‘melklokaal’, nije eksposysjeromte foar de keunst op It Hearrenfean
Meikoarten iepenet de nagelnije eksposysjeromte ‘Melklokaal’ op It Hearrenfean de doarren foar de útstalling SJEN, in seleksje út it wurk fan de fan ’t maitiid ferstoarne byldzjend keunstner Sies Bleeker, gearstald troch Minke Postma, dy’t de neilittenskip fan Bleeker beheart.
Melklokaal, in inisjatyf fan byldzjend keunstner Albert Oost en grafysk ûntwerper Monique Vogelsang, is ûnderbrocht yn it eardere suvelfabryk ‘Jagtlust’, fuortby iisbaan Thialf. It giet om in tentoanstellingsromte foar hjoeddeiske keunst. Jierliks sille der seis útstallingen holden wurde, mei wurk fan sawol lokale as nasjonale keunstners. Neffens Oost beweecht it gehiel him “op de grins tusken keunstnersinisjatyf en galery.”
Fan Melklokaal, dat fjirtjin septimber iepene wurdt troch deputearre Jannewietske de Vries, wie mear as ferlet, al wie it mar omdat der op It Hearrenfean sels al in hiel skoft gjin galery of oare eksposysjeromte te bekennen is. Oost: “Wy wolle oan it wurk, sa’t bygelyks Syb Hellinga dat oait yn de begjinjierren fan Syb’s Huis yn Beetstersweach die. Dat betsjut in soad nije en talintfolle keunstners bringe. Wy meitsje in keuze op grûn fan persoanlike belutsenenheid en affiniteit. Dêrby giet it sawol om solo- as groepseksposysjes.”
Nei de eksposysje SJEN stiet twa moanne oanien it wurk fan skilder Jochem Hamstra op it programma, in like nijsgjirrige as fortúnlike keuze.
MELKLOKAAL, Herremaweg 20, It Hearrenfean, vr.-zo 13- 18 uur, http://www.melklokaal.nl