.’ Ek al hat Sijens by de opset fan de biografy foar in sa’n feitlik mooglike libbensbeskriuwing keazen, De Haan ferwyt him by dy kar dat it him ûntbrekt oan eigen ynterpretaasjes, eigen fisy en it pleatsen fan it wurk yn de tiid. In soartgelikens oardiel krijt Joke Corporaal, de biografe fan Anne Wadman, om ’e earen kletst. De Haan stelt dat se te iensidich te seil gien is op Wadman syn deiboeken. Syn gefjocht, ûnder mear yn syn houlik en mei syn ferskillende leafdes, hie neffens De Haan yn in psychologyske, literêre en maatskiplike kontekst set wurde moatten. Wadman-tema’s lykas dat fan de mislearring en de mislearre skriuwer hienen ferlet hân fan in ynterpretaasje yn in eksistinsjalistysk ramt. De Haan fynt dat Corporaal har fertild hat oan ‘de literêre kolos’. ‘De sosjalist en ateïst is yn syn skriuwersskip en as minske net rjocht dien – hele wrâlden fan minsken mei deselde mentaliteit as Wadman [De Haan doelt op eksistinsjalistyske skriuwers as Lolle Nauta, Vestdijk en Jo Smit, e.h.] hat de skriuwster net sjoen, hat se net begrepen – of woe se faaks net sjen.’

Mear as ien taal

Frozen moonlight yn myn hannen jout trijehûndert siden oanien in griemmank oan stikken wêrfan’t in grut part earder yn de tydskriften ferskynde. Suver oandwaanlik, om mar net te sizzen, yntym en familiêr binne de opstellen oer de skriuwer syn heit, in man dy’t foar mannich keatswedstriid yn Fryslân keatsballen makke, in métier dat De Haan fergeliket mei it meitsjen fan fersen. ‘Sa’n keatsbal is in fers sûnder wurden / in trijediminsjonale ets fan tou en lear / in byldhouwurkje lykas de wrâld himsels’ (…), dichtet De Haan. De keatserij, ynbegrepen alle dêrby hearrende geneugten fan Wein, Weib und Gesang, hat fan grutte ynfloed west op syn persoan en skriuwerij. Yn it ferlingde fan dat stik kultuer yn Fryslân skriuwt De Haan yn it stik ‘Baskysk keatsen en de keunst’ oer it plak, de rol en de funksje fan it yn it Suden spile pelota yn de byldzjende keunst. Hy fergeliket de sport mei ‘ballet’, stelt dat pelota de Basken skepen hat en seit oer de rol fan de sport en spul dy’t meibepalend binne by de foarming fan immens identiteit. ‘Se reflektearje de ideeën dy’t dield wurde troch in groep – oer harsels, oer har lân, oer de maatskippij yn ’t algemien’. As pelota de Basken skepen hat, dan hat it keatsen de Friezen skepen, sa wurdt suggerearre.

keatsbal2
Frozen moonlight yn myn hannen

Oer dy oare faktor dy’t fan ynfloed is op immen syn identiteit, de taal en de byhearrende literatuer, skriuwt De Haan yn it stik ‘Ik skriuw en bestean’: ‘Ik ûntlien myn identiteit foar in part oan myn literêre libben. Myn fundamintele wissichheid oer myn eigen plak en rol yn de wrâld – myn persoanlikheid sis mar – hat te krijen mei myn profesje as skriuwer.’ Hy wol hawwe dat it opgroeien yn mear talen jins identiteit fersterkje kin. Josse de Haan wiist op it wurk fan meartalige skriuwers as Fernando Pessoa, Octavio Paz en Bert Schierbeek dat fan ynfloed west hat op syn eigen skriuwen. Ek yn dizzen jildt: Josse de Haan docht it net foar in bytsje. Hy lit witte dat syn libben yn mear as ien taal – de skriuwer wennet yn Frânsk Baskelân – syn persoanlikheid en skriuwerskip iepener en breder makket hat. Frozen moonlight yn myn hannen hat net om ’e nocht in twatalige titel meikrigen. Boppedat binne neist de Fryske stikken in tal Nederlânske en Ingelske teksten te lêzen. De skriuwer sels fielt him by alle globalisearring in Europeaan of leaver sein, in Fryske Europeaan. ‘It belang fan de memmetaal kin net oerdreaun wurde, meidat autentike gefoelens en emoasjes yn dy taal stal krije (moatte). Dat de identiteit fan in persoan út soarte ek te krijen hat mei dy autentisiteit sprekt foar himsels.’

Eeltsje Hettinga

Mear oer Josse de Haan:

– ‘De stolp fan Jensma, it mystearje fan Janus Jensma, Algra de Haan en Atte Looper’