Krityk op de Gysbert, in klucht – LC Podium * Te Gast
(31-03-21) Guon kritikasters wolle hawwe dat de sjuery fan de Gysbert Japicx-priis 2021, mei dêryn Hein Jaap Hilarides, Jannes van der Velde en Nynke Heeg net saakkundich is. De krityk blykt de provinsjalistyske kant it neist.
Hilarides hat in doktoraal Fryske taal en letterkunde, is skriuwer-dichter, muzikant en âld-poëzyresinsint foar Ensafh. Van der Velde studearre algemiene taalwittenskip en wiisbegearte. Heeg is aktrise, teätermakker en dosint Frysk.
Wêrom soe in akteur of aktrise gjin saakkundich sjuerylid wêze kinne? Ut de aard fan harren fak wei binne hja algeduerigen dwaande mei de ynterpretaasje fan teksten. As gjin oar ek witte hja wat it gewicht fan stim, toan en ritme is.
By Tryater spile Heeg ûnder oaren Lady Macbeth, ek skreau se mei oan de foarstelling Senang oer har Yndyske foarâlden. Op it Oranjewoud Festival brocht se yn 2017 poëzy fan de Frânske dichter De Lamartine as ûnderdiel fan in grutte muzykfoarstelling. It wurdt troch guon net genôch achte foar in kundich sjuerylidmaatskip.
Yn in Te Gast (LC 16 febrewaris) waard de sjuery diskwalifisearre troch fjouwer Gysbert-laureaten, Eppie Dam, Aggie van der Meer, Koos Tiemersma en Abe de Vries, ûnder mear fanwegen de omisje fan ‘in aktyf profyl op it terrein fan de Fryske literatuer yn de 21e ieu.’ Yn it tydskrift Fers2 repte De Vries fan ‘in folslein ynkompetinte sjuery’.
Tartuffe
De krityk op ‘de Gysbert’ is as de opfiering fan Molières Tartuffe, in dûbelhertige klucht. Marga Waanders bygelyks hie gjin aktyf literêr profyl, doe’t se yn 2015 sjueryfoarsitter wie. Fan neamde laureaten waard doe gjin sprek fernommen.
De krityk hat in foarsisber patroan
De kritikasters litte it foarkomme as soe ‘de Gysbert’ deselde status hawwe as jierlikse P.C. Hooft-priis. By de Gysbert-priis, dy’t om ’e twa jier útrikt wurdt, giet it lykwols net by definysje om in oeuvre.
De krityk op it Fryske literêre prizesirkus hat in fierhinne foarsisber patroan. Doe’t ik ein 2017 op in feestlike gearkomste yn Balk beneamd waard ta ‘Dichter fan Fryslân’, wie der itselde lamint: de sjuery is net saakkundich.
Fan Tamara Schoppert, aktrise en regisseur by Tryater dy’t op basis fan it wurk fan de Dútske dichter Hugo Ball ûnder mear de meartalige teäterfoarstelling Karawane makke, sei dichter-sjoernalist Abe de Vries by Omrop Fryslân: ‘Bêste aktrise, mar wit neat fan poëzy.’
Ek beide oare sjueryleden, Obe Alkema, dichter en poëzyresinsint by NRC , en dichter-essayist Peter van Lier, krigen de ringel om ’e earen kletst. Alkema? ‘Skriuwt noch ûnbegrypliker as Anne Feddema.’ Van Lier? ‘No, foarút dan, Van Lier.’
Fan itselde lekken in provinsjalistysk pak by de opfolging fan de Dichter fan Fryslân yn 2019. De sjuery soe net Frysk genôch wêze, net literêr genôch ek, want, hjitte De Vries syn krityk: dêr sit in Nederlânske dichter (Job Degenaar) by en in muzikant (Michelle Samba).
Yn de krityk op ‘de Gysbert’ wurdt spitigernôch foarbygien oan it feit dat Fryslân in meartalige provinsje is, mei in literatuer dy’t de lêste jierren wat langer wat mear in multymediaal gesicht krigen hat.
Der binne op dat terrein tal fan ynteressante gearwurkingsferbannen tusken muzikanten en skriuwers, filmers en dichters, ynbegrepen alderlei crossover-projekten yn galery’s, musea en op literêre festivals.
Ek mei it each op dy ûntwikkeling leit it yn de reden dat by it oansykjen fan sjueryleden foar literêre prizen – in taak fan Tresoar yn opdracht fan de provinsje Fryslân – út ferskillende dissiplines tape wurdt. Bykommend foardiel? It bewarjen fan ôfstân ta it lytse literêre Fryske fjild.
EELTSJE HETTINGA