Museum Heerenveen – tekeningen Elske Schotanus – 1 tot 30 dec.

(30-11) Ze tekent voornamelijk naar model, snel, in een los en krachtig handschrift. De weergave van het menselijk lichaam, met al zijn hoeken, glooiingen en schaduwpartijen is voor Elske Schotanus niet anders dan het vastleggen van een landschap. Van 1 tot 30 december zijn haar tekeningen in de Museum Heerenveen. Voor de expositie is een selectie gemaakt van werken op papier in verschillende technieken en formaten. Deze zijn te koop.

.
Yn Museum Heerenveen binne fan 1 oant 30 desimber tekeningen te sjen fan Elske Schotanus. Sûnt 1994 wurket se yn haadsaak nei model, snel, yn in los en krêftich hanskrift. De werjefte fan it minsklike lichem, mei al syn hoeken, skeanten en skaadpartijen is net oars as it fêstlizzen fan in lanskip. Foar de eksposysje is in seleksje makke fan wurken op papier yn ferskate techniken en formaten. Dizze binne ek te keap.

OVER ELSKE SCHOTANUS

Elske Schotanus schrijft proza, recenseert en publiceert in de Moanne over literatuur, kunst en toneel. Van haar hand verscheen onder meer een biografie over de schrijver en expressionistisch werkende kunstenaar Pier Feddema. De familiegeschiedenis In kop as in almenak werd genomineerd voor de Gysbert Japicxprijs. Ook Wurk – een roman waarin de hoofdpersoon zich na het verlies van zijn baan ontwikkelt tot beeldend kunstenaar – kreeg een gunstige ontvangst.

De maker ontmoeten? 16 december van 14.00-16.30 is zij in Museum Heerenveen een toelichting te geven. Ook de roman Wurk is dan te koop. Meer info op www.elskeschotanus.nl.

DE LINEN

foar ES –

Eagen dûke ûnder hûd en sliepen,
hâlde it skerp fan fjoer,
it blau fan dowen,
helje yn ien haal iepen alle sinnen,
skeppend de romte fan it lichem,
de siele dy’t fan Schiele is.

Hân en skrift hâlde in taal en gesicht
dy’t – ráák – sûnder mis fan
stimmen it teken stâle dat
libben in lânskip oan leafde seit.

Sjoch, de hannen: neat dat is,
alles yn skjintme deformeard.

Der giet in frou, de striehoed op,
mei fûgels dy’t like licht
as ljocht de wûnderaardige linen
fleane fan har lichem fisk.

St.. de taal dy’t wy partsje, is
it wurd dêr’t wy yn oernachtsje.
.

@Eeltsje Hettinga

.

Gemengde techniek op papier.