Poëzij fan Anne Feddema en Eeltsje Hettinga by galery De Vries yn Ljouwert

IKADER kopie
Omslach fan Sjoerd de Vries

Sneon 24 novimber set galery en keunsthannel De Vries oan De Turfmerk yn Ljouwert de doarren iepen foar in grutte jubileumútstalling. De galery bestiet dizze moanne tweintich jier.

By dizze nije eksposysje komt ûnder mear it wurk ‘Hynder’ fan Sjoerd de Vries yn de ferkeap. De tekening (mingde technyk op papier) waard spesjaal makke foar de koartby ferskynde poëzijbondel IKADER fan Eeltsje Hettinga.

Hettinga sels jout by de iepening fan de útstalling in koarte taljochting op dit wurk fan Sjoerd de Vries, lêst in tal gedichten út IKADER en sil de skilder, twaresom, mar no offisjeel, in eksimplaar fan de bondel oerhandigje. Dêrnjonken draacht Anne Feddema poëzy foar, ûnder mear de klassiker ‘Mozart op wei nei Praach.’
Yn de nije, fan 24/11 ôf rinnende eksposysje by galery De Vries, is wurk te sjen fan Gerrit Benner, Sies Bleeker, Etienne Elias, Anne Feddema, Alphons Freijmouth, Tjibbe Hooghiemstra, Henri Michaux, Yvan Theys, Bram van de Velde, Sjoerd de Vries en oaren.

De poëzijbondel IKADER is fan dy datum ôf ek te keap by galery De Vries