Paula Modersohn-Becker – In reis – Stimmen 8

Yn Museum Belvédère is op dit stuit wurk te sjen fan Paula Modersohn-Becker (1876-1907), ien fan de belangrike foarrinders fan it Dútske ekspresjonisme, sa’t dat begjin 1900 gesicht en foarm krige. Modersohn-Becker wenne en wurke yn Worpswede, de keunstnerskoloanje, súd fan Bremen, dêr’t ûnder oaren ek de dichter Rainer Maria Rilke yn de winter en maitiid fan 1900 in skoftlang omhúsmanne. Hy skreau nei oanlieding fan har ferstjerren – se wie krekt ienentritich – it lange, 293 rigels tellende gedicht ‘Requiem für Paula Modersohn Becker’. Dêrút twa strofen:

Sag, soll ich reisen? Hast du irgendwo
ein Ding zurückgelassen, das sich quält
und das dir nachwill? Soll ich in ein Land,
das du nicht sahst, obwohl es dir verwandt
war wie die andre Hälfte deiner Sinne?

(…)

Denn Das verstandest du: die vollen Früchte.
Die legtest du auf Schalen vor dich hin
und wogst mit Farben ihre Schwere auf.
Und so wie Früchte sahst du auch die Fraun
und sahst die Kinder so, von innen her
getrieben in die Formen ihres Daseins.
Und sahst dich selbst zuletzt wie eine Frucht,
nahmst dich heraus aus deinen Kleidern, trugst
dich vor den Spiegel, ließest dich hinein
bis auf dein Schauen; das blieb groß davor
und sagte nicht: das bin ich; nein: dies ist.
So ohne Neugier war zuletzt dein Schaun
und so besitzlos, von so wahrer Armut,
dass es dich selbst nicht mehr begehrte: heilig.

.

Sintraal by de útstalling Ein Wunderland, ein Götterland oer Modersohn-Becker yn it Belvédère steane de lânskippen om Worpswede hinne, dêrnjonken is der rom omtinken foar har portretten. Foar it wurk fan dyselde Modersohn-Becker reizgen Anne Feddema, Eddy Sikma en ûnderskreaune op in winterdei, goed tsien jier ferlyn, nei Bremen dêr’t yn it Hoetger Museum in grut part fan de skilder har kolleksje ûnderbrocht is. In heuchlike reis.

Allee…

It wie omtrint trijentritich graden ûnder nul, – ‘gevoelswaarde’ om der ris sa’n smoarch wurd om te sizzen – der waaide in straffe, Sibearyske wyn en snie hie nachts alle kaaien, skippen en wenten wyt ferve, doe’t de hearen skilders hjir, betide sneintemoarn, mei de bearemûtsen op en de Russejassen oan foar de doar stiene. Dat mocht ek wol, want de ferwaarming yn de auto wie stikken en de reis wie lang. Feddema lake der om: ‘Foor de keunst mutte je wat over hewwe, niet waar, allee…’ Oant Bremen bleau him de mûle net wer stil. Dat mocht ik him neffens Eddy Sikma, dy’t ûnderweis op de achterbank drok yn ‘e baan west hie mei it skinken fan jenever út in âlde, hoar klinkende treppot, lykwols net foar de fuotten smite. ‘Want, do bûke, do hast dy de rappert net minder faak ticht hân as Anne…’

De tocht sels waard yn 2009, doe’t Anne Feddema de Gysbert Japicxpriis foar syn poëzy krige, de oanlieding foar it skriuwen fan it gedicht ‘In Winterreis’, te finen yn de bondel Ikader (2012), dêr’t ik hjir de earste en de trije lêste strofen út oanhelje.

In winterreis

Bearemutse op, Russejas oan,
trije keningen op ‘en paad, sjongendewei,
oer Buddhapost en Boertange nei
Modersohn’s ivichheden,
jannewaris, East-Grins, de himel
ferlitten, in tankstasjon leech
yn kwalsterflakten, bûnt as striekarton,
in sneintemoarn, heal fernikkele.

(…)

Under Hoetgers kariljon waaide
iepen it ljocht yn de linen fan
Paula Modersohn’s lichem, in tún
yn in sinne dronken, mei in bern
dat sliepte yn har fleisholten simmersk:

        Kyk, su oak nou lacht myn Moeketsy
        alle dagen as hur Anne hur
        de panne met supengrottenbrij bringt.

Dêr’t de snie blynwei de Weser tajage
letten de klokken âlde fragen:
Hokker god is it dy’t it hert ek mar
ien knip foar de noas wurdich is,
bywannear’t de dea syn sko-ko-ko-loopke
om roufleis docht? Wat wurd, wat byld
rikt oan dat wat bûten sinnen leit
yn in werklikheid altiten kwyt?

Ut: ‘In Winterreis,’ Ikader (s. 65-66)

.
De útstalling yn museum Belvédère op it Oranjewâld is in masterstik, in gouden set fan direkteur Han Steenbruggen. Dêr kin Saskia Bak, direkteur fan it Fries Museum, noch wat fan opstekke. Steenbruggen hat Modersohn-Becker, dát it Fries Museum hie by wize fan iepening yn septimber dit jier op syn minst in kanon as bygelyks Emil Nolde hawwe moatten. De earste klap is in daalder wurdich, net wier?

wandkleed1
Saskia Bak lykwols skipet it publyk leaver op mei in abstrakt eko-stik fan Claudia Jongstra, in filten wandkleed dat wat sizze wol oer it nochal betommele en anakronistyske (folks)begryp ‘de Fryske siele’. (De nij-Fryske Beweger Bert Looper, teffens direkteur fan Tresoar, sil der meikoarten wol wer ien of oar heechopgeand ferhaal oer de romtlike estetyk fan Douwe Kalma’s grutte Noardseeregio by jodelje, in ferskynsel dat, om even by Looper syn idioom te bliuwen, op tige nijsgjirrige wize fan grutte betsjutting west hat foar de ûntjouwing fan de Fryske identiteit dêr’t wy as Friezen allegeduerigen op reflektearje moatte, wolle wy de útdaging oangean en meitsje de mentale reis nei in nije Fryske takomst dy’t ús allegearre oangiet… en alderhande oare Fryske bla, bla, bla.).

jannie regnerusMuseum Belvédère hat teminste in gesicht, dat kin fan it Fries Museum net sein wurde, want dat is ûnder lieding fan Bak sa linkenlytsenwei ferwurden ta ’t Griis Museum. Wêrom net foar in jier in (jonge) spraakmeitsjende konservator fan it kaliber Jan Hoet of Wim van Krimpen ynhierd en te soargjen dat mei ekposysjes en happenings tsien kear jiers de lanlike kranten helle wurdt. Hoet en Van Krimpen binne te âld, ja seker… Lykwols, hie it tefolle muoite west en beneam bygelyks in byldzjend keunstner as Tjibbe Hooghiemstra – hy timmeret al jierren oanien ynternasjonaal oan ‘e dyk – foar in (heal) jier ta gastkonservator, mei as opdracht ferbiningen te lizzen tusken keunst út Fryslân en Ierlân, it lân dêr’t Hooghiemstra noch altiten atelier hâldt, en hie it tefolle muoite west en beneam dêrnjonken bygelyks byldzjend keunstner en skriuwster Jannie Regnerus yn in soartgelikense funksje, mei as opdracht ferbiningen sjen te litten tusken Fryslân en Japan..?

TjibbeHooghiemstra-Norland-2012-50x70-gemengdetechniekopdoek72
Tjibbe Hooghiemstra – Norland

.

.

Hoe dan ek, der is fan alles te betinken, mar yn godsnamme doch wat, betink wat, betink inlist, talint te oer, salang’t it mar net de taaie, grize en neatsizzende ferhalen binne fan Saskia Bak dy’t as lege grammofoan pur sang alle kearen mar wer nei foaren komt mei it fertellen fan it ferhaal oer it ferhaal fan Fryslân dat elkenien as ferhaal ferhaald wurde moat, of om it mei in fariant op dat ferhaal te sizzen, sa’t Bak dat noch net al te lang ferlyn as ferhaal foar OmropFryslân út de doeken die: ‘Wij vertellen het verhaal over het landschap en de inrichting van het landschap, de dijken, terpen en het water. We vertellen het verhaal van de mensen, het verhaal van de Friese identiteit, de zoektocht naar die identiteit en hoe Friesland is verbeeld door kunstenaars, door filmmakers en reclamemakers.’

.