Nobelpriis literatuer 2014 – Patrick Modiano of Peter Handke

cafe
De lêste rigels út it lichte, mankelike en riedseleftige In het café van de verloren jeugd, mei ien fan de haadpersoanen (Louki) dy’t oait ferdwûn, letterlik dea ynein. (…) ‘Heeft ze geen brief achtergelaten?’, vroeg ik. ‘Nee. Niets.’ Hij was het die me vertelde hoe het gegaan was. Ze was op haar kamer, met een zekere Jeanette Gaul, ook wel genaamd Doodskop. Hoe kende hij Jeannettes bijnaam? Ze was het balkon op gestapt en had één been over de balustrade gelegd. Die Jeanette had geprobeerd haar vast te houden bij een slip van haar kamerjas. Maar het was te laat. Ze had nog heel rustig gezegd, alsof ze zichzelf moet wilde inspreken: ‘Het is zover. Laat je maar gaan.’

 

.De Nobelpriis foar de literatuer, alle jierren wer in feest. Yn 2011 krige ien fan myn favorite dichters Tomas Tranströmer de bekroaning. By de fertaling fan ien fan syn gedichten foar de wilens allang útferkochte bondel Wrâld, finster, gedicht (Bornmeer, 2003) wie al pleite om him ‘de Nobel’ te jaan. En it barde dat…

Wat my oanbelanget giet de Nobelpriis foar de literatuer 2014 dy’t moarn buorkundich makke wurdt nei Patrick Modiano, al wie it mar fanwegen syn masterlike romans Villa Triste en In het café van de verloren jeugd of nei Peter Handke. Dy mei him hawwe foar de roman dy’t my oait ferplettere hat: Wunschloses Unglück.

Al jierren oanien dûkt – knock, knock on Nobel’s door – ek de namme fan Dylan, Bob, op de kandidatenlist op, mar dat is mear foar de sjeu, hoe hurd alle miljoenen Dylan-fans der ek foar pleitsje om him yn Stockholm te bekroanen.

.

.