LEUK EN LEAF – Nij literêr tydskrift foar Fryske horror

horror2
“Wy stribje in sûne literatuer nei.”

 

De Fryske literêre kanonnier Minne HipHopkema set yn in dependânse fan it provinsjehûs útein mei in nij literêr tydskrift dat de titel LEUK EN LEAF meikrigen hat.

It tydskrift set heech op by it ferbetterjen fan it literêre klimaat. Wy stribje in sûne Fryske literatuer nei, ja, jo hearre it goed, in sûne Fryske literatuer. Net altyd mar kankerje en ôfjaan, mar salvje en strike, mei-inoar yn iendracht, opbouwend en posityf. Dat bringt neffens ritmeester Hop-hop-Hopkema in soad frede en leafde. Dêr is in grut ferlet fan yn de Fryske literatuer. Dat degenerearjende elemint fan de negativiteit, dat synisme en sa, dat moat derút, oars wurdt ús literatuer net better.

De redaksje dy’t tige noed stiet foar de Mienskip, sil regaad meitsje wannear’t bliken docht dat de toan fan de tonge yn de bydragen net goed is of de kleur fan de bydragende literêre broek of, hoeper-de-poep, de bydragende letterkundige jûpe, der net op troch kin.

LEUK EN LEAF hat in ryk ferskaat oan nijsgjirrige rubriken, lykas ‘De soune skrjieuwer’, ‘De linige draaidoar’, ‘It eigen winkeltsje’, ‘It nije skouke’, ‘De reade tosk’ en ‘Krij no de hik’ .

LEUK EN LEAF is neffens inisjatyfnimmer ds. Minne HipHopkema objektyf, ienfâldich en fersteanber, Frysk-Frysk, foar de mienskip en de mienskipsmins, sis mar, foar dat wat boppe it persoanlike út giet.

Teffens wol it blêd op sosjaal en etysk mêd it goede foarbyld sjen litte, bygelyks troch de altyd fleanende amtners en harren allike hurd dravende literêre klerken in minsklik gesicht te jaan. Allegearre bêste minsken dy’t allegearre, stik foar stik, har bêst dogge foar it bêste lân fan d’ ierde en soks, bêste minsken, mei ek bêê…êêêst ris wurdearre wurde.

LEUK EN LEAF, it set útein, sa waard fan’t wykein op it boekefeest yn de finzenis yn Ljouwert bekend, mei in oersetting fan it ferhaal ‘The System of Dr. S. and Prof. H.’ fan Edgar Allan Poe.

LEUK EN LEAF, ít tydskrift foar de nije Fryske horror!

Bydragen kinne stjoerd wurde nei info@dejavu-debaarnendebakkerstifting.nl

.

.