Ongezocht ongeluk, Peter Handke – De taal, altyd te let

(23 febr. 2018) Ongezocht Ongeluk van Peter Handke is it boek dat my in klassiker wurden is. Sa by de jierren lâns haw ik it mear as ien kear lêzen. Soms kom ik it samar wer tsjin, lykas ferline wike doe’t ik, op ’e siik nei de ergens yn ’e hûs omslingerjende dichtbondel Het gesticht fan Menno Wigman, ynienen, boppe yn de boekekast Handke lizzen seach, Wünschloses Unglück sa’t de oarspronklike Dútske titel seit.

Ik lies it foar it earst op in simmerske middei, krekt tweintich, thús, yn it appelhôf, en waard omtrint ferplettere troch de beskriuwing fan de tragyske skiednis fan in frou dy’t fermeald rekket yn de benyptens fan in troch boargerlikens en katolisisme tekene plattelânsmiljeu yn Eastenryk.

Handke, sels fan Eastenrykse komôf, beskriuwt net inkeld, hy reflektearret ek, kear oan kear, op it skriuwen sels, en bringt guaris de ûnfolsleinens fan de taal op it aljemint, de taal dy’t de werklikheid net dekt, de taal dy’t altiten te let komt, benammen as it oer dy grouwélige oangelegenheden giet dy’t yn de tiid sa koart binne dat se foar wurden folslein ûngrypber bliuwe.

ferfrjemding

Ongezocht Ongeluk is yn wêzen in oanklacht tsjin in troch earmoede en konservatisme tekene plattelânsmienskip, dêr’t elk bestean as yndividu yn sjoen wurdt as in flok, lit stean dat in frou, yn dit gefal Handke syn mem, as famke in kâns krijt om oan dat alles ferstikkende, troch klasse en godstsjinst fergiftige libben te ûntkommen. ‘Zelf had zij zich iedere toekomst al vroeg uit het hoofd gezet.’

It laach fan boeren dêr’t se út wei komt, giet net allinnich yn de earste Wrâldoarloch fallyt, mar sil ek dêrnei noch in kear oer ’e mûtse gean. In oplieding sit der net yn. It garjen en sparjen fan kapitaal (as in jin bewissigjen tsjin de takomst) is wichtiger. Noch as famke noch as frou wint se harsels de selsstannigens dêr’t se oait fan dreamde. Systematysk is se de ûnderlizzende partij.

‘Elke uiting van een zelfstandig vrouwelijk leven gold in dit landelijk-katholiek milieu toch al als voorbarig en onbeheerst.’ (s. 31). Se trout, wurdt ferret en bedondere, trout opnij, set harsels mei har man, in dronkenlap mei tûzen en ien ambachten, yn de stêd nei wenjen. Earmoede. Húslik geweld. Ungelok, ûngemak en fernedering. Elke foarm fan seksualiteit in hûdfol skamte. ‘Ze werd een neutraal wezen, vervreemdde van zichzelf in de dagelijkse rompslomp.’

Stadichwei glidet se wei yn it like swarte as mankelyk meitsjende besef dat der gjin ûntsnap is oan har troch klasse en skiednis tekene miljeu. Finzen yn in houlik sûnder útsjoch, wêryn’t sels de bern har hieltyd minder treast en wille bringe, einiget it libben lang om let yn klearebare iensumheid. ‘Zij was, zij werd, zij werd niets’, of sa’t it letteroan noch in kear werhelle wurdt, as se, siik en te’n ein, pleage wurdt troch helske pinen yn ’e holle. ‘Het persoonlijke lot, indien dit zich al ooit als iets eigens had ontwikkeld, werd tot op kleine restjes in dromen onpersoonlijk gemaakt. (…) ‘individu’ was dan ook slechts bekend als scheldwoord.’ (s.49)

Se dwaalt troch de bosken, mar der is gjin plak, gjin rêst. Somtiden fynt se wat fan harsels werom by de skriuwers dy’t se lêst, Dostojewski, Gorki en letteroan Faulkner, mar ‘de literatuur bracht haar niet bij van nu af aan aan zichzelf te denken, maar beschreef haar dat het daarvoor intussen te laat was.’

‘Zoals in een dierentuin lag daar de vleesgeworden animale verlatenheid.’

Gjin dream dy’t rêdt. Folslein ferlern, berôve fan alle Sels dat noch weardichheid jout, waard har it allinne mar bestean ta in marteling. ‘Zoals in een dierentuin lag daar de vleesgeworden animale verlatenheid.’ (s.75)

Geandewei de fertelling ûnderbrekt de skriuwer Handke hieltyd faker datjinge wat er beskriuwt, bewust as er himsels is fan de ûnmooglikheid om, as it nypt en wedernypt, werklik wat te sizzen oer de essinsje fan it libben en wêzen fan syn haadpersoan, syn mem. Se bliuwt yn taal ûngrypber.

‘De zinnen storten neer in iets duisters en liggen door elkaar op het papier. (…) ‘Iets onbenoembaars’, heet dat vaak in verhalen, of: ‘iets onbeschrijfelijks’, en ik houd dat meestal voor luie uitvluchten; maar in dit verhaal gaat het nu werkelijk om het nameloze, om sprakeloze seconden van ontzetting. Het gaat over momenten waarin het bewustzijn een schok krijgt van afgrijzen; over schriktoestanden zo kort dat de taal voor altijd te laat komt.’

@Eeltsje Hettinga

Ongezocht Ongeluk
Vert. Martin Mooij,
Arbeiderspers, Amsterdam, 1973.