Poëzytips yn de LC-rubryk ‘Moanne fan it Fryske Boek’ -[update]

(31-03) Yn de koarte searje de ‘Moanne fan it Fryske Boek’ yn de LC koene skriuwers en lêzers de ôfrûne moanne harren favorite Fryske roman, gedicht of oare foarm fan Fryske literatuer oanrikkemandearje. De searje waard sneon ôfsletten mei in tal fan myn oanrieders: de fersesyklus Oh in stêd, ah in lân van Tiny Mulder en twa ‘skeppingsgedichten’ fan Hessel Miedema.

“De Fryske literatuer stiet oer alle boegen ûnder druk. Ek al tsjinje har nije talinten oan, it tal sels is te lyts. De basis is te smel. Net om ‘e nocht wie der juster op de Fryske Akademy in krisis-sympoasium oer de frisistyk.

En dochs libbet de Fryske poëzy, as in hart. In leger oan foardragers stapt tsjintwurdich, al sjongend, sprekkend en slammend, it lân troch. Muzyk- en literatuerfestivals as Welcome to the Village of Explore the North lûke alle jierren hûnderten besikers.

It binne de (poadium)dichters dy’t de kearn fan de orale poëzy – it magysk sprekken – ferbine mei alderhande keunstdissiplines, fan muzyk, fideo oant en mei dûns.

Dêrmei kom ik út by it wurk fan in tal belangrike dichters, dat boppedat in net ûnfertsjinstlik plak hat yn it Nederlânske literêre systeem. Yn willekeurige folchoarder: Tsjêbbe Hettinga, Anne Feddema, Albertina Soepboer, Elmar Kuiper, Aggie van der Meer, Wilco Berga, Nyk de Vries en Tsead Bruinja.

Ek al heart Arjan Hut net daalks by dat rychje, dochs moat er hjir neamd fanwegen syn boartlikens, fernimstigens en humor.

In hichtepunt is it noch altyd like aktuele Oh in stêd, ah in lân fan Tiny Mulder, in syklus fersen oer Venetië en Fryslân dy’t harren kultuer fierhinne bepaald witte troch de striid tsjin it wetter, de see.

Dêrneist steane, allike krachtich, byldryk en universeel, de twa grutte skeppingsgedichten ‘stadich brekke de foarmen út ’e skyl’ en ‘de greate wrakseling’ fan Hessel Miedema.

De earste oer in jong famke dat stadichwei har eigen seksualiteit ûntdekt. De twadde oer de byldhouwer dy’t foar fernijing fjochtet en him net fêstlizze litte wol yn âlde, bestjurre foarmen”

Eeltsje Hettinga – Dichter fan Fryslân

.
sjoch ek: