‘Mortlake’ + fideo-opname fan it gedicht

(25-07) – De flecht. De fal. Koartby klettere in ferstekkeling dea út it lâningsgestel fan in fleanmasine boppe Mortlake, in foarstêd fan Londen. De reis fan in bline passazjier sûnder namme, sûnder lân. Hoe’t fan in dream, yn de nok fan simmer, oars net bleau as in gat yn it grint. Oer de ‘stowaway’ it gedicht ‘Mortlake’.

MORTLAKE (1)

*

In flesfol wetter. In hompe bôle. Genôch
foar de oertocht fan in oere as wat
de oseaan oer. De dream en gean, djip
ferstutsen, ûnder yn it gestel fan
in Boeing, op nei Ingelân. De himelfeart.

In skodzjen en beevjen it oangean fan
motoaren, in leven like fûl as
de langst en wurdt foarby de honger,
de terreur, al datjinge datsto dysels
betocht hiest, de blauwe oeren troch.

*

Boppe dyn holle, in laach heger, waard
muzyk lústere, in film sjoen of apt
mei it thúsfront, sa’tsto dat dy sels
foarsteld hiest, in snein, kuierjend oer
London Bridge, sizzend: ’k Ommeroan.

De huver. De skrik. De leabrekkende
luchtsek. Klap. It omraken nei siken
gapjende lichem, it hert fan kjeld
beset, neigeraden datsto tichteroan
de himel kaamst, it wurd ferwinterjend.

*

Heech boppe Mortlake klapte in bestean
nei ûnderen, te pletter njonken
de gjalp fan in famke, sinnebaaiend
yn in English Garden. De rûnom
opstowende dowen. Hoe’t fan in dream,

yn de nok fan simmer, oars net bleau
as in gat yn it grint. Do, Ikarus’ broer,
in man sûnder namme, sûnder lân,
mar yn al syn anonimiteit lykwols
in tel wrâldferneamd. Gods wrede scam.

.

©Eeltsje Hettinga, dichter fan Fryslân

.1 ‘Mortlake’ is skreaun n.o.f. fan in berjocht yn it NRC oer de deadlike fal fan in ferstekkeling út it lâningsgestel fan in fleanmasine boppe Mortlake. It fleantúch dat fan Nairobi kaam, hie der doe in flecht fan likernôch njoggen oeren op sitten. Gjin minske dy’t datsoarte fan reizen oerlibbet. By in hichte fan likernôch tsientûzen meter hichte klappe jins longen yn inoar. Men krijt net genôch soerstof mear, wurdt dwyl, rekket bewustleas en wilens  komt men te ferongeljen, meidat de temperatueren by in hichte fan tsien kilometer al gau oprinne nei in sechtich graden ûnder nul.

Friesch Dagblad, freed 19 july