Lucian Freud – de neakene pine taastber

Lucian Freud
Lucian Freud, self portrait

Oan opsnolke uterlike moaiens of in krekte naturalistyske werjefte hie de Ingelske skilder Lucian Freud gjin boadskip. Syn figueren binne delset as skulptueren, granyteftige lânskippen. Fan it fotomodel Kate Moss lei er sûnder omhaal it gesicht fan de siele bleat. It is in sublym soarte fan libben-ûnder-de-hûd-skilderjen wat Freud docht. Fan datoangeande wie er in psychologyske skilder, in rauwe ekspresjonist.

Lucian Freud (1922-2004), berne yn Eastenryk en pakesizzer fan Sigmund Freud, kaam ein jierren tritich, doe’t Eastenryk him by Dútslân foege – der Anschluss – mei syn âlden nei Ingelân. Ynearsten makke er detaillearre krekt wurk, miniatueristysk hast.

Ut dy tiid is ek it ûntheisterjend djip snijende portret Girl with a White Dog. Tegearre mei Francis Bacon, waans wurk yngeand beynfloede is troch de erotyske en a-teologyske geskriften fan de Frânske skriuwer, dichter en filosoof Georges Bataille, en Ben Nicholson wie er yn de jierren fyftich en sechstich ien fan de jonges dy’t de skilderkeunst yn Ingelân in nij, foaral eksistinsjeel gesicht joech, har wurk wurdt faak ta de saneamde ‘London School’ rekkene.

 Francis-Bacons-painting-of-Lucian-Freud

Francis Bacon’s painting of Lucian-Freud


.
Dêr’t Bacon de skilder fan de wrede ferfoarming is, dêr is Freud de man fan it ûnmeilydsume ferfal. Beide skilders binne yn har wurk lykwols rou, hurd en bytiden de agressive kant it neist. De neakene pine taastber.

By Freud gjin sentimint, dimmenens, skrutenens of oare foarmen fan weromhâldend wêzen. Rimpels en tearen, wâlen ûnder de eagen, hingelbûken, klompfuotten, der is neat dat syn skilderseach ûntkaam. It is de pine fan it neakene allinne-wêzen, de minsklike breklikens dy’t it each slacht.

Freud syn doeken binne losjes op set, de ferve is tsjok, de toets breed en massyf, wylst er op in bytiden Rembrandteske wize gebrûk makket fan skaad en ljocht. Lykas by Freud syn stedsgesichten leit er hast altiten in dûnkere somberens oer syn wurken. Der siet mankelikens yn de bargehierren fan syn skilderkwast. Like maklik as er himsels portrettearre, sa makke er ek syn portretten fan freonen, famylje, kollega-keunstners en freondinnen. Syn wurk hat datoangeande in sterk biografyske ynslach.

Kate Moss
Kate Moss

.

It monumintale, realistyske wurk fan Freud stiet winliken yn in lang klassike tradysje, as it om ûnderwerp en foarm giet. It wurk fan de Hollânske ‘meesters’ lykas dat fan Frans Hals, mei dêrnjonken dat fan Cézanne wienen him in foarbyld, benammen as it om de skaadpartijen gong. As keunstner wie Freud in yndividualist pur sang, hy liet de earen en eagen net sa gau nei oare keunstners út syn tiid hingje , sterker, ien as Picasso fûn er ‘absolút ferdjerlik en fergiftich’, foar it wurk fan Man Ray hie er net mear wurden oer as ‘bolbjirken en fulgêr’, wylst er de doeken fan de Dútske skilder Max Ernst ôfdie as ‘swier en stiif’.

Oer syn eigen keunst hat er nea net folle sein. Hy wie yn dy sin de ȏfhâldige kant neist. Utsein de prachtige BBC- dokumintêre [ sj. hjirûnder] sil it net fernuverje dat er amper ynterviews jûn hat. It iennige wat er oer syn keunst te sizzen hie, wie sa likernôch dit: ‘The main point about painting is paint: that it is all about paint.’

De portretten, gesichten en neakenfigueren fan Lucian Freud seach ik foar it earst yn Londen, healwei de jierren tachtich. It wie min ofte mear tafal, omdat it doel fan de reis de útstalling fan it wurk fan Francis Bacon yn Tate Gallery wie, in eksposysje dêr’t ûnder mear ek Three studies for a portrait of Mick Jagger te sjen wie, yndertiid ek wol de iepen hûnehokmûle fan Mick Jagger neamd.

It wienen lykwols net inkeld de doeken fan Bacon dy’t my yn de besnijing hiene, mar ek de gesichten en portretten fan Lucian Freud sa’t ik dy yn Londen foar eagen tsjoend krigen hie. Elk part fan it lichem is by Freud as in libben, alles fertarrend stik fjoer. Der is ûnmeilydsum hurde honger fan de tiid dy’t stadichwei it minskene gesicht ferskuord en útbiten hat. Ik leau dat ik nei it sjen fan it wurk fan Bacon en Freud, destiids yn Londen, stadichwei ferlost bin fan wat yndertiid it gesicht fan de skilderkeunst bepaalde: it minimalisme en de abstraksje.

.

 

Night portrait
Night portrait

 

lucian_freud005
Sleep
kate Moss en Lucian Freud
Kate Moss en Lucian Freud

 .

.