London Bridge – Nachtpost – IV
LONDON BRIDGE
1.
By de rivier dy’t de stêd yn twaen dielt, docht
Hear Hugo B. syn rek en strek, heft by it nijs fan
de dea yn ’e biblioteek de hannen nei de himel,
rûkt fan stjerren it bloed yn de stasjons en
kroegen fan Paris oant Aldgate East. In lange
sleep spoken sjit wolkjendewei de weagen oer..
Reinwetter rint as reade snotte by de tûken del.
De dei leit fets en tremt yn de hoeke fan it park.
2.
Dêr’t de metro de ierde yndûkt, ropt it opdoste
graffity-wurd: ‘God so Zero.’ Der wurdt lake
om de kartoon mei de Ingelske bolhoed dy’t
rojaal fan gebaar by de kliffen del stapt. It reint
messen en kalasjnikovs op ’e foarpagina’s fan
de tabloids. Hear, hear de horden, dravend en
flokjend as skom oer London Brêge, in balten
mei it wjerlûd fan in hoar ûntploffend stadion.
.
3.
Der wie in knyft dat de hals fan in taal trof,
in geweld dat terms takkeboske en bloed
te drinken kaam fan sy dy’t it ferpofte en
knibbelje foar it bline mantra eigen-folk-earst.
De kiosken knapten fan alle moard en brân
omtrint út harren fel, de ophys, ay, hoe djip
stekt it lims fan de hate achter it spotlaitsjen
fan d’ Iago’s yn Europa’s grûnich skimeryk?
.
4.
By de biblioteek oan de rivier, dy’t fan tiid
de skiednis ken, klimt Hear Hugo B. dronken
syn trapeze yn, swingt linich hinne en wer
mank twa strjitlantearnen en swaait en ropt
mei
de flaphoed kaputt: Bid, bid foar Jo Cox.
Alder as tiid skynt de moanne út in reade
dûmens, in buldog fan namme Weimar sjit
yn ’t spoar fan in dûnkere skym de Big Ben yn.
.
©EH
.
.