Ofskied as dichter fan Fryslân (2017-2019)

’t Hat west, it is. Myn Dichterskip fan Fryslân sit derop. De advyskommisje (Michelle Samba, Job Degenaar en Eeltsje Hettinga) hat foar de kommende twa jier in nije dichter fan Fryslan oanwiisd. Yn in wiidweidich sjueryferslach, in stik dat hjirûnder te lêzen is, jout de kommisje oan hoe’t hja lang om let by de nije dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, útkaam is. Ik gean oare, nije wegen. Nyk, alle lok. Let it grow.

 

Sjueryrapport advyskommisje Dichter fan Fryslân 2019-2021

Fryslân hat in breed poëtysk lânskip. Der binne Frysktalige dichters pur sang, dichters dy’t om utens wenje en dy’t it Frysk lang net alle dagen mear brûke kinne, mar dy’t noch wol bining ha mei de taal. Ek wenje der dichters yn Fryslân foar wa’t de memmetaal it Nederlânsk is, mar dy’t dochs in bân ha mei de provinsje en de literatuer en der binne dichters dy’t in oarstalige achtergrûn ha as it Frysk en it Nederlânsk, al dan net wenjend yn Fryslân en dy’t dêr likegoed in bân mei ha. Sjoen har wurk en publikaasjes sjogge we in breed skala oan uteringen. Sa binne der tradisjonele dichters, eksperimintele dichters, engazjearre dichters, natuerdichters pur sang, dichters dy’t crossmediaal en ynterdissiplinêr wurkje en dichters foar wa’t it poadium in wichtich medium is en dy’t har wurk dêrop oanpasse.

proseduere

It is de twadde kear dat der in Dichter fan Fryslân beneamd wurdt. De foarige kear, yn 2017, waard fan kandidaten frege in nij gedicht te skriuwen en in plan yn te tsjinjen mei de aktiviteiten dy’t se as Dichter fan Fryslân opsette en útfiere woene. Dêrneist makke in iepenbiere publyksstimming ûnderdiel út fan de proseduere. Diskear keas de provinsje foar in trije leden tellende kommisje dy’t de provinsje advisearret, neffens ús in folle effisjintere proseduere.

Kritearia
De kommisje hat in breed skala oan dichters en gedichten ûnder it loerizer lein en is oer it algemien tige te sprekken oer de kwaliteit, sawol nei foarm as nei ynhâld, wat de kar fansels net allinne dreech makke, mar ek in soad tiid en oerlis frege. Dochs hat de kommisje unanym west yn syn kar. Dêrby is sjoen nei in tal kritearia dy’t de kommisje foar dizze funksje fan belang achtet:

1) Kwaliteit
2) Eigensinnichheid / orizjinaliteit
3) Ferbining mei oare keunstdissiplines, lykas muzyk, byldzjende keunst en teater
4) Meartalichheid
5) Performance
6) Organisatoaryske feardichheden
7) Diversiteit (man-frou-genderneutraal, jong-âld ensfh.)
8) Ferbining mei de provinsje en/of mei it Frysk

Skets fan de Dichter fan Fryslân

De Dichter fan Fryslân hoecht net perfoarst fernijend, autentyk of klassyk oriïntearre te wêzen. Yn earste ynstânsje stie de kwaliteit fan it wurk foarop en de ôfwaging oft de dichter by steat wêze soe om op in stimulearjende manier by te dragen oan it Fryske poëzylânskip. Ek de performance achte de kommisje wichtich. De oare kritearia spilen net allinne op de achtergrûn mei.

Der is in grut ferskaat yn de presintaasje fan gedichten: fan poëzymasines oant multymediale en muzikale eksperiminten. De sjuery stelt it tige op priis dat in soad dichters dêrby de prioriteit jouwe oan kwaliteit, ynhâld en ynnovaasje. Dêrtroch krijt it wurkfjild in profesjoneel karakter. Oan de iene kant docht bliken dat de omfang fan it Fryske ferskaat oan dichters mar beheind is as it giet om de man/frou/genderneutraal-ferhâlding, de ferhâlding stêd-plattelân en de ferhâlding as it giet om leeftiid en komôf. Oars sein: de diversiteit is smel. Oan de oare kant is der in tal dichters dat har ûnderskiedt troch har, neist it skriuwen, suksesfol yn te setten as organisator fan meet-ups, netwurkgearkomsten en poëzyjûnen. Dat jildt sawol foar âldere, mear settele dichters as foar nije, jonge dichters en skriuwers.

We fine it wichtich dat der briedplakken binne foar skriuwers en byldzjende keunstners en dat sy by har inisjativen finansjeel better en aktiver stipe wurde. Hast struktureel ferlieze sy de slach. Krekt dit soarte fan briedplakken en organisaasjes binne it oe sa nedige ‘kapitaal’ foar de groei en bloei fan it universum fan de Fryske poëzy, sawol wat strukturele stipe fan âld en nij wurk oanbelanget, as foar ynspiraasje, krityk, eksperimint en útwikseling. It kritearium ‘eigensinnichheid/orizjinaliteit’ is hantearre by de ôfwaging op hokker wize it wurk skreaun wurdt, wat der skreaun wurdt en ek hoe it presintearre wurdt.

De kritearia ‘ferbining mei oare keunstdissiplines’ en ‘meartalichheid’ wiene net fan absolute aard om de Dichter fan Fryslân foar te dragen, mar soene al de trochslach jaan kinne yn it einoardiel. Foar it kritearium ‘organisatoaryske feardichheden’ seach de sjuery nei hokker projekten de dichter oant no útfierd hat en oft hy of sy in ‘open mind’ ha soe as it giet om nije gearwurkingsferbannen of it organisearjen fan events. As lêste waard rekkening holden mei de diversiteitskwestje. De kommisje fynt it spitich dat der yn ferhâlding mar in pear dichteressen yn Fryslân binne dy’t in rol fan betsjutting spylje.

‘Lokwinske’

Nei lang berie hat de kommisje derfoar keazen om de provinsje as advys mei te jaan Nyk de Vries de titel fan Dichter fan Fryslân ta te kennen. Hij foldocht yn sawat alle opsichten oan de stelde kritearia.

Nyk de Vries (1971) skreau as dichter de bondels ‘Motorman en 39 oare proazagedichten’ en ‘De dingen gebeuren omdat ze rijmen’. Dêryn joech hy it sjenre fan it proazagedicht in nije en fitale ympuls. It binne lytse juwielen, gauris geheimsinnich fûnkeljende kristallen dy’t in grutter hielal wjerspegelje. It Absurde is by Nyk de Vries net selden in motor foar syn poëzy. Yn de foardracht fan syn wurk is hy in treflike performer. De Vries skriuwt sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Syn wurk is yn meardere talen oerset. Hy debutearre yn 1996 yn it tydskrift De Blauwe Fedde, dêr’t hy ien fan de oprjochters fan wie. It realistyske wurk fan De Vries ken nei ynhâld yn ’e regel allerhande ferfrjemdzjende eleminten. Yn kombinaasje mei syn nochter iroanyske styl ûntstiet in eigensinnich en hyperpersoanlijk proaza. Film (David Lynch), muzyk, media, froulju, drank en mear yn it bysûnder de Fryske Wâlden binne typyske yngrediïnten en tema’s yn it wurk fan Nyk de Vries. Wy lokwinskje him fan herte mei de titel: Dichter fan Fryslân.

Eeltsje Hettinga, Job Degenaar en Michelle Samba (foarsitter)