Jules Deelder (1944-2019) – Deelderair Deeldereus

 

BLUE NOTE

I.M. Jules Deelder (1944-2019)

Wy stjerre, wei yn it niks,
lêze foar it útblazen
fan de lêste azem
‘De dea is kut’,
hearre ûnder de swartjeiende
wyn fan desimber
de dichter de brushes feegjen.

De dea, in foarm fan jazz,
fan leafde ek, in soarte
fan wham bam thank you mam
en gean op it moment suprême
hurd it hoekje om, tewylst
it finyl heakjen bliuwt
by de dea is krom. –

Fan Rockanje, New York oant
yn djip Rotterdam sizze
hjoed alle klokken blue note
blue note, de dichter,
de dichter Deelder is gone.

21 desimber, 2019

.

‘Iconisch in vele opzichten; als dichter van de directheid, die met humor en onverbeterlijk taalplezier in maar een paar woorden to the point kwam, het leven bezingend, kapsones bestrijdend. Als dichter van stijl, met niet te evenaren swing en spitsvondigheid.’ Dat is in moai rake karakterisearring fan de dichter Jules Deelder, sa’t dy te finen is op de webside fan Poetry International. Deelder, de nachtboargemaster fan Rotterdam, blies njoggentjin desimber, in goed moanne nei syn fiifensantichste jierdei, de lêste azem út.
Ay, Rotterdam, de stêd dêr’t ik, krekt njoggentjin foar it earst kaam, sliepend yn it tehûs foar dakleazen, fuort by it treinstasjon, deis mar ek wol by nacht wurkjend yn de tankers, swart betelle klassifisearwurk, it fertsjinne omraken, jild as wetter, de treinreizen nei Paris en troch Europa koene der mei betelle wurde. Under yn de rommen fan de skippen sloech it plat Rotterdamsk foar master op. Waar we vandaan kwamen? Friesland! O, daaro, waar de juut nog op varkens rijdt, met de oren gas geeft en met een draai aan de staart een tandje sneller gaat… en mear fan datsoarte op stereotipen basearre sizzens. Rotterdam, my doe frjemd, wie as havenstêd yn wêzen net oars as it lettere Los Angeles: de see makke de taal.
Deelder hearde ik begjin jierren njoggentich foar it earst yn Zalen Schaaf yn Ljouwert. De saksofoan die toeterdetoet, toeter hong ik oan de bar, wylst de dichter, Deelderêr de drums rierend, syn fersen de seal yn slingere. Alles meinimmend. Yndrukwekkend.
Hoewol’t ik bepaald net de grutste leafhabber bin fan de saneamde neo-realistyske poëzy, foar it wurk fan dichters as Jules Deelder of Trinus Riemersma meitsje ik graach in útsûndering.
Dejinge dy’t wit dat poëzy yn it foarste plak ritme is (Wadman / De Roder), dy is by Deelder teplak. Gong en feart sizze it wurd, taalfernimstigens en humor meitsje de styl. Deelder syn stim jout, absolút, in folslein eigen lûd. De sprektaligens fan syn wurk is ‘Deelderijn / Deelderoen / Deelderair / Deeldereus’.
Yn syn fersen nimt er by wize fan ready made gauris teksten oer út reklamefolders, kranten, jazz of ensyklopedyen, want alles is ommers poëzy. Hinnegien is de dichter Deelder, de dichter dy’t wist: ‘Alles blijft. Alles gaat voorbij. Alles blijft voorbijgaan’.

 

.
.